Jahweh dy’t stiet oan it begjin
as Skieder fan it lân en wetter,
joech it paradys as fêste grûn
oan alle skepsels dy’t de libbenssin
as segel krigen, ’t koe net better.
It koe wol minder mei’t de slang
ek printe yn de minskesiele,
dat it paradys waard wiffe grûn
en Kaïn sloech op Abel yn, wie bang
om ’t selde bluodrich lot te dielen.
Jahweh socht Kaïn oan de ein
en printe him it teken op ‘e holle,
dat foar minskebloed wie nearne grûn
en sa is ’t minskdom oer de ierde tein
mei ’t segel om op ’t bêst te wollen.
Dit is de 22ste en lêste letter
fan it Hebrieuske alfabet.
Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin,
Pee, Tsadi, Koef, Reesj, Sjien |