fan Camille Pissarro*
fan Ids Wiersma**
Auvers, in doarp mei wite wenten,
plat, rûch smiten tsjin de hichte oan,
gjin plak foar heechmoed op ‘e troan
en ’t razen fan ferdoarne finten.
De himel sprekt fan wolk en sinne,
’t spul fan ljocht dat nei de delte rint,
dêr’t stilte it fan stappen wint
fan froulju dy’t soks hearre kinne.
Sa’t ingels boppe ’t lânskip sweve,
binne sy de lichte trêden wend.
Dronryp, it doarp yn ’t grien ferskûle,
lytse blokjes, readich as kontrast,
gjin plak foar ’t wenjen fan in foarst
of keardels mei in skerpe mûle.
It loftblau brekt de skiere walen,
struit it ljocht op ikker, skeaf en toer,
it rûzet hjoed it nôtfjild oer
dat froulju gean foar mânske halen.
Sa’t ingels bûgje foar it hege,
dogge sy dat foar de heareboer.
* Camille Pissarro (1831-1903), in Frânske skilder,
beynfloede jongere ympresjonistyske skilders.
** Ids Wiersma (1878-1965), in Fryske skilder,
joech it lânskip en boerelibben fan syn tiid wer.
|