Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De holle fan Medusa

Keunst
PDF Print E-mail
fan Caravaggio*

Image

In krânse kronkeljende slangen
hie se om de holle wuolle,
’t kwea dat yn har siele krong,
en mei de eachopslach, troch bloed bekuolle,
hold sy oaren yn de tange.

Perseus, de held, seach net har eagen,
want syn skyld wie ek in spegel
doe’t it swurd de hals yn krong;
de eachopslach lykwols bleau tsjin de regel
fan de dea fol fan har pleagen.

Mar Caravaggio hat keazen
op it doek syn eigen holle,
dat gjin pleach him reitsje koe;
in gjalp, it waard Medusa doe tefolle,
fan syn antlit hat se wearze.

* Caravaggio (1571-1610)  krige de opdracht
foar dit skilderij fan kardinaal Del Monte.
Hy ûntliende it ûnderwerp oan de Grykske myte
fan Medusa.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum