fan Jacques-Laurent Agasse*
fan Edwin Landseer**
Wêr leit de romte foar it bist
dat dravend troch de fjilden giet?
De jachthûn stekt de earen op en stiet,
want troch syn harsens klinkt: ‘Dêr is ’t!’
Hy draait him om en hat wer gong,
komt mei de tonge út ‘e bek
by ’t spul en hâldt him yn, want net te gek,
it wachtsjen is no op ‘e sprong.
Syn blanke maat jout it wol oan,
dressuer stiet altyd op ’t program,
ferplichte foar de jacht en ek syn stam,
sa wol de frouwe op ‘e troan.
Dan hy yn ’t hege Skotse lân,
dêr leit de romte foar swart-wyt,
klear foar de frijheidssprong sa’t hy dêr stiet,
mar om syn hals sit noch de bân.
* Jacques-Laurant Agasse (1767-1849)
wie in master yn it werjaan fan de bân
tusken ruter en hurddraver.
** Edwin Landseer (1801-1873)
eksposearre al yn de Royal Academy
fan Londen doe’t er sechtjin wie. |