Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bûgd

Keunst
PDF Print E-mail
fan Marcus Collin*

Image

De wolken wâlen, ingels fan it kommend kwea:
”t Sil net lang mear duorje,
dat jim rêde ’t net!’

De rispers bûgden, ha de skeaven rjochtop set:
‘Lit ús wrotte, skuorre,
tink net oan de lea!’

De bliksem sette ’t golle gea yn ’t skrille ljocht,
folge troch de twirren,
skeaven sloegen plat.

De rispers bûgden, troffen troch it tongerlot,
folge troch har bidden:
‘God hat ús besocht…’

It ljochtseizoen gie oer yn ’t sjongend ingellûd:
”t Sil net lang mear duorje
of dêr is it Bern!’

De bodders bûgden, ’t felle ljocht wie net te sjen,
glieden nei de skuorre,
tankjend: ‘God is goed…’

Image

* Marcus Collin (1882-1966)
skildere yn de folkske tradysje
dy’t Akseli Gallen-Kallela yn
de Finske keunst yntrodusearre
hie.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum