Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Swier waar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image

De winterloften dreauwen driigjend oan
mei stoarmwaar oer de sylkalinder;
de skippers woene minder yn it spier:
‘It skûtsjesilen is ús bybaan, blinder!’

De skippersfroulju tilden ek noch swier
oan fjirtjin dagen gjin fakânsje:
‘Wy fuorje ’t stel oant yn de lette jûn
mei spanning as ús iennige garânsje.’

Image

De pommeranten fielden harren bûn
oan fjirtjin dagen skûtsjesilen:
‘Wy fuorje ’t skouspul oan in grut publyk
en wolle der gjin wedstriiddei ôf skile.’

It folk joech elkenien doe syn gelyk:
‘Al knappe ek as prikken mêsten,
wy fuorje mei ús sinten harren ryk
en binne foar it spul de alderbêsten.’

Image

admin

Untslein mar net ferslein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1964

De kommisje fan de haadstêd hie him roppen:
‘Siete jong, wy moatte efkes oer it silen gear.’
De skipper syn idee: it skûtsje moat trochmidden,
‘k set in stik dertusken, sile foar de heechste ear.

Image

Mar foar Siete Meeter kaam de klap fan boppen:
skuorde seilen, brutsen mêst, se stoarten op him del.
It liuwke âle, dat sa trillen alle triedden:
‘Siete dyn ûntslach, do bist foar ús net mear yn tel!’

Dêr siet er yn syn arke
mei it útsicht op it skip:
de liuw dy’t er ferkocht hie,
dat no miste hy de grip.

Hie hy it goed beharke,
bleau it skûtsje oan de wâl
omdat it jild no op wie?
‘Helje dan in oar fan stâl!’

Image

As de skipper fan it wurd begûn te roppen,
dan belibbe hy de die en kaam it grif ek klear
mei eigen hân en jild fan ûnderen nei boppen
sylde Siete ’t jier dêrop tsjin Ljouwert foar de ear.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum