fan de Master fan Catharina van Kleef*
In ealman dy’t syn heil fûn
yn in boek fan tiden troch de dei
fan Metten oant Kompleet
en dy’t devoat op knibbels lei,
hie oan syn frou it boek jûn.
Hy boude foar Marije
in kapel dêr’t sy sa troch de dei
fan Metten oant Kompleet
it berntsje yn de earmen lei
om ’t heil har te fernijen.
Sa libbe hy mei letters
foarm- en kleurryk yn it heilbrevier
fan Metten oant Kompleet;
de ierde wie mar foar de sier,
it himelryk wat betters.
Gjin kapel mei goud omliste,
letters sierlik en mei kleur,
syn berte wie der foartst it wiste,
wol kompleet mei helm en fleur.
Tsjam, it jonkje fan it wûnder,
fleanend troch de ierdske tiid,
hy libbe letterlik bysûnder,
sûnder sier, mar wol wrâldwiid.
* It brevier, dat makke is troch
de Master fan Catharina van Kleef (sirka 1450),
waard brûkt yn it kleaster by it bidden
fan de acht tiden (fan Metten oant Kompleet).
Ealman Lokhorst fan Utert hat it boek meitsje
en in kapel bouwe litten.
Tsjam is de haadpersoan yn ‘De reizen fan Tsjam’,
in stripboek fan Luuk Klazenga (tekeningen)
en Willem Tjerkstra (tekst).
Tsjam is mei de helm berne, kin troch de tiid reizgje
en belibbet de frjemdste aventoeren.
|