oktober 20, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Al streekje wolken ’t wetter griis,
de skûtsjes brûzje der oerhinne,
kleurich, mei de hope op in priis
of skoot it needlot foar de sinne?
De liuw is roppich, rint hjoed hurd,
ferwachtet op it griis te winnen,
mar it swurk lûkt narjend oan de sturt,
it needlot lit it bist net rinne.
Sjoch hoe’t syn kop stekt foar it Fean,
bretaalwei sa’t dy rôvers kinne,
konkurrinten ha ’t der net op stean,
dus hat er oan it Fean in minne.
De liuw draaft troch, jout him net oer,
lit him op ’t striidtoaniel net kenne,
mar it grize needlot smakket soer,
wa’t roppich is, moat dêroan wenne.
oktober 13, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Al fyftjin jier gjin earste priis
en nea noch wûn op eigen wetter,
dat it waard de heechste tiid;
it smakke Klaas* syn soannen fiis
dat heit syn skip ferlear de striid…
wat deale, ’t moast meikoarten better!
It startskot klonk, wêr wie Wâldsein?
De W wie achter tugen rekke,
kriich it rom, kniep elk derút,
sa waard de earste slach al slein,
de striid gie om de folle bút,
fan ’t omsjen skeat it yn de nekke.
Al jierren langstme nei de priis
en foar ’t gefoel koe ’t altyd better,
sa woe heit it ommers ha;
sjedêr, fan freugde lang net wiis,
jûchheiden sy it einskot ta:
de earste priis op eigen wetter.
* Klaas van der Meulen
Soannen: Keimpe, Teake en Ype