Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Mem

Religy
PDF Print E-mail
Image

Mem, de frou dy’t libben jout
en mei har hân it berntsje hoedet,
frucht oan wetter tabetroud
dat hoeden ’t libben noedet.

Mem, fan wetter spegelstil
oant gaos mei de heechste weagen,
brutsen troch Jahweh syn wil
mei ’t blauwe swurk foar eagen.

Mozes, berntsje yn de koer
mei ûnder him it driigjend wetter,
lutsen út ‘e gaos, stjoer
yn frijheid jierren letter.

Minske, dûnsjend yn it blau,
Jahweh syn hânpalm om har hinne,
Eva, mem en wetterfrou,
sy weaget yn de sinne.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed

admin

Lamed

Religy
PDF Print E-mail
Image

De learling sit yn ’t ramt fan learen
dat him op ‘e lippen leit de fraach:
‘Hoe hat Israel de Heare eare?
‘k Ha myn earen iepen, ‘k hear it graach.’

De learaar stiet foar ûnderwizen,
sjocht de freugde fan de learling oan.
Hoe sil hy de rjochte wegen wize?
‘Ut ‘e Talmoed riist it Wurd, myn soan.’

De Ivige begûn te sprekken
fan it skepsel troch it learen klear
hoe’t de leafde alles read bedekke
sil… sa eare Israel de Hear.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum