oktober 27, 2022
fan Jan Kooistra
Hy is net mear ûnder ús,
mar wol noch yn syn kleare bylden,
dy’t ferhelje fan it oerbegjin,
hy fielde him op ierde thús.
Brûkber wie it Fryske sân,
dat út ’e djipte kaam dêr’t doe syn
âlden wennen, ’t eigen oerbegjin,
en sân út in fulkanysk lân.
Ierdetsjuster, net te sjen
wie yn de djipte fan it neat de
ierde, ’t oerbegjin hie noch gjin sin,
wat noch net wie, gie net ferlern.
Krekt oarsom, want wat it wûn,
wie ’t ljocht dat striele oer de rûnte
fan de ierde as it oerbegjin,
it ljocht dat noch gjin libben fûn.
Ljocht brocht wol de skieding oan:
it ljocht de dei, de nacht yn ’t tsjuster,
dat sa kriich de tiid in fêst ferrin
en folge nei de nacht de moarn.
* Jan Kooistra (1950-2021)
Skilderij ‘De earste dei’
november 14, 2024
november 7, 2024