april 7, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
In skûtsje hat in eigen aard,
is berne foar de Fryske marren,
sylt op koarte weagen hurd,
mar is te lyts om him te warren
op it Waad.
De ‘Drie Gebroeders’ gie op paad
mei seis betûfte rekreanten
en oan board ek noch in hûn;
de driging kaam fan alle kanten
op it Waad.
De see, dy’t binnenskippen haat,
sloech mei in stoarm fan wynkrêft alve
ta, sadat it lytse skip
sloech om op weagen lykas wolven
op it Waad.
Elk minske hat in eigen aard
as hûnen, skippen en ek stêden;
sa ha helpers út stêd Harns
de seis mei harren hûn doe rêden
op it Waad.
maart 31, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
De skipper sit net oan it roer
en stiet der ek net nêst,
mar hat de pet wol op,
hy joech it helmhout oer
en dat foldocht hjoed bêst,
de silers binne top.
Se sitte yn ’t gemeentewurk
as tún- en timmerman,
mar hjoed foldocht it bêst
op ’t plak fan roef oant durk,
se nimme it derfan
mei hannen yn de rêst.
Mar komt it derop oan
mei yn it seil in reef,
dan hâldt de skipper fêst
oan wat hy fynt gewoan
en komt it skip op dreef
fan swurden oant de mêst.