juni 9, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
Mei fleur giet elk De Lemmer yn,
it plak dat útsjocht oer de see
fan earder, lit hjoed fan de ree
de skûtsjes sile, jou har wyn.
Grimmitich lûkt de fokkenist
de skoat oan wylst it wetter spat
by ’t swimfest op, wiet wurdt de brot,
mar boppe alles klinkt: ‘Dit is ’t!’
De swurdeman lûkt in gesicht
fan wat krij ik yn ’t rjochtereach,
hy sjocht net op in spat of weach,
docht wol sa no en dan ien ticht.
De Lemmer sylt mei fleur op kop,
mar giet wat ûngelokkich ree,
wurdt tredde op syn eigen see…
de Lemster flagge komt yn top.
juni 2, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
De skûtsjes ha in kop en kont,
dêrtusken warings en ek dekken,
langer kin men it net meitsje,
mar soms wol in skipper leaver koart
om mar gjin boei te reitsjen.
De Lemsters leine lang op kop,
gjin konkurrint koe har berikke
oant de twivel sleat de eagen
foar de boei, want wie it stjoer of bak,
se ha it doe mar weage.
De boei kaam foar de Lemster kop
en skampte doe de hiele langte
sûnder dêrby leech te rinnen,
krige by de kont in hurde skop…
gjin kâns om noch te winnen.