mei 26, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
Starums fiskers skôgen faak de loft
by buiïch waar, dan koe de wyn
de Iselmar yn see feroarje;
dus mar rap de haven yn
as wolken wâlen ta in kloft.
Skippers sylden op ’e Iselmar
wylst boppe har de driging hong
fan daliks sil it waar feroarje,
wat djip yn de koppen krong:
de haven waard de krekte kar.
Skermen op en seilen dan mar del,
de fiskers hawwe grut gelyk:
in kalme see kin wol bekoarje,
mar… slaan weagen tsjin de dyk,
dan wurde sels de fiskers kjel.
mei 20, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
It waaide dat it rikke
op Langwar, ’t wie mear as bar,
ûndjipte makke yn de war,
ien skûtsje koe de boaiem rikke.
Wat docht hy by de prikke
dy’t wat útstekt foar de kop?
Hy jout in wink, mar seit net: ‘Stop!’
De iene moat de oar net prikke.
De fokkenist lit fiere
wat er yn de hannen hat,
mar kin neat dwaan oan wat der bart,
de skipper sil it skûtsje fiere…
… nei it finishplak, teminsten
as it skûtsje fierder fart,
mar slacht it om, dan is it bard
en wurdt it op Langwar de minste*.
* Ljouwerter skûtsje