Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Strakke spieren

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

DE komt heal yn byld,
wat jout De Jouwer faasje,
de fok skoot foar it giel,
de striid begjint mei graasje.

Sjoch hoe’t De Jouwer sylt,
de boei om skoaten fiere,
de kop wurdt al syn diel,
dus spanning yn de spieren.

Sjoch Allard* oan it roer,
de rêch fier oer de dramen,
de spieren lûke strak,
it komt hjoed oan op rame.

De kop rint him net oer,
hy sil him net fersinne,
giet yn it lêste rak,
mei faasje wol er winne.

* Allard Syperda

admin

Skûtsjeskilderijen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

Sjedêr, in skûtsjeskilderij,
dat makke waard yn Earnewâld,
wylst trije skippen stil posearren,
’t is te sjen: de skilder siet yn lij
en hat de blakte wol wurdearre.

Nei fiif minuten wie it klear
mei kleare kleuren, net te kâld,
dêrboppe ’t blau mei ljochte wolken,
’t is te sjen: de keunstner kriich de ear…
hy hat de wedstriid goed fertolke.

It bleau net by dit skilderij,
hy makke ek noch in portret,
te sjen is in gesicht mei wolken
reek: de wyn giet oan it skip foarby…
de skilder hat it waar fertolke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum