Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Hege spetter

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

De skoarstien stiet der wurkleas by,
lit hjoed gjin reekplom sjen,
de needsaak om te spuien
is hjerstmis as it waar is rij
mei wetter.

As skûtsjes foar de eare gean,
dan lit er him klear sjen,
mar net om reek te spuien,
as eachpunt bliuwt er stokstiif stean…
kin ’t better?

Hy lit him sjen as monumint,
is fan elk skûtsje fan,
sil op komôf net spuie,
is oan dy smiten folk wol wend
as spetter.

admin

Mei stil waar op ‘e kletter

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

In twirke, flaachje en ek neat,
de wyn gie leaver lizzen,
wurch fan al dat sinnewaar,
dat op De Lemmer rûn gjin baar
oer ’t strân, wol folk fierhinne bleat,
de skippers hiene neat te sizzen.

Se dreauwen yn de Lemster baai
as lamme wetterfûgels,
alle fjirtjin troch elkoar,
de iene skampte sleau de oar,
se krigen tagelyk de draai,
fan bûten kalm, ynwindich kûgelsk.

Foar ‘Oeral thús’ begûn it bêst,
sels op it Lemster wetter
wie er yn syn elemint,
mar oeral wêr’t ien neaken rint,
wurdt soms de earste alderlêst,
gefoelens reitsje op ’e kletter.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum