Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Skûtsjepreekstoel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

De wyn waait wêr’t er hinne wol,
gjin minske kin dy streaming keare,
far mar mei, want sa hâldt men it fol,
de ûnderfining sil it leare.

Image
Frieland Post augustus 1993

De skipper keart him nei de wyn
om nei syn wet it túch te setten,
sylt dan folop mei dy krêft deryn,
ferleit yn elke striid syn swetten.

De wyn waait wêr’t er hinne wol
en twirret ek oer tsjerkewetter,
blaast de Geast, dan stean de seilen bol,
gjinien wurdt oansjoen foar in ketter.

De preekhear, skipper op it dek,
lit troch de Geast de wurden waaie,
Earnewâlds primeur is lang net gek,
de preek sil faak nei ’t silen skaaie.

Image

admin

Duvel Tjitte dea

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Image

Dêr sit er deakalm op it roer
mei blommen yn de rjochterhân,
al wer as kampioen,
hy jout him oan de hulde oer,
se ha it foar in jier wer hân,
mar hy bliuwt wol oan ’t helmhout bûn.

Hy siet as duvel oan it roer,
mar sprong ek wol fan stjoer nei bak,
sa linich as in slang
en as’t net woe, dan wied er poer,
it rûn net, slime as in slak,
sels foar gjin duvel wied er bang.

Doe kaam de tiid fan it is oer,
hy moast it roer út hannen jaan,
fan ’t skip en it bestean,
de duvel glimke, mar syn kloer
griep mis, koe Tjitte* net ferslaan,
hy bleau yn ’t klassemint noch stean.

Image

* Tjitte Brouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum