fan Gerard Bilders*
fan Willem Maris**
Wat libbet yn in bern
wannear’t de wrâld him lûkt?
It komt oerein om fier ts sjen
en harket, fielt en rûkt.

Sy hat dy tiid al hân,
is ier al op ‘en paad
mei heit syn geiten oer it lân
en siket middeis skaad.
Al oeren sit se stil
lykas de keppel leit,
’t ûntbrekt har oan in eigen wil,
omdat de heit it seit.

Mar yn de tiid werom
lûkt hiel it spul noch oan:
‘Sjoch om dy hinne, maat, en kom,
gean op yn ús fertoan.’
De kym is withoefier,
mar by har stean de hut
fan eigen fantasy en ’t dier
al ree fan kop oant sturt.
De ezels wurde wyld
as hynders yn galop
mei beide jonges ’t bernebyld,
folslein fan sturt oant kop.
* Gerard Bilders (1838-1865)
lit as skilder de oergong sjen
fan romantyk nei realisme.
Skilderij ‘Geitehoedster’
** Willem Maris (1844-1910)
Skilderij ‘Hoedersjonge mei ezels’
|