Tsjinst op 22 maart 2009 op De Jouwer
1. Tarissing
Op dizze fjirde snein yn de tiid fan de Fjirtich Dagen
komt der sicht op it beloofde lân.
Lit ús meirinne mei de Israeliten troch de Jordaan
en mei Jezus Kristus om de See fan Galilea hinne.
Dêrby roppe wy de Heare oan
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen
2. Sjonge
Psalm 136: 1, 2, 3 en 4
Gustave Doré
3. Ynlieding op it tema
Wy ha in part fan de bibelferhalen songen,
de skepping, befrijing út Egypte en de tocht
troch de Skelfsee.
Tagelyk is dizze psalm in stikje liturgy,
sa’t de hiele tsjinst ek liturgy is.
Liturgy hat te krijen mei it ferkear
fan God en syn gemeente.
Troch te sjongen, bidden, lêzen en troch
de ferkundiging besiket de gemeente oansluting
te finen by de tsjinstregeling fan God.
Wy stappe, om sa te sizzen, yn syn trein.
En God lit syn trein ride op it trajekt
fan syn Wurd, de Bibel.
Hjoed komme wy earst oan yn Gilgal,
in plak oan de Jordaan.
De namme Gilgal betsjut rûnte.
Net dat Gods trein rûntsjes draait,
want úteinlik komt er oan yn
it beloofde lân of yn syn Keninkryk.
Yn Gods trein steane de banken
net achter elkoar, mar yn rûnten,
want ûnderweis moatte wy elkoar
yn de eagen sjen kinne om de liturgy
te fieren.
Frjemd, dizze tsjerke hat in protte
fan gewoane treinen. Allinnich ik
kin jim rjocht yn de eagen sjen.
Mar lit ús dochs mar trochride
mei de liturgy, wa wit komme wy
ticht by it beloofde lân.
Edward Hopper
4. Sjonge
Psalm 136: 5 en 6
5. Gebed
Hear, hjir steane wy op it stasjon fan De Jouwer,
wy hawwe de tsjinstregeling foar in part al yn it hert
en wachtsje fol ferwachting op jo trein.
Eins binne wy al ynstapt doe’t wy Jo oanrôpen
as de God dy’t himel en ierde skepen hat.
Wy hawwe it ferhaal songen fan it folk Israel,
reizgjend út it slave- en deadelân Egypte wei
nei it beloofde lân.
En no is it gebed it folgjende halteplak
op ús eigen liturgyske reis.
Op dit plak hearsket de stilte, want dan kinne
de lûden fan ús hert opklinke,
lûden fan tank dat wy libje meie,
dat wy neisten om ús hinne ha
om rjocht yn de eagen te sjen,
dat wy te iten en te drinken ha,
dat it wiere libben boppe de muoiten
fan ús deistich bestean útstekt.
Mar wy binne ek stil om dy muoiten
klinke te litten,
de soarch om sûnens fan ússels en neisten,
de swiere stilte fan de iensumheid,
de drukkende lêst fan de rou
fanwege in leave neiste dy’t mist wurdt,
it driigjende spoek fan de wurkleazens,
de soargen om krisis en resessy.
Wy bidde, Hear, dat wy de trein net misse,
want dy rydt troch de nacht fan soargen hinne
dochs nei it beloofde lân?
Amen
6. Lêze
Jozua 4, 19 oant 5,1
Gustave Doré
7. Sjonge
Liet fan it beloofde lân: 1 en 2
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerken
Befrijd fan slavernij
gie ’t Godsfolk op ‘en paad,
de geast en ’t lichem frij,
hat Mozes harren laat,
in tocht oer stien en sân
mei fjoerkolom en wolk
nei ’t fiere heitelân,
sjedêr komt Jakobs folk.
Gelokkich folk dat streamt
troch ’t bêd fan de Jordaan,
in rige dy’t al dreamt
om tinten op te slaan,
in rûnte as in wolk,
in waarmte as fan fjoer,
’t is feest foar hiel it folk,
it hat no rêst en doer.
8. Lêze
Jehannes 6, 4-15
9. Sjonge
Liet 57A: 1, 2, 3, 4 en 5
10. Ferkundiging 1
It is mar in lyts byldsje, mar it falt wol op sa middenyn de Midstrjitte. As ik it goed ha, binne it toeristen, frjemdlingen, in heit, in mem en in bern dy’t omheech sjogge, fol bewûndering foar ien fan de tuorren fan De Jouwer. Of sjogge se fol ferwachting omheech, sa’t wysels ek wolris nei de himel sjogge? Wy ferwachtsje fan de Hear yn de himel ús help…
Bewûndering en ferwachting mei it bern yn de midden, it bern dat dy frjemdlingen nei oan it hert leit.
Eigen folk fan De Jouwer, frjemdlingen, bern, bewûndering en ferwûndering, ferwachting, hert en leafde, dêr giet it fan ‘e moarn om. En dat is nochal wat, dêr kinne wy de nije wike wol mei yn.
Om de Sylroede droech te lizzen, binne daamwanden nedich, dy’t der mei masinale krêft ynheid wurde. En as de feart dan droechfalt, is it in slikerige bedoening, dêrst mei ljisklearzens trochhinne moast, wolst oan de oare kant komme. De kâns is grut datst al nei in pear meter yn de slyk fêstsûgest. Dat is de realiteit.
Wat de realiteit oan de igge fan de Jordaan west hat, is net it belangrykste. Want de Bibel is gjin skiednisboek, mar folle mear in liturgysk boek. Of om it oars te sizzen: de bibelferhalen tekenje in wei út mei tekens. Gjin ferkearstekens, mar tekens dy’t te krijen ha mei it ferkear tusken God en minske, bygelyks hannelings (de trochtocht troch de Jordaan), gebeden (tankgebed fan Jezus by it miel fan de fiiftûzen) en tinkstiennen (de tolve stiennen).
De bibelferhalen yn it boek Jozua binne eins gjin ferhalen oer de feroveringsoarloch fan it beloofde lân, mar geane oer in liturgyske oarloch, nammentlik de ferovering fan it hert as it beloofde lân.
It hert as it beloofde lân. Us hert as in lânskip, in prachtich byld, omdat der in protte ferskillende lânskippen binne en ek in protte ferskillende minsken. Hoe sjocht dyn lânskip derút? In maitiidslânskip yn de omkriten fan De Jouwer? Of mear in lânskip yn in sniestoarm sa as yn 1979? En sa kinne wy noch folle mear lânskippen ûnderskiede: in fredich of in woest lânskip, in harmoanysk of in tryst lânskip.
Ik sil no net freegje hoe’t jim lânskip der fan ‘e moarn útsjocht, mar gean dat foar dysels efkes nei… (wol ien oer syn/har lânskip oan it wurd?)
Hoe’t it lânskip fan ús der ek hinne leit, wy moatte tajaan dat it noch net it beloofde lân is. It is noch net folmakke, fol hope, leauwe en leafde, oerstreamend fan molke en huning. Dêrfoar sjogge wy omheech, krekt as dy Jouster frjemdlingen by de toer. Wy binne wol fol fan ferwachting, mar noch net folop yn it beloofde lân.
Ik ha tolve stiennen meinommen en by elk teken yn it ferkear tusken God en minsken komt in stien foar it ljocht. Dêr rinne wy dan mei Jozua en it folk Israel de liturgy yn, op feroveringstocht fan it hert.
Arke fan it ferbûn
Hearre jim it Jozua al sizzen: “Prysters, hjir folget de opdracht fan JHWH. Nim de hillige arke op en rin dêrmei nei de Jordaan. It folk sil jim folgje.”
De earste stien
De stien fan de arke fan it ferbûn, de oanwêzichheid fan God, want syn troan is op ‘e beide gouden ingels.
En hjoed de dei? Oan watfoar ‘hillige arke’ fernimme wy de oanwêzichheid fan God?
De trije tuorren fan De Jouwer? Dizze tsjerke? It doopfont?
Of is ús eigen hert de hillige arke dêr’t God op troanet?
Hiene wy it net oer it hert as it beloofde lân? No dan!
Wetter fan de Jordaan
Sjogge jim it al foar jim? Dêr sette de prysters de fuotten yn it wetter op ‘e wâl fan de Jordaan, want yn dizze tiid binne dy der ûnderstrûpt. En daliks wâlet it wetter fuort, de kant fan de Deade See út en fan de kant fan de See fan Galilea bliuwt it as in muorre stean.
De twadde stien
De stien fan it teken fan de natuerlike daamwand, sûnder dat der masines oan te pas komme.
It wetter, teken fan de gaos bûten en yn de minske, wurdt betwongen.
En hjoed de dei? Mei krisis, resessy, klimaatferoarings is it yn de bûtenwrâld rûnom gaos. En yn us binnenwrâld? Hawwe soargen safolle ynfloed dat wy sels ek yn ûnstjoer reitsje?
Wa hat it hert om as in Jozua it wetter Gods wil op te lizzen? Jesaja, Jezus, Gandhi, Mandela hawwe yn it ferline it foartou nommen. Wa no? Hat Obama it hert?
Hiene wy it net oer it hert as it beloofde lân?
Trochtocht
Dêr komt it folk oan, heiten, memmen en bern. Nee pakes en beppes binne der net by, dy hawwe se yn de woestyn begroeven. En yn in lange, lange rige rinne se troch de Jordaan, fan de kant fan Egypte nei it beloofde lân.
De tredde stien
De stien fan de trochtocht, út it deadelân wei nei it lân fan de libbenen.
En hjoed de dei? De measten ha wol ûnderfining mei it deadelân, as yn it libben gjin útsicht mear liket te wêzen. Mar it hert begûn wer te klopjen as der in trochtocht kaam, mei sicht op nije mooglikheden fan libben.
It hert as it beloofde lân.
Tolve stammen
Sjogge jim Jozua it al dwaan? Hy wiist tolve mannen oan, út elke stam ien. Elk moat ien stien út ‘e midden fan de Jordaan helje en nei de kant drage.
De fjirde stien
De stien fan de tolve stammen, hiel it folk, ienriedich op ‘en paad troch it libben: it eardere, swiere libben fan de woestynreis en it takomstige libben fan molke en huning.
En hjoed de dei? Hoe is it mei jim folk, yn jim gemeente? Ienriedich op ‘en paad troch it libben nei’t jim ek in woestynreis makke ha? Hâlde jim it beloofde lân mei herten fol leafde foar eagen?
It hert as it beloofde lân.
Tolve stiennen as oantinken
Dêr sjouwe se de stiennen al oan, wylst Jozua se it plak foar it monumint wiist. Want dit is it monumint fan Gods oanwêzichheid, in soarte fan stiennen arke yn de iepenlucht.
De fiifde stien
De stien fan it oantinken, want as de bern letter freegje wat dy stiennen betsjutte, dan sille de heiten en memmen fan it wûnder fan de trochtocht fertelle.
En hjoed de dei? Fertelle jim thús oan jim bern en bernsbern noch fan it wûndere libben fan de Israeliten en fan jimsels? Want de wûnders binne dochs de wrâld en ek ús hert noch net út?
Wat in seine dat yn de Mennoseal safolle bern noch hearre fan de tolve stiennen en oare wûnders.
Besnijenis
Wat no komt, is suver net om oan te sjen, mar it moat as teken fan it ferkear tusken God en Isrealiten barre. Want gjin bern dat yn de woestyn berne is, is besnien. En dêr oan de beloofde kant fan de Jordaan wurde alle manlju oan harren foarhûden besnien.
De sechde stien
De stien fan de besnijenis, it stimpel fan God op it lichem, op it gefoelichste plak fan syn folk.
En hjoed de dei? Fiele wy it wetter fan de doop noch op ús foarholle brânen, wetter dat ús hert yn fjoer en flam set foar… ha God leaf en de neiste as dysels?
It hert as it beloofde lân.
Bôle op Pesach
En sjoch, de fjilden binne wyt om te rispjen oan de beloofde kant fan de Jordaan, want it is sawat Pesach, it feest fan de net suorre bôle, it feest fan de befrijing út Egypte. En dan hâldt it op mei reinen, it reinen fan de manna út ‘e loft, want de Israeliten kinne sels wer siedzje en rispje.
De sânde stien
De stien fan de bôle, it feest fan de oerfloed, de befrijing fan de krapte yn it slavebestean.
En hjoed de dei? Is der by ús noch tankberens foar in libben sûnder honger, nettsjinsteande it krapper wurden fan de middels? Ha wy it hert om op te kommen foar meiminsken yn it lân sûnder belofte?
Want it hert stribbet dochs nei it beloofde lân?
Sân stiennen, it binne likefolle as by de skepping. Dat soe genôch wêze, mar nei de skepping komt de evolúsje, wy binne der dus noch net.
11. Sjonge
Liet fan it beloofde lân: 3 en 4
De stiennen rôlje oan,
foar elke stamme ien,
it giet fan heit op soan
wat sprekt út elke stien:
de paden rinne troch
foar minsken ûnderweis,
gjin fuotstap is omdoch,
God sels is mei op reis.
En binne tolve lein,
de lêste stappen set,
hâldt op de mannarein,
wit elk fan stien en wet,
dan wurde fjilden wyt,
de risping is nei-oan
en as it folk brea yt,
dan is it Pesachmoarn.
12. Ferkundiging 2
Frans Hals
It jonkje
Wy binne opholden mei de bôle en begjinne wer mei de bôle, eins earst by it jonkje mei syn fiif koarnboltsjes en twa fiskjes. Hy komt no yn byld. Sjogge jim it al foar jim? Mei grutte eagen fan ûnskuld rikt er Jezus syn lunchpakketsje ta. Mem hie noch sa sein: “Tink derom, do ytst alles op, hear, dêr wurdst in grutte jonge fan.”
De achtste stien
De stien fan it jonkje, in bern middenyn de liturgy. En Jezus sei: “Bern libje it tichtst by Gods Keninkryk, nim dêr in foarbyld oan.”
En hjoed de dei? Lêstendeis stie yn de krante dat yn dizze krisistiid de kâns fan bernemishanneling tanaam. Is it hert fan de âlden troch alle soarch dan al sa fertsjustere dat it beloofde lân fan de leafde ek út it sicht rekket?
Fiif boltsjes en twa fiskjes
Hawwe jim mei Andreas meiteld? Jawis, hy hat it goed dien, want fiif is noch lang gjin tsien, it tal fan it folsleine, fan de folheid. En twa is wol in pear, mar dêr oan de oare kant fan de See fan Galilea hat Jezus te krijen mei Joaden en frjemdlingen. Dan falt it pear maklik yn twaën útinoar. Nee, Jezus is noch lang net wêr’t Hy wêze wol.
De njoggende stien
De stien fan fiif en twa, it noch net folsleine… we zijn er bijna, maar nog niet helemaal… yn it beloofde lân.
En hjoed de dei? Hoefolle skieding is der noch tusken groepen, Jousters en frjemdlingen, mennisten en roomsken? Wannear wurdt ien en ien echt in pear? En telle wy nei fiif troch, dat der twa folle hannen binne? Fol fan leafde… Ha it hert mar!
Tankgebed
Doch it mar nei, de hannen en eagen rjochte op ‘e himel: ‘Us Heit yn de himel, lit jo namme hillige wurde!’ In lofliet, in tankgebed, mear bidt Jezus net. Sels net: ‘Jou ús hjoed ús deistich brea.’
De tsiende stien
De stien fan it tankgebed. Tsien… no soe de folsleinens berikt wêze, want God troanet net allinnich op ‘e gouden ingels, mar ek op lofliet en tankgebed. Gods oanwêzichheid wurdt yntins ûnderfûn en it hert rekket der fol fan.
En hjoed de dei? Mei in hert oerrinnend fan tank meist in ferfolch ferwachtsje, miskien net watst sa graach woest, mar dochs…
Tolve kuorren
Sjoch se ris iten, dêr tusken see en bergen, it rûzet fan fiiftûzen kôgjende mûlen. Of fan ferwûndering en bewûndering, want it wûnder ha sy foar eagen, yn de mûle en yn it hert. En as de magen fol binne, dan reitsje ek tolve kuorren oan de râne ta fol.
De alfde stien
Dy fan de tolve kuorren. Ferfolch op ferfolch. Nei it tankgebed, sûnder fraach, jout Jezus oerfloedich te iten oan Joaden en frjemdlingen en nei it miel bliuwe tolve folle kuorren oer, in momumint oan de râne fan de See fan Galilea.
En hjoed de dei? Dûmny Gabe Hoekema hat dit ferhaal ris mei pipermuntsjes yllustrearre. Hy hie sels in rôle meinommen en frege oan de gemeente om dy en alle oare pipermuntsjes yn tsjerke te dielen. En wrachtich dat it net wier wie: elk hie teminsten ien.
Wy hawwe it hert dochs ek op it goede plak… troch te dielen?
Gustave Doré
Menniste gemeente fan De Jouwer
De beide ferhalen binne út en sjoch, wy bliuwe noch mei ien stien sitten. Wêr sille wy dy lizze? Jim ferhaal as gemeente giet dochs troch? Wolno, dizze stien is foar de Menniste gemeente op De Jouwer. As teken fan in monumint, nee net fan dy trije frjemdlingen dy’t opsjogge by ien fan de Jouster tuorren. Mar as teken fan in rûnte, in rûne tafel dêr’t elkenien omhinne sitte kin, âlden en bern, mei hert en siel genietsjend fan ferhalen en bôle en dan… wer op nei it beloofde lân.
Amen
13. Oargelspul
14. Sjonge
Liet fan de leafde
Wize: Liet 446 út it Lietboek foar de tsjerken
Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.
Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.
Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.
De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.
De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.
Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.
No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.
Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.
15. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
16. Sjonge
Ut fjoer en izer, soer en sâlt: 1, 2 en 3
Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.
As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.
As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.
Ilja Repin
17. Seine
Nei de liturgyske treinreis
binne wy oankommen op halte De Jouwer,
it plak dêr’t in grut part fan ús opdracht
yn it libben leit, nammentlik mei de neisten
ús libben te dielen en de frjemdlingen
yn de rûnte op te nimmen.
Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.
18. Sjonge
Liet 456: 3 |