Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Gjin rûtekommissaris

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Fyftich jier al ûnderfining,
dat in wedstriid moat perfekt,
sa wolle skippers en publyk,
mar plakkommisjes binne net korrekt,
de skûtsjerûte leit soms bryk,
sa is de algemiene miening.

Wa kin soargje foar mear bining,
want it moat as ’t kin sintraal,
sa wurdt it útgongspunt gelyk:
in kommissaris sprekt grif kleare taal,
foar plakkommisjes goed ûntwyk,
mar dy ha wol in oare miening.

Image

Dus lit skûtsjes yn de dining
brûzje, want it rint perfekt
nei ’t sin fan skippers en publyk,
sa is ’t mar krekt.

admin

Libben ferline

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

In heale ieu al SKS,
in teken dat de skûtsjes libje
mei in entûsjast publyk
en striid op ’t skerpste fan it mes,
om’t skippers nei it heechste stribje.

Image

’t Ferline eaget altyd skier
mei skûtsjes, tsjalken en ek klippers
foar in steatlik klaaid publyk
mei huodden op ‘e Lemster pier,
de grutste spanning ha de skippers.

Image

In skûtsje fart op ’t Grouster wiet**
as teken fan in earm ferline
mei in man of fiif publyk,
dat op it each der sleau by stiet,
de skippers koene Grou net fine.

* Yn 1925
** Yn 1949

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum