januari 13, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2004
It skûtsje fan de Iselmar,
grien as it grutte wetter,
kriich mei de see in hechte bân,
mar hjoed wie ’t danich yn de war…
’t bedarre op it Frouwesân.
It swurd stiek net mear al te djip,
oars kaam it op ’e teannen
fan baaiers, allegearre fan;
sy hiene foar it skip in tip:
‘Lit elkenien de kont hjoed sjen.’
Mar doe’t it skûtsje stykjen bleau,
begûnen sy te blazen
en mei de skonken wyld te slaan,
sadat it skip op slach wer dreau,
it wie mei sizzen net te dwaan.
Foar baaiers wie de kont te sjen,
mar net foar oare skûtsjes,
dy bleauwen fan de sânfrou frij;
foar ’t seeskip wie de striid ferlern,
spytgnyskjend rûn it wiif foarby.
januari 6, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2004
It wiene start en wyn yn kombinaasje
dy’t besleaten oer de oarder by Langwar,
de skipper hie net folle kar:
de ien kriich faasje, mar in oar de argewaasje.
Mei wyn fansiden gie de float foar wûnder,
alle skûtsjes rûnen like hurd, gjin kar
om foar te kommen op ’e mar
mei droechten, inkeld foar it sicht wie it bysûnder.
De moaiste start wie foar de Heale Moanne,
dy’t frij sylde mei de wyn as bêste maat,
de skipper foel net yn it skaad,
syn plasse skynde heal as soe it derom spanne.
It wiene start en wyn yn kombinaasje
dy’t besleaten foar it skûtsje fan Langwar,
foar ’t wedstriiddoarp wie ’t yn de war:
plak fjirtjin wie te tsjuster foar de eigen naasje.