Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Bollen op De Lemmer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Yn Spanje fjochtsje se mei bollen,
bisten dy’t it mier ha oan it read
as wapen fan de stoere strider;
giet it lykwols foar de fint ferkeard,
dan streamt it bloed him oer de holle.

Ek skippers binne bollefjochters,
stjit de iene op de oar syn kop
of kont, dan komt de reade lape
yn it want en rint de spanning op
oant foar de baalje fan de rjochters.

Sa flapten op De Lemmer reade
lapen foar fiif skippers nei de kop,
dy’t kleuren pears fan argewaasje;
oer de Iselmar klonk lûd de rop
dat net de wâl it skip mear kearde.

Image

Ien skipper hold in kalme holle,
dy fan Drachten*, altyd achteroan,
mar op de Iselmar yn ’t foarein,
bleau himsels en dat foldie him skoan,
it read-wyt-blau wie net foar bollen.

Image

* Hattum Hoekstra

admin

Fototastel as tsjûge

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Image

De bealich moast derop dy deis,
de Fluezen bearde, liet de seilen klappe,
loeten knapten lykas lúsjefers,
mar trettjin skippen bleauwen ûnderweis,
want skippers hâlde wol fan grappen.

Sa brûsde Siete* by de start
yn trance of foar de show, wyld as in bolle,
tusken rûnfeartboat en syljacht troch:
‘Sjoch, hoe’t dy Sintimeeter fart,
mei ’t reade lapke foar de holle!’

Image

De oare Meeter, Lodewyk,
wat jierren âlder en wat hierren grizer,
seach de reade boeien by Langwar:
‘Dy Lammert rekkenet him al ryk,
mar bûten ’t fjild mei syn bak izer!’

De sjuery frege om bewiis,
mar Lodewyk waard wyt en hie gjin foarstel,
ek gjin skipper dy’t wol tsjûgje woe,
dus hold Langwar de earste priis,
mar tsjûge waard in fototastel.

Image

* Siete Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum