november 26, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2008
It wie de tiid, it moast wer heve,
oardel moanne noch, dan klonk it skot
earst echt, mar dit as generale
hie foar skipper-spilers dochs wol wat:
foar fol of reve?
De Snitser mar swom yn de sinne,
sloech de earms op twirren weagjend út;
de fjirtjin, sûnder noch ferhalen,
skôgen inkeld, namen doe ’t beslút:
foar fol foar ’t winnen.
Wylst tugen heech premiêre spilen,
kaam de twilling-float ferhalend del,
oan ’t roer wol trije admiralen
dy’t holden heech de reef yn tel
om lol te silen.
november 24, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2007
De Heale Moanne like ûndergien
yn hege weagen fan protesten,
’t hiele ljocht waard wei op Lemster jûn,
oan ’t nije rizen tocht gjinien;
hoewol’t er hearde by de bêsten,
like Snitser Wetterpoarte kampioen.
Mar sjoch, it ljocht brûst nei de mar,
wylst guozzen snetterje him ta:
‘Fan hege flecht moatsto it ha,
foar ’t lêst bisto no wer oan bar.’
De Heale Moanne nimt de kop,
fljocht heech en knipend oan de wyn
en hâldt ek rom de gong deryn,
mar Snits sylt mei in Yngling op.
De Wetterpoarte lykwols sakket wei
yn lege weagen, mar net lêste,
hat er oan it moantsje ’t foartou jûn,
dat folút skynt op dizze dei
en Snits, hoewol hjoed net de bêste,
flagget mei giel-swart as nije kampioen.