Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Sjien

Religy
PDF Print E-mail
Image

Dêr steane sy dan alle sân,
de earsten dy’t der wiene en yn tel,
de fjouwer memmen, trije heiten,
byld fan ’t hiele Israel,
it heil opljochtsjend yn de feiten.

Sjien as de letter fan Shadai
dy’t wiist nei Wa’t de earste rôp en droech
de âlden troch de jierren hinne,
byld dat rjochting joech
fan read nei read, de dei troch sinne.

Unfruchtber is in koarte wei,
want dy rint dea en ûnder ’t bloed, ferlern
is ’t libben as de frouwen floeie;
byld fan Israel is ’t bern,
yn him sil ’t paradys wer bloeie.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin,
Pee, Tsadi, Koef, Reesj

admin

Reesj

Religy
PDF Print E-mail
Image

De minske, fan de wrâld ôfsletten,
eagen ticht, de holle licht foaroer,
hat weet fan plak noch doer,
ferleit yn ’t inerlik syn swetten.

It is as sit er stil te sliepen
wylst er fan it grut hielal net wit
en alles glide lit,
mar wrâlden geane foar him iepen.

Bedjipjend taast er nei de lichte
yn in dialooch mei elk gesicht
en rikkend krijt er sicht
op wat him tastreamt út ‘e hichte.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin,
Pee, Tsadi, Koef

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum