Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Berchfolk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joos de Momper*

Wa wol net op ‘e hichte bliuwe
fan wat tusken beide is:
de ierde en de himel;
op ‘e berch is men der wis
fan dat de wolken fierder driuwe.

Wat west hat, komt werom op ierde…
sjocht de sinne noch wat nijs?
De flakte is in grimel-
grammel: folk dat ûnderweis
is… wa sil harren fierder liede?

Image

Sigeuners wenje yn in hoale
op ‘e berch, har iennichst thús,
foar ’t ierdske folk yn ’t skimer;
healwei stiet in ljochtsjend krús,
sy ha as Him fersliten soalen.

Wat west hat, is werom op ierde,
boppe ’t berchfolk driuwt de wolk,
mar kin dy fierder liede?
Mozes is net mear Gods tolk,
it wurd slacht troch nei misse dieden.

* Joos de Momper (1564-1635)
Skilderij ‘Lânskip mei sigeuners’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum