Tsjinst op 1 febrewaris 2009 yn Hegebeintum
1. Tarissing
Op dizze fjirde snein nei Epifany,
de ferskining fan Jezus Kristus
as profeet ûnder de minsken
om syn ljocht skine te litten,
binne wy by elkoar kommen
as oekumenysk folk fan
Hegebeintum
om fan dat skynsel in glim
op te heinen foar ûnderweis.
Dêrby roppe wy de Heare oan
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him naam.
Amen
Om’t Psalm 111, fol lof oan de ferlosser fan
kweamachten, ien fan de skriftlêzings is,
sjonge wy dizze psalm de tsjinst yn
as proklamaasje fan goed nijs.
2. Sjonge
Psalm 111: 1 en 2
3. Ynlieding op ‘e tsjinst
Dizze tsjinst stiet yn it teken fan kweamachten en de ferlossing dêrfan.
Der binne twa soarten kweamachten,
dy yn de grutte wrâld om folken ûnder har hearskippij te krijen
en kweamachten yn de minske sels om oer him te hearskjen.
Oer de kweamachten yn de wrâld hat Robin de Ruiter in boek skreaun:
De 13 satanische bloedlijnen.
Dêryn sitearret er û.o. trije Amerikanen, twa presidinten en J. Edgar Hoover.
Abraham Lincoln: ‘Men kan een zekere tijd de hele wereld voorliegen,
de hele tijd een deel van de wereld voorliegen, maar nooit de hele tijd
de hele wereld voorliegen.’
John F. Kennedy: ‘Wij worden over de hele wereld tegengewerkt door
een gigantische, meedogenloze samenzwering.’
J. Edgar Hoover: ‘Het individu wordt gehandicapt doordat het oog in oog
komt te staan met een samenzwering zo groots dat hij niet kan geloven
dat dit mogelijk is.’
It is te hoopjen dat de nije presidint fan de Feriene Steaten de striid
tsjin dizze kweamachten yn de wrâld oangean sil: ‘Yes, we can.’
De twadde soarte fan kweamachten húsmanje yn de minske sels.
Yn de Bibel wurde dat ûnreine geasten neamd.
Wy sille dêroer lêze út it evangeelje fan Markus.
Doe’t ik de tsjinst tarette, kaam by my it byld fan de Alvestêdetocht
fan 1963 foar eagen as metafoar fan de striid tsjin de eleminten:
de fûle wyn rjocht fan foaren en de wiskjende snie oer it minne iis.
Dat byld sil yn de tsjinst fan de ‘Kweamchten’ meispylje.
4. Sjonge
Liet ‘It giet oan’: 1 en 2
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerken
Wansillich is de wrâld
as jild de oerhân hat,
want Mammon makket kâld,
de kimen wurde swart;
de nacht falt oer it lân
en tsjuster wurdt de wei,
de macht balt moard en brân
en bringt de krisis mei.
Gelokkich is it lân
as froast de oerhân krijt
en ’t folk komt yn de bân
fan wat syn lea befrijt;
de geast striidt tsjin de macht
fan mokerslach en fal,
de dei wint fan de nacht,
de finish skimeret al.
5. Gebed
Hear, ús Heit, dy’t himel en ierde skepen hat
en alle dagen ‘it is goed’ dêroer útspriek.
Wy belide dat it minskdom der net yn slagge is
om dat goede erfskip te behâlden, nettsjinsteande
profeten en rjochtfeardigen dy’t dêr alle war foar
dien hawwe.
Wy ha it fermoeden dat der ûndergrûnse machten
yn de wrâld omwrotte om oer jo skepping te hearskjen.
Jezus fan Nazaret, de Minskesoan en dêrom ek jo Soan,
hat dat oan lichem en geast ûnderfûn.
Dat is ek oan jo tsjinstfeint Jehannes iepenbierre,
wat er opskreaun hat yn it lêste Bibelboek.
En yn ús eigen tiid binne wy dêrmei konfrontearre
troch de manipulaasje mei jild-, oalje-, gas- en
wapenstreamen.
Hear, wy fiele ús as sljochtweihinne minsken
soms sa machtleas yn dit woeden fan de wrâld.
Dêrom freegje wy jo mei Psalm 111 om ferlossing
fan dizze kweamachten, want wy leauwe yn wûnders.
Wy freegje ek yn ús eigen yndividuele wrâldsje
om stipe, om’t it libben soms swier is.
Wy bidde, lykas Salomo om in wiis hert,
want al wa’t dat hat, sjocht it goed, sa seit Psalm 111.
En dan binne wy werom by jo goede skepping.
Amen
Gustave Doré
6. Lêze
Psalm 111
7. Sjonge
Psalm 111: 6
8. Lêze
Markus 1. 21-28
9. Sjonge
Liet ‘It giet oan’: 3 en 4
Unsillich is de man
waans geast gjin macht mear hat,
hy rekket yn de ban
fan wat yn ’t tsjuster bart;
de demon narret him
mei mokerslach en fal,
hy skreaut mei brutsen stim:
‘De ôfgrûn skimeret al.’
Gelokkich is de mins
waans geast wer romte krijt
en wjukket oer de grins
mei Jezus dy’t befrijt
fan demons kweade macht,
syn balten moard en brân,
de dei wint fan de nacht,
’t giet oan nei ’t Heitelân.
10. Ferkundiging 1
De minske as mystearje
Leonardo da Vinci
Piter Wilkens, ús Fryske trûbadoer, sjongt yn ien fan syn oansprekkende lieten dat it nea wat west hat, neat is en ek neat wurde sil. Dy wurden soene fan tapassing wêze op ‘e mentaliteit fan de Ljouwerters. Ik soe in part fan syn wurden brûke wolle yn de folgjende útspraak:
De minske hat altyd in mystearje west, is noch altyd in mystearje en sil altyd wol in mystearje bliuwe.
De minske as mystearje, as wat ûnbegrypliks, wûnderliks, as in wêzen mei beide fuotten op ‘e ierde, mar tagelyk yn de macht fan machten tusken himel en ierde. Hoewol’t de medyske wittenskip, psychology en psychiatry al in ûnbidich kennisapparaat oer de minske opboud hawwe, bliuwt dat wêzen op twa fuotten eins in mystearje.
Wat de wittenskippen al oplevere ha? Om trije punten te neamen:
– De minske is in ienheid fan lichem en geast: in strieljend gesicht by freugde.
– De minske is ferbûn mei de werklikheid: wy reagearje op wat om ús hinne bart.
– De minske besiket sin te jaan oan syn libben: troch te soargjen foar de bern;
troch te trainen foar de Alvestêdetocht;
troch keunst te skeppen;
troch de tsjinsten yn Hegebeintum.
Mar wat de wittenskippen noch altyd net witte, is de relaasje tusken de minske en wat boppe de minske útgiet, sa’t wy hjir sitte: de relaasje tusken ús en God.
‘Dat leit net op ús terrein,’ sizze de wittenskippers, ‘dat is in kwestje fan leauwen en dat gebiet leit ús net.’ Eins wolle se dêrmei sizze: it hat neat west, it is neat en it sil ek neat wurde.
‘Mar sjoch dan ris nei wat it west hat,’ sizze wy, ‘it leauwen is in kwestje fan tûzenen jierren.’
‘Sjoch wat it no is,’ sizze de wittenskippers, ‘hieltyd mear minsken leverje it leauwen yn foar de wittenskip.’
‘Mar ha jim dat artikel yn de Ljouwerter Krante fan 10 jannewaris dan net lêzen?’ freegje guon tsjerkeminsken.
De Puttense útbanner fan kweageasten
Hy hie natuerwittenskippen studearre en wist dus krekt hoe’t it yn de wittenskippen om en ta gie: neat oannimme watst net bewize kinst yn de werklikheid… de minske is ommers ferbûn mei de werklikheid, wie ien fan de trije punten fan de wittenskip.
Dochs waard er dûmny, miskien wol om’t de minske in mystearje is en mei it mystearje ferbûn is. Hy waard dûmny yn Putten, yn de PKN-tsjerke, fol mei minsken dy’t fan him ferwachten dat er wat te sizzen hie, dêrfoar wied er op ’t lêst dûmny wurden, dûmny dy’t mei sizzenskip it Wurd brocht. Mar doe barde der wat wat boppe dat sizzen útgie. Der wie in frou yn de gemeente fan wa’t sein waard dat se hieltyd mear bûten de werklikheid kaam te stean. It doogde net mei har geast, guon woene ha, in kweageast hie besit fan har nommen.
‘In gefal foar de psychiatry,’ wie it sizzen fan de wittenskipper, swiere depressy of skizofreny.’
Hoewol’t de dûmny man fan it wurd wie, sei dy noch neat, hy wie mei de kwestje ferlegen, hy hie gjin sizzenskip oer it gefal. Mar it wie gjin kwestje of gefal, it wie in minske dêr’t er mei te krijen hie, mei dizze minske dy’t:
– net mear in ienheid fan lichem en geast wie;
– net mear ferbûn wie mei de werklikheid om har hinne;
– net mear sin jaan koe oan har libben.
‘Krekt,’ seit de wittenskipper, ‘dizze trije punten komme my bekend foar, ‘ik soe sizze in anty-depressivum en in sessy kognitive gedrachsterapy, in kombinaasje fan medisinen en terapeutyske petearen, dan stiet de saak der oer in fearnsjier hiel oars foar.’
Hoe’t it krekt yn syn wurk gien is yn Putten, wit ik net, mar de dûmny krige sizzenskip oer wat der yn de frou omgie en holp om har geast wer suver te meitsjen.
‘Hy hat de kweageast útdreaun,’ woene se yn Putten ha.
‘In ûnwittenskiplike oanpak,’ wie it sizzen fan de wittenskipper.
‘Wy sille sjen hoe lang oft dit stânhâldt,’ sei de synikus.
11. Sjonge
Liet ‘Ut fjoer en izer’: 1
Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.
12. Ferkundiging 2
De autodidakt fan Nazaret
Hy hie de Skriften bestudearre, gjin natuerwittenskippen. Doe’t Hy as tolvejierrige yn de timpel mei de skriftgelearden diskussiearre, stiene se fersteld fan syn fragen en antwurden. Hy krige gjin kâns om fierder oan de Hegeskriftskoalle yn Jeruzalem te studearjen, want der moast yn de timmerwurkpleats fan heit Joazef oanpakt wurde, oars kaam der gjin brea op ‘e planke. Mar Hy hie in geast dy’t iepen stie foar de werklikheid om Him hinne en foar de machten boppe Him, dy tusken himel en ierde. Wat Hy ûntdekte wie dat op ierde lichem en geast libben as in twilling, dat de minske ferbûn wie mei de werklikheid en dat de sin fan syn libben lei yn leauwe, hope en leafde as in godlike opdracht. Sadwaande wie Hy syn tiid en de wittenskip fier foarút.
Doe’t Hy as autodidakt ôfstudearre wie, krige Hy, oprizend út it wetter fan de Jordaan, de godlike bul dy’t Him troch de do oanrikt waard. Dat mystearje waard it begjin fan syn karriêre yn oparbeidzjen mei tolve trouwe meiwurkers.
Hy begûn syn wurk tichtby hûs, yn Galilea, yn wat de elite in achterstânsgebiet neamde, ferlykber mei hoe’t de wittenskiplike pommeranten har útlitte oer Noard-Fryslân. Syn earste wurden, wiene: ‘It is safier… it giet oan… it sil heve…’ Yn tsjinstelling mei wat de wurden fan in ús bekende foarsitter teweechbrochten, in wyld entûsjasme, sette syn oankundiging it folk earst net yn fjoer en flam.
De útbanner fan Nazaret
Vincent van Gogh
Op ‘e earste sabbat rûn Hy mei syn meiwurkers nei Kafarnaüm om dêr yn de synagoge kolleezje te jaan. Syn namme hie noch net klonken en sels liet Hy Him der ek net oer út. Mar yn Him wie de oertsjûging dat it no safier wie, dat it oangean soe. En yn syn holle wjukke as in do it wurd ‘euthus’, no sil it heve! It soe in geastlike tocht wurde dy’t it folk noch lang heuge soe. Ien en al dynamyk!
It moat sein wurde dat syn wurden as stoarmtwirren ynsloegen yn de herten fan de sabbatgongers, sa’t in stoarm oer de bergen hinne delkomt op ‘e See fan Galilea. Ien en al beweging en sa rekken de herten fan de minsken ek yn in weagjende beweging sûnder dat de ynhâld fan de wurden ta harren trochkrong. Nee, net wat Hy sei, rekke har, mar hoe’t Hy it sei, mei sizzenskip, mei macht.
Doe klonk foar it earst syn namme: ‘Wat hawwe Jo mei ús te krijen, Jezus fan Nazaret?’
Rûch waard syn kolleezje ûnderbrutsen. Hy seach in man sitten, eins twa, want lichem en geast wiene ienlingen wurden; tusken him en de werklikheid wie in muorre as fan in finzenis oplutsen en syn holle eagen skreauden it ferhaal fan de leechte út, dat it libben gjin sin hie, want fol fan de kweageast wie.
Jezus fan Nazaret skôge oant yn it djipst fan dizze minske en wat de skreau al ferteld hie, dat de demon troch it neamen fan syn namme Him yn de macht besocht te krijen, dat krige er no dúdlik foar eagen: de macht fan it kwea. Dy macht stoarre Him oan, tagelyk útdaagjend, ferneatigjend en wanhopich: ‘Binne Jo kommen en bring ús yn it ferdjer?’
Doe waard de geastlike tocht op syn dreechst, yn de Noardwesthoeke mei de wyn rjocht op ‘e kop. Mar wat oangien wie, moast trochset wurde. Gjin sprake fan opjaan, mar krêftige wurden sprekke dy’t útkomst jouwe om oan te kommen. Want it giet om in minske: de minske as twilling, dy’t wer middenyn de werklikheid stean moat mei útsicht op Bartlehiem, Betlehem, Breahûs. As in kweamacht, de man mei de moker, dat útsicht ûntnommen hat, moatte krêftige wurden klinke: ‘Bek ticht en fuort do!’
Gjin kweamacht lit him samar ferjeie. Hy trapet nei yn de leechte fan syn slachtoffer en dat docht sa sear dat dy om him hinne slacht en it útraast. Mar hy slacht tagelyk de skonken út en sjedêr, hy kriget wer gong, komt twa kear by it Breahûs lâns, de earste kear foar syn lichem en de twadde kear foar de geast, dat dy twa wer ta in ienheid wurde, middenyn de werklikheid fan it prachtige lânskip fan it noarden, dat de skriftgelearden en politike pommeranten in achterstânsgebiet neame.
Tegearre geane se fierder, Hy mei in haadletter, no bekend by de synagogegongers as Jezus fan Nazaret, en de man fol fan de sin fan it libben, op wei nei de finish.
Rembrandt
En harkje ris nei it publyk, dat út ‘e synagoge kommen is, no oan de kant stiet en kommentaar leveret. Se binne der fol fan, de wurden fleane hinne en wer, euthus, direkt, fol dynamyk, want dit barren wie unyk. It wie as in stoarm dy’t mei wjerljochtflitsen oer de bergen raast en op ‘e See fan Galilea falt, wylst op ‘e mêsten fan de slingerjende fiskersskippen it diggelfjoer dûnset.
As diggelfjoer giet de rop fan Him hiele Galilea troch. Jezus fan Nazaret, dy’t dy moarns yn Kafarnaüm in glimke fan it mystearje fan de minske opljochtsje liet. Want it hat fan it begjin ôf wat west, om’t it oangie tusken God en minsken; it is noch altyd wat, om’t Hy trochset mei wat Hy oangien is; it sil alles wurde as by de finish syn Keninkryk folslein trochbrekt.
Amen
13. Oargelspul
14. Sjonge
Liet ‘Ut fjoer en izer’: 2 en 3
As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.
As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.
Ilja Repin
15. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
16. Sjonge
Liet fan de leafde
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken
Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.
Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.
Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.
De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.
De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.
Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.
De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.
17. Seine
Lit it sa wêze dat kweamachten yn wrâld en minske
ús net yn grip krije.
Lit it sa dan wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.
18. Sjonge
Liet ‘De frede fan de greiden’
De frede fan de greiden wês oer dy,
de frede fan mar en lân;
de frede fan de loften wês oer dy,
de frede fan waad en strân.
Djippe frede mei komme oer dy.
Mei Gods frede no groeie yn dy.
|