Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Elderts mûtske

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

Hy koe der wier net sûnder,
want it mûtske wie syn amulet
en paste by de reade noas,
fan mear hie Eldert* gjin ferlet,
hy fielde him der feestlik ûnder.

In ramp, want ûnder wetter
wie it mûtske fan de galgeman,
syn talisman fertsjinne oars,
want oars gie Eldert yn de ban
en waard er ûnder skippers ketter.

Hy woe it libben fiere,
dûnse mei de fammen yn it skom
mei blauwe teannen, read de noas,
it mûtske siet him wat te rom
en koe him langer net fersiere.

It gie net mear foar wûnder
yn de earste dagen fan de striid;
it mûtske wie der wer, mar oars,
te krap, de holle fierste wiid,
de noas bleau like read derûnder.

* Eldert Meeter

admin

Knikjes

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

Sjoch hoe skerp oft Piebe* sjocht,
foaroerbûgd, hannen op ’e skonken,
de skouders op ’e hichte fan it flak,
swier tillend oan ’t kontrôlefak:
is alles like sljocht en rjocht?

Wat hy sjocht, is net rjochtút,
de sydkant hat in hiel lyts knikje,
mar rekket yn de wedstriid kant noch wâl,
de skipper fynt soks grut noch mâl,
it is noch lytser as in nút.

Sjoch syn eigen nutenoas
en by de earen sit in knikje,
de loete hinget tusken snor en kin,
mar sile docht er net sa min,
dus sis no sels: hoe moat it oars?

* Piebe Wester fan de Kommisje 2000

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum