Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Lid fan fertsjinste

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2008

Image
Foto LC/Jan de Vries

Hy koe der neat oan dwaan
dat hy in lid waard fan fertsjinste
by de SKS,
’t gie benammen om it jaan
en dêryn wied er net de minste,
ús Ed Nijpels eks.

Hy hie it hert op ’t plak
dêr’t ek de fjirtjin skûtsjes wiene,
waarm en rjocht foarút
de snút nei ’t alderlêste rak
fan Snitsers dy’t de krânse hiene,
Douwe kriich de tút.

Wat kinne sy no dwaan,
de fjirtjin froulju fan fertsjinste
mei it waarme hert,
de kampioenen yn it jaan
fan tuten, rjochtút, net de minste,
mar dy krije ’t net.

admin

Op ‘e geast fan de wyn

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2008

Langwar fan hichte en fan djipte,
faak al ha dyn wjukken draaid
de wyn yn ’t folle seil,
mar lei dyn float ek net ferwaaid
mei tongerwaar en heil?

Image

Ek hjoed ha twirren ’t swurk oanjage,
driigjend oer de hege mêst,
wylst drippen sloegen fûl
de lea fan doek en stiel ta lêst,
de wyn wie sûnder doel.

Wat sil men dan op ’t wiet begjinne
mei ’t de skûtsjes falle stil
de deadske djipte yn;
al hat de skipper noch sa’n wil,
hy mist de geast fan wyn.

Image

Mar brekt it blau de skiere hichte,
dan sjocht men wat der bart:
de geast waait oer de mar,
it earst nei de ferlette start,
de skipper hat gjin kar.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum