maart 10, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
Sjedêr de skûtsjes racen
yn de Wetterpoartestriid
om efkes noch te tinken
oan Dicky*, ’t wie syn tiid,
de float bleau achter lykas wezen.
Mar liet de konsintraasje
romte foar ek mar ien tins?
De skippers moasten tinke
oer slaggen, ’t wie de winsk
om skerp te silen en mei faasje.
Langwar koe skeaner knipe
as de oaren, mar it skip
tocht langer net oan faasje,
it barde yn in wip,
de tins kaam letter… mar begripe?
* Ta de neitins fan Dicky van der Werf
maart 3, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
Hy wie ferbûn mei ’t skûtsjesilen
as in soan mei skipper heit
yn goede en yn minne tiden,
winner of op ’t skip dat lêste leit,
hy hat dy rol mei ynmoed spile.
De heit hat hy oant ’t lêst ta folge,
ek as siet er net oan board,
hy seach him troch de finish kommen,
hie dan sels de hannen oan de skoat
oant syn jûchhei op slach ferstomme.
Der kaam in wiksel yn de rollen,
want de soan waard letter heit:
in nije wedstriid* ta syn eare,
wat in protte oer it soanskip seit…
hy soe opnij sa starte wolle.
* Op 28 maaie 2005 waarden
twa wedstriden holden
ta de neitins fan Dicky van der Werf