juni 23, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Gjin twivel oan:
de poarte stie yn ’t seil
op Snits syn simmerwetter,
lykjend op in keningskroan;
hoewol’t de útslach better
koe, de Pan fertsjinnet heil.
Gjin twivel oan
sa tusken kryst en nij-
jiersdei, dy winterdagen
sprekke op in hege toan
fan elk syn wolbehagen,
wês der as de wjerljocht by!
De twivel slûpt
by Snitsers troch de kiel,
want hat de duvel boarte
mei de tekens, ien fersûpt?
Ferdeald, de wetterpoarte!
Grouster G snijt troch de siel.
juni 16, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
It is noch yn de iere moarn
as ’t skûtsjefolk de motors start
en nei de Snitser mar ta fart,
se komme ien foar ien dêr oan.
It giet om healwei trijen oan
nei wyndraai en in falske start,
wat foar ’t publyk net folle hat,
de earste slach is al bedoarn.
De Lemmer dy’t noch kânsen hat,
komt by de start folslein yn ’t nau,
de sterkste slach is foar Doarp Grou,
dy’t wol sa rap as Snits hjoed fart.
It wâlpublyk hat it wol sjoen:
in wyndraai en in falske start,
it skûtsjesilen is no bard,
Doarp Grou wurdt earst, ek kampioen.
It skûtsjesilen krijt in sturt,
wat wurdt troch ’t folk geduldich bean:
it rjochtop yn de rige stean
mei hjir en dêr in trochslaand wurd.