oktober 6, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
It koe sawat net minder
as doe’t de skipper by syn bertestêd
de Iselmar yn saaide;
Meindert* hie de slach net leard,
dat swimme koed er wol ferjitte,
mar hy wie it libben noch net sêd,
dus hysje, blinder.
Mar net troch eigen minsken,
omdat hy hong oan ’t skip fan Earnewâld,
wylst hy om rêding swaaide;
Meindert tocht: It giet ferkeard,
ik kin it libben wol ferjitte,
yn myn bertestêd wurd ik net âld,
neat noch te winskjen.
Dochs soe hy gau wer hingje,
de holle boppe ’t stiel fan ’t eigen skip,
wylst Meinderts soan him aaide.
* Meindert de Groot
september 29, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
It wie noch foar it sylseizoen
dat Jitze* net tefreden wie,
omdat de Heale Moanne rûn
oer bakboard better as oer stjoer,
hy wist net wat er dêroan hie.
Dus moast it skip de helling op,
want Jitze woe as skipper rêst
en as ’t in bytsje koe de top,
dan wie syn ûnstjoer grif wol oer,
omheech dus mei de steande mêst.
It kaam op ’t krekte mjitten oan,
de hellingbaas fûn ’t mankemint:
de skeane mêst hie it bedoarn,
it wie in kwestje fan in stoer
derûnder, sa kaam oer de hint.
It skûtsje kriich de gong deryn,
wûn yn in wike trije kear,
it gie mei ’t stuorke foar de wyn,
dat Jitzes tommen kamen stoer
de hichte yn, oan him de ear.
* Jitze Grondsma