november 4, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
It tsjinne jierrenlang as wenning,
in Hâns-en-Grytsje hûs,
mar romte by de rûs
ferlike mei in skûtsjeroef,
it skip hiet ‘De Verlenging’.
It skûtsje waard yn it ferline
ferlange foar de fracht,
foar trettjin ton mear dracht,
mar like lyts bleau doe de roef
om krekt de kont te winen.
It moast werom nei it ferline:
ynkoartsje sa’t it wie,
lykas de bouwer die,
mar grutter waard de skûtsjeroef
om silersfolk te binen.
Gjin sprake fan oerstallich izer
troch tûke keaplju kocht
foar suver om ’e nocht;
‘Verlenging’ giet nei Earnewâld:
’t museum makket wizer.
oktober 28, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
Gjin folk mear op ’e lûken
as der net in reling is,
want komt de gyk oer, dan is ’t mis
en kin men yn it wetter dûke.
Dus komt de wetterplysje,
rûkt fan fierren al de bút
en dielt in flinke boete út,
de skipper kin soks amper hysje.
Lit bruorren Anker komme
om te pleitsjen foar ’t gerjocht,
dan giet de rjochter troch de bocht
en hoecht de skipper net te brommen.
Sjoch Eldert* ploechjesilen:
sûnder lûken op it rom,
gjin passazjier hoecht sa mear krom
en sels giet hy net foar de bile.
* Eldert Meeter