| Ut it skûtsje-argyf 1967
 De Snitser Pan hie poermin fearn, 
wie stadich nei plak njoggen sakke, 
’t lei net oan de lea, mar oan de klean, 
it seildoek wie in bongel, ’t moast wat flakker. 
  
Wol deale, gjin heal wurk, 
der moat in nij túch komme, 
smyt it âlde yn de durk, 
de priis is al besomme, 
leard fan wize lessen, 
wa’t net doart, komt achteroan, 
wy helje lege flessen 
foar fol túch foar moarn. 
  
De silers kamen yn it spier 
nei’t alle Snitsers dronken hiene 
folle molke, bearenburch of bier 
oant sneons de minsken hast op knappen stiene. 
  
Wol deale, in hiel wurk 
mei trekkers en mei weinen 
om de flessen sûnder koark 
en brekken op te heinen, 
sûnder tellen rûze, 
wa’t it wit, komt grif foaroan, 
it binne fyftjintûzen 
foar fol túch foar moarn. 
  
De Snitsers sylden ek dit jier 
mei ’t âlde túch, mar wol fermakke; 
lege flessen holpen har gjin sier, 
de Panne is wer nei plak njoggen sakke. 
 
  |