december 1, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2008
Terherne, doarp mei daam en slûs,
ferbining tusken súd en noard,
krekt yn de midden fan it Fryske wetter,
do slûst de skippen by de rûs
en laadst it aventoer oan board,
farwol foar hjoed en letter.
Terherne, dyn ferline wie
foar skippers fan tichtby en fier,
sy foeren sels oer ’t Waad nei ’t wide wetter,
mar as de winter sprutsen hie,
sprieksto it wolkom wis en wier,
dyn haven wie dan better.
Terherne, plak mei haven dy’t
de âlde skippen wolkom hjit,
dyn doarpstradysje op ’t moderne wetter,
do sjongst farwol, it âlde liet,
de skûtsjes ta: ‘Ferjit, ferjit
my net foar hjoed en letter.’
november 29, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2008
Dêr’t yn Fryslân yn de midden
tusken greiden en de Ie
’t klokkelûd yn herten siedde
langstme nei wêr’t wetter wie,
dêr ha rûze reid en weagen
foar it skûtsje en de skou,
mei de kante toer foar eagen
sylden se nei ’t âlde Grou.
Dêr’t Sint Piter noch de eagen
glide lit oer doarp en mar,
fierder dêr’t De Tynje reaget
alle boatsjes út it far,
glydt de sleep fan skûtsjes neier
nei it fjild fan fûle striid,
touwen los en as in waaier
brûst it fierder wiid en siid.
Dêr’t de fjirtjin mei ambysje
fjochtsje om it earste plak
yn it brûs fan de tradysje,
folget Fryslân rak nei rak,
lykas dizze sneon Sint Piter
skôget ’t hillich striidfjild oer
mei de flagge as syn miter
en as stêf syn brede toer.