Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

In skjinne kont

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

In skjinne kont

De Pan kaam net op ’t Grouster jubileum,
want de skipper hie it net oan tiid
en gjin ferfanger wie te finen,
boppedat joech Grou gjin echte striid…
de kont wie derfoar wei te winen.

Dy hâlding joech in protte argewaasje,
dat de SKS kaam yn it spul,
de Pan moast by de bazen komme:
mei dy kont wie ’t inkeld flauwe kul,
Snits hoegde lykwols net te brommen.

Dochs koe de Snitser Pankont folle skjinner,
dus de hegedrukspuit der mar op,
de skipper wie derfoar te finen,
dat de Pan naam spegelglêd de kop,
hy hoegde him net op te winen.

in-skjinne-kont-2004

admin

It brûs foar de kop

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

It skûtsjesilen is in spul
dat spile wurdt as wie it earnst
de jierren troch, sa waard it wenst,
mar altyd nij, gjin flauwe kul.

De Grousters wiene fierwei earst,
yn ’t krisisjier* begûn de striid,
foar skippers wie ’t in drege tiid,
in moaie koelte joech de geast.

It spul nei fiifensantich jier
wjerspegele de earste kear,
it âlde kaam mei ’t nije gear
en beide wiene libbenswier.

In dûbelspul komt krêftich oer,
it brûzet heechop foar de kop,
fier klinkt yn ’t âlde liet de rop:
‘De tiden troch oan ’t skûtsjeroer!’

it-brus-foar-de-kop-2004

* It jier 1929

Foto’s út ’e ‘Friesland Post’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum