Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bodegone

Keunst
PDF Print E-mail
fan Alejandro de Loarte*
Image

Hjir stean ik dan, dat ik soe sizze:
wolkom yn myn bodegon,
de herberch foar it sljochte folk
dêr’t myn persoan is inkeld tolk
foar lege magen freegjend om
de fisk en fûgels dy’t hjir lizze.

Ik soe it hingjen noch ferjitte,
do en brazem, bargepoat,
it blêd, al fisk- en fûgelfol,
lit sjen myn aard, gastfrij en gol,
sjoch dan net op in bistemoard,
want foar it iten moat men sjitte.

As fisk en fûgels binnen binne,
dan mei kaart en jild in spul
en ûnderwilens skink ik yn
de bêste boadegoadewyn,
in middel, nee gjin flauwe kul,
dat sjit it út en sûnder stinnen.

* Alejandro de Loarte (stoarn yn 1626)
wie in Spaanske skilder dy’t
it keukenstik fan de Hollânske masters
brûkte as foarbyld foar syn bodegone.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum