november 12, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2007
It folk fan fier komt tichterby
en set him skrep om ’t wedstriidwetter
dat ferwachtsjend weaget, âld wurdt nij,
mar hoe, dat wit men oeren letter.
It âlde hearsket oer doarp Grou
dat útfart mei de skelle skûte
blazers dy’t de wyn nei wiid en nau
ferspriede op ‘e skûtsjerûte.
De fleugels nêst it rûne giel
fan sinnich útsicht yn de mêsten
krije fan de blazers harren diel,
wylst dizze skûtsjes seilleas rêste.
De skûte spilet op ‘e seilen yn
dy’t fol de fjirtjin sile litte
sjittend oer de line oan de wyn
fan stjoer- nei bakboard meters mjittend.
En as de striid nei’t einskot rint,
de skûteblazers luchtleech swije,
is ’t de debutant dy’t laitsjend wint,
sa lit it âlde him fernije.
november 10, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Om trije oere wie hy wekker,
want it mealde Piter* troch de kop:
hoe wurd ik fan ’e middei kampioen?
It meallen hold dy nacht net op,
it siet him lang net lekker.
De Snitser Pan wie net te kearen,
brûsde op en naam op ’t lêst de kop…
hie Douwe** foar de finish dan al wûn?
Sa rûnen de emoasjes op,
de einstreek soe it leare.
It waard in wrotten út ’e naden
op It Fean, op nei it twadde plak,
genôch foar ’t alderheechste: kampioen!
Se giene laitsjend út it dak,
de spanning waard ûntladen.
De skipperssoan briek út yn triennen…
as emoasjes fleane nei de top,
wa soe it sâlte wetter keare kinne?
* Piter Brouwer
** Douwe Visser