juli 7, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Gjin skûtsjeskipper sylt it jier
troch, dus hoe moat de soan it leare?
Slop wurdt sa de stjoermansspier,
de wâl sil dan it skip wol keare.
Mar net de helper yn de need:
de master fan it skûtsjesilen
jout in kursus, pak him beet,
sa wurdt de rol fan skipper spile.
Foar ’t oanbod op ’e Snitser mar
stean de kursisten yn in file:
sânentweintich, wat in kar
oan skippers dy’t nei jierren sile.
Op ’t droege is gjin oere droech:
technyk, taktyk en regels leare,
op ’e mar de oare boech,
de wâl sil dan it skip net keare.
juni 30, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Genede hat de sûnde wiske,
sa woe ek ús Leave Hear,
dy’t oer hege weagen rûn,
it risiko wie der net mear,
dus lit syn learling net mear fiskje.
Lit ús de koalstofmêst ferjitte,
mei dy stof wurdst kampioen
as gjinien it kwea ûntdekt,
dy kâns waard Ulbe* dus net jûn,
hy moast te bycht, yn ’t hokje switte.
Syn útspraak tsjin de hege hearen
waard de skipper ek ferjûn,
yllegaliteit gjin punt
mear, Ulbes silen wurdt wer sûn,
dus wêrom soene se him keare?
Wês wolkom, skipper, want genede
krijsto fan ús Leave Hear,
alle kwea is dy ferjûn,
do dochst it grif net noch in kear,
de SKS ferwachtet frede.
* Ulbe Zwaga