Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Allegory fan de fergonklikens

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Op ‘e knibbels by de deade
harken se nei syn fersyk,
de Augustiner muontsen,
en hoewol’t dêr lei in lyk,
beskôgen se ’t fan wearde:

”k Bin wat jim ris wêze sille
en ik ha ek sels ris west
wat jimme no noch binne;
‘k smeekje: doch foaral jim bêst
en bid foar ivich wille.’

De ivichheid ferhearde
’t Augustiner smeekgebed:
troch frouwen yn ferwachting,
faam Marije en Elisabet,
hat de dea it libben rêden.

Image

Sjedêr it Bern fan wille,
boartsjend yn it twadde hôf,
mei pauwen en mei ingels
wurdt it ierdske libben tov,
it kin de deade heger tille.

Image

Lykwols prate net ús deaden
yn it Frysk of it Latyn;
wy harkje wol nei ’t rûzjen
fan de wurden yn de wyn:
‘Unthâld wat wy jim learden!’

* Dit paniel fan 105 by 88 sintimeter is
sirka 1500 makke troch in ûnbekende skilder.
It hat yn de kapel fan it kleaster Sion by Delft
de muontsen konfrontearre mei
de fergonklikens fan it libben.
Nettsjinsteande in felle brân yn 1544,
de byldestoarm yn 1566
en de ôfbraak fan it kleaster yn 1572
is it paniel bewarre bleaun.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum