Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Gimel

Religy
PDF Print E-mail
Image

Kamiel, do drager fan de swierste lêsten,
rykdom bringst troch it bestean,
in karavaan fan trije bêsten
hat in lange wei te gean.

Kamiel, de rykdom wurdt al folle lichter
as it each fan God dy stjoert,
dan komsto stadichoan al tichter
by de earme sûnder moed.

Syn biddelsek is leech en hieltyd swierder
wurdt dy, want wêr is de oar
dy’t draacht syn earme lêsten fierder
oer de drompel fan de doar?

Kamiel, do drager fan de swierste lêsten,
draaf de earme achternei,
it each fan God sil op dy rêste,
read wurdt al de nije dei.

Sjoch ek: Religy Alef, Beet

admin

Beet

Religy
PDF Print E-mail
Image

Hûs fan muorre, flier en dak,
dêr is it twatal wol beskerme,
kriget yn de leafde syn gerak,
sa hat de Skepper Him ûntferme…

oer de ierde út it neat,
de himel oant de ein ferljochte,
dêr’t gjin hoarizon de Skeppper keart,
want oeral kin men frij terjochte…

yn it hûs spiritueel
foar folk dat leafde ’t heechste achtet,
sichtber yn in wrâld materieel
dat oars net as gewin ferwachtet.

Sjoch ek: Religy Alef

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum