| Ut it skûtsje-argyf 1968
 Hy waard berne op ‘e grutte griene, 
krige yn it bloed it weagjen mei 
en noasters dy’t wiid iepen stiene 
foar de taan en tar wannear’t er lei 
yn ’t bedstee fan de durk te sliepen, 
dreamend fan it skippersrjocht, de dei 
dat hy as âldste oan it helmhout stie. 
  
Rjocht oerein hold Rienk syn idealen 
sa’t in Zwaga fan karakter wie, 
in inkeld wurd, gjin swetsferhalen, 
earm om ’t helmhout, komme ta de die 
mei weagjend bloed, de eagen iepen, 
skippersrjocht dêr’t hy as soan foar stie, 
it wachtsjen wie doe op syn grutte dei. 
  
Soe Langwar de griene lizze litte 
doe’t de soan fan Ulbe ien wurd sei? 
Hy seach it mei de swan wol sitten, 
rjocht oerein de hals, de fearren mei 
in rattelgong omheech en sile 
yn in minne twirre en dêr lei 
de griene fier by Zwaga’s dreamen wei. 
 
  |