Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Biskop Nikolaas

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Wat wie har misdie dat se bryk
en bleat brocht binne nei it plak
fan de ultime die?

De boal fan it Romeinske ryk
stiet klear mei alle spieren strak,
hy is wol út ‘e rie.

En yn de fierte stiet publyk
dat amper kriget syn gerak:
de slach dy’t it straks mist.

It rûzet fan in grut gelyk:
de kop derôf mei fikse hak,
se wiene terrorist.

Mar biskop Nikolaas’ fersyk
klinkt skerp en set de boal teplak
om’t it gjin misdie wie.

Image

**

Sa strykt de biskop bline eagen
iepen foar it ljocht dat ûnrjocht
sjocht al yn de bernetiid as leagen.

* Ilja Repin (1844-1900) is ien fan
de belangrykste Russyske skilders
yn it realistyske sjenre.
It skilderij ‘Nikolaas fan Myra rêdt
trije ûnskuldich feroardielden fan de
deastraf’ is makke nei oanlieding
fan in besite oan syn nicht dy’t non
wie yn it Nikolskojekleaster by
Charkov.
De abdisse frege Repin om in ikoan
fan Nikolaas te meitsjen. It is dit
skilderij fan 215 by 196 sintimeter
wurden.

** Dit skilderij fan Sint Nikolaas
hinget yn de roomsk-katolike
tsjerke fan Reahûs.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum