Op 27 septimber 2009 yn Itens
Rubens
1. Startliet
Hear, wy leauwe
2. Fotum en groet, oanslutend Bemoediging
Wy binne op dizze startsnein fan it nije seizoen
by elkoar kommen om Paulus te hifkjen.
De man rûn sels hifkjend troch de wrâld,
alderearst hifke er de folgelingen fan dy Jezus
fan Nazaret en fan Jeruzalem, syn fijân;
letter hifke er Joaden en Griken.
Oan de iene kant fan de skealjes
lei er de hope, it leauwe en de leafde
fan syn meibruorren en -susters yn Kristus
en oan de oare kant it evenemint,
de opstanning fan syn grutte broer Jezus.
As de skealjes yn lykwicht wiene,
seach er yn de ferbylding de weromkomst
fan Kristus op ierde, it begjin fan it Keninkryk
fan God.
Lit ús dizze tsjinst begjinne.
Wy roppe de Heare oan
dy’t himel en ierde skepen hat
as in paradys, syn earste Keninkryk,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t mei ús ûnderweis is
nei in nije skepping,
op ‘e nij syn Keninkryk.
3. Gebed foar de wrâld
Tuskentiden 16: 1 en 3
Beurs
Yn Atene hawwe se ieuwenlang in beurs hân.
Dat wie al sa yn de tiid fan Socrates
dy’t meditearjend oer it stedsplein rûn en de lju
befrege oer gewoane en bûtengewoane kwestjes
fan it libben. Plato en Aristoteles folgen.
In pear hûndert jier letter kaam Paulus ek
op dy beurs fan Atene en oft er wat te fertellen hie!
Earst oer de Grykske goaden en dêrnei oer
syn grutte broer Jezus.
Rafaël
No ha wy yn Itens gjin stedsplein mei in soarte
fan Ateenske beurs, mar wol in tsjerke mei
de beurs fan Itens.
Wat is der yn de ôfrûne moannen wol net bard
op gewoan en bûtengewoan mêd. Wy hoege
gjin Socrates te wêzen om wat nei foaren te bringen.
Tuskentiden 16: 6 en 7
4. Paulus, fan misdracht ta Kristusdrager
* Ynlieding
Ettiene Parrocel
Ik wie gjin fan fan Paulus. Mar dêr hat de man ek net op longere, krekt oarsom. Hy woe net dat wy achter him oanrûnen, likemin dat wy folgeling wêze soene fan Petrus of Apollos. Mar dêr hoegde hy my net mear foar te warskôgjen: de man wie my gewoanwei net sympatyk. Ik bin no ienkear gjin briefskriuwer fan fjouwer of mear kantsjes. Dy útwreide brieven fan him oan al dy stêden yn Lyts-Azië en Grikelân stiene my tsjin. Boppedat kaam er nochal arrogant op my oer mei syn ‘sa is it en net oars’. Moast it mei safolle klam? Ik fielde my troch him klam setten, foar it blok.
De rop gong dat er de fersprieder fan it kristendom wêze soe. It soe wat! As er it kristendom al ferspraat hat, dan op negative wize, nammentlik troch de folgelingen fan Kristus yn Jeruzalem sa te ferfolgjen dat se alle kanten út flechten.
Mar doe lies ik yn 1 Korintiërs 15, 8: ‘En lêst fan allegearre is Kristus ek ferskynd oan my as in misdracht.’
Wa hie it oer arrogant? Ast dysels beskôgest as in mislearre frucht út ‘e skurte fan dyn mem, dan leist dy wol hiel leech del. Wêr doochst dan noch foar yn dizze wrâld? Doogde Paulus wol?
Hy is foar alles útmakke:
foar Joad en antysemyt
foar seksist en feminist
foar swartsjogger en befrijer
foar mystikus en manager
Wy sille al dy kwalifikaasjes fan ‘e moarn yn it koart by del. Mar wy sille ek it djipte-, mar tagelyk it hichtepunt foar Paulus yn it ljocht sette litte, syn ommekear op wei nei Damaskus, syn persoanlik evenemint.
* Kûplet 1 fan it Paulus-liet
Sis Paulus, kinst fertelle
wêromst dyn wegen giest,
yn ’t earstoan fan dat felle
sa’st yn it libben stiest.
Dy iene wei rûn fêst,
ik ha nei wetten stribbe
dy’t deadzje ’t wiere libben,
ik, misdracht, droech de lêst.
* Hannelingen 9, 1-6
* It evenemint
Wy libje as minsken fan de 21ste ieu fan evenemint nei evenemint, fan skûtsjesilen nei de PC en fan Oerol nei ‘Wêr sille wy no ris hinne?’. Wy ha de oanstriid om fan alles wat mar boppe ús deistich bestean útstekt, in evenemint te meitsjen. Want it libben moat boeiend wêze. En wy ferwachtsje fan in evenemint dat it ús oandacht yn de boeien slacht.
En sjoch no ris nei wat der bart op ‘e wei tusken Jeruzalem en Damaskus. In arrogante Joad út it foarname laach fan de Farizeeërs, syn namme is Saulus, is ûnderweis om de folgelingen fan Kristus yn de boeien te slaan en as de misdie it dissipel- of apostelskip oanbelanget te feroardieljen ta de deastraf, lykas de misdiediger Stefanus stiennige is.
Mar yn plak fan dat er de kâns kriget om yn Damaskus syn eigen ljocht op ‘e saak skine te litten, wurdt er omstriele troch ljocht. En yn plak fan dat er heech op it hynder troch de poarte fan Damaskus rydt, falt er sels mei syn saak fan it hynder. En foar de tredde kear: yn plak fan dat er syn lûd útset om te feroardieljen, harket er nei it lûd dat him, wylst er op ‘e grûn leit, berikt: ‘Kom no oerein!’
Wiswier, de opstanning, syn opstanning, mar dat wurdt er him earst letter bewust.
Op dit stuit is er folslein fan it hynder, blyn foar de draachwiidte fan dit barren, ek noch blyn foar de draachwiidte fan de opstanning fan Kristus, fan wa’t er de stim heard hat. De opstanning fan syn eardere fijân Jezus wurdt foar Paulus it grutte evenemint. Hy hat it fan hearren sizzen, hat it net mei eigen eagen sjoen, mar dat it beneamd is, namme krigen hat, is al fol-slein. Sa’n soarte fan evenemint slacht by de minske fol yn. It rekket djip yn it moed, it geastlike hert fan de minske, it sintrum fan fielen, tinken, hope, leauwe en leafde tagelyk.
De eagen fan Paulus geane iepen, as it moed dêr fol fan is. En as it moed oerstreamt nei hannen, fuotten en mûle, dan is de draachwiidte folslein dúdlik, dan draacht er Kristus en syn eigen opstanning de wrâld yn.
Caravaggio
Giet it evenemint foar ús boppe it skûtsjesilen en de PC út?
* Kûplet 2 fan it Paulus-liet
Hoe rinne frjemd de wegen,
man fan Jeruzalem,
fan ’t hege nei it lege,
blyn troch dyn fijâns stim.
Dy rôp my wer oerein,
it wie as lei ‘k te sliepen,
de wrâld gie foar my iepen,
dêrmei wie alles sein.
* Hannelingen 15, 1-2
* Filippiërs 3, 5-7 en 10-11
* Joad of antysemyt
Wy libje yn in maatskippij fan wetten en regels. In famke fan trettjin jier mei net in syltocht om de wrâld meitsje, û.o. fanwege de learplicht (it oare argumint leit neffens my wol gewicht yn de skaal).
De Joaden hiene oan de Tsien Wurden, dy’t Mozes by de berch Sinai deldroegen hie, net genôch en wiene troch de ieuwen hinne in regelfolk wurden. Wa wie in bettere Joad as Saulus, dy’t foarstanner wie fan wet is wet mei de uterste konsekwinsje fan de deastraf foar de wetteleazen troch stienniging. Saulus as model-Joad.
En sjoch no ris wat der bart. Paulus en syn maat Barnabas komme fan har earste reis werom yn Antiochië, de stêd dêr’t foar it earst sprake is fan it wurd ‘kristenen’ as folgelingen fan Kristus. Se fertelle entûsjast oer hoe’t net-Joaden op it grutte evenemint reagearre ha, reagearre mei har eigen lyts evenemint, it moed dat folrekke is fan fielen, tinken, hope, leauwe en leafde. En dat it oerstreamde nei mûle, fuotten en hannen.
‘Mar de wet dan,’ sizze guon Joaden, ‘se hawwe it mes dochs wol op it gefoelige plak field?’
Paulus skodhollet.
‘Binne se dan net besnien foar’t se kristen waarden?’
‘It is harren fol yn it moed slein en dat is folslein genôch,” is it antwurd fan Paulus.
Wat in omslach fan Saulus nei Paulus, fan model-Joad nei anty-semyt, tsjin-Joad?
Nee, mei-Joad mei Kristus: ‘It giet my derom dat ik Him ken en de krêft fan syn ferrizenis ûnderfyn en diel ha oan syn lijen, troch oan Him gelyk te wurden yn syn dea. Ik doch tige myn bêst om sa te kommen ta de ferrizenis út ‘e dea.’
Hjir ferbynt Paulus it grutte evenemint fan Kristus ferrizenis oan syn persoanlik evenemint. As dat mei ynmoed bart, dan binne regels en wetten oerstallich wurden.
Hasto lykas Paulus ek in persoanlik evenemint meimakke?
Hoe ferhâldt dyn persoanlik evenemint him mei it grutte evenemint?
Kin it foar dy sûnder de tsjerklike dogma’s?
* Kûplet 3 fan it Paulus-liet
Wat hasto noch mei wetten,
man fan de grutte wrâld?
Is ’t Joadske boek no sletten
en wurdt it nij foar âld?
Ik bliuw myn woartels trou,
mar libje troch it nije
dat groeit om te befrijen,
’t folsleine komt al gau.
* Hannelingen 16, 13-15
* Galatiërs 3, 27-28
* Seksist of feminist
Wy hoege net iens safier werom yn de tiid dat de earste frou de preekstoel fan in protestantse tsjerke beklimme mocht. Ik bin har namme fergetten, mar neffens my wie sy mennist. Is dat net likernôch in ieu lyn? Yn de roomske tsjerke mei in frou no noch net achter it alter stean. Twatûzen jier ha wy te dwaan hân mei in seksistyske tsjerke. It mei noch in wûnder hjitte dat frouwen de tsjerke net flokkend útrûn binne.
En sjoch no ris wat der sawat twatûzen jier lyn bart. Paulus en Barnabas stekke op har twadde reis oer nei Grikelân, want Paulus hat yn de kuststêd Troas in fisioen hân: ‘Stek oer om ús te helpen.’ Se geane oan board en komme oan yn de kuststêd Filippy. Oft se no fan de hagetsjinst oan de igge fan de rivier heard hiene of net, mar se rinne dy sabbat de poarte út. En wat sjogge se by de rivier, it wetter as teken fan libben. Oars net as biddende Eva’s (de namme Eva hat mei wetter te krijen). Hoe is it mooglik, der is gjin inkele man by. In joadsk-feministyske tsjinst. En Lydia, de poarperferkeapster, stiet mei ynmoed te harkjen.
No Paulus, jonge, no moatst opspatte, want dit liket op fleanen. Hasto sels oan de Korintiërs net skreaun dat it gjin foech jout dat froulju yn tsjerke it wurd dogge? Wat seist?
Do hast ek noch in brief oan de Galaten skreaun: ‘Joad of Gryk, slaaf of frije, man of frou, dat makket neat út. Want jim binne allegearre in ienheid yn Jezus Kristus.’
No dy ynkonsekwinsje moatst dan mar ris útlizze…
Hjir falt in stilte, dat kin Paulus net, want kin in deade útlis jaan? Hy wie nammentlik al ferstoarn doe’t se yn syn brieven omknoeid hawwe. Paulus ferwachte de werkomst fan Kristus noch by syn eigen libben. Wat meitsje dan de ferskillen noch út? As yn Gods Keninkryk, dat der oan stiet te kommen, froulju gelykweardich binne oan manlju, dan ek yn de koarte tiid dy’t wy noch op ierde binne, sa wie Paulus fan betinken. Mar doe’t nei syn dea Kristus noch altyd net op ‘e wolken ferskynd wie, moasten de âlde ferhâldings weromkomme, sa wiene de tsjerkepommeranten fan betinken. Sy pakten de brieven fan Paulus derby en begûnen te krassen en seksistyske parten ta te heakjen. En Paulus, de feminist, waard dêr ieuwenlang op oansjoen.
Lokkigernôch steane Coby en Yvonne geregeld by ús achter de mikrofoan.
* Kûplet 4 fan it Paulus-liet
Wat hat dy dreaun nei ’t wetter
dêr’t Eva’s namme klonk?
Is Adams plak net better,
de baas op hiem en honk?
Yn God syn Keninkryk,
it stiet der oan te kommen
foar Gryk en Joadske frommen,
is elkenien gelyk.
* Hannelingen 18, 23
* Galatiërs 5, 13-18
* Swartsjogger of befrijer
As men âlder wurdt, hat men oanstriid om swart tsjin de ûntwikkelings yn de maatskippij en it klimaat oan te sjen: ‘Yn ús tiid wiene de simmers waarm en lang; alle winters koest ride dat it klapte.’
En de swartsjogger bliuwt sitten wêr’t er sit, nammentlik yn syn eigen donkere wrâld.
Mar sjoch no ris wat der bart. Paulus hat al twa lange reizen achter de rêch en dan begjint er, as solist, oan syn tredde, troch Galatië en Frygië yn Lyts-Azië, dat yn dy tiid! En wat docht er? Oeral wêr’t er kristenen tsjinkomt, moed ynsprekke mei it moed fan tinken, fielen, hope, leauwe en leafde.
Wêr binne it moed fan Paulus en de moed dy’t ynsprutsen wurdt op basearre? Op twa eveneminten, op it evenemint fan Kristus syn opstanning yn it ferline en op it evenemint fan Kristus syn werkommen, dat Paulus noch by syn libben ferwachtet. Tusken dy beide eveneminten leit it no. Hat it libben yn it no foar Paulus ôfdien? Libbet er allinnich by de waarme simmer fan it ferline en de ivige simmer fan de takomst?
Wis net, want yn de brief oan de Galatiërs hat er each foar de donkere realiteit, sjocht er it swart: ‘Jim ferbite elkoar en frette elkoar op.’
Yn ús eigen wurden: ‘Jim slaan elkoar de harsens yn.’
Mar de wurden fan de frijheidsstrider fleane der as dowen fier boppe-út: ‘Jim binne roppen ta frijheid, tsjinje elkoar troch de leafde.’
De leafde is de do dy’t it heechste en it leechste fljocht en omfiemet alles wat yn it moed fan de minske plak fynt: it tinken, fielen, leauwen en de hope.
Trije fragen:
Is dyn libben (noch) kleure troch de beide grutte eveneminten?
Watfoar kleur fan de reinbôge hat it libben foar dy?
Bisto in swartsjogger of in befrijer?
* Kûplet 5 fan it Paulus-liet
Seis kleuren hat de bôge,
is ien ’t symboal fan dy?
Do stiest faak yn de lôge,
mar jiske heart derby.
De ierde kleuret grien
fan hope op befrijing,
it leauwe út it lijen
en leafde ien en mien.
* Hannelingen 16, 6-10
* Galatiërs 1, 16-17
* Mystikus of manager
Ik kin der neat oan dwaan, mar soms benij ik minsken dy’t de Hear sjoen ha of in Sawat-Dea-Underfining hân ha. Dan soe in protte fan de twivel dêr’t ik mei omrin, ek oer de beide grutte eveneminten, as snie foar de sinne fuortteie.
Hoe siet dat mei Paulus? Hy en Barnabas binne op har twadde reis troch Lyts-Azië, sprekke de kristenen moed yn en wurde dan opkeard. Troch heidenen soest dy noch yntinke kinne. Mar troch de Geast? Stie dy as in ingel mei in swurd foar har, lykas foar Bileam dy’t op syn ezel ûnderweis wie om it folk Israel te ferflokken? Details wurde net jûn, mar dat bart wol yn it ferhaal fan it fisioen, de dream dy’t Paulus op in nacht hie. Oan de Grykske kant fan de see stie in man te roppen: ‘Stek oer nei Masedonië om ús te helpen.’
Nei Paulus syn earste persoanlik evenemint by Damaskus makket er hjir in twadde en in tredde mei: dy fan de Geast en it fisioen. Ast dat belibbe hast, it is dy yn it moed slein, dan meist dy gerêst in mystikus neame. Mar as it dêrby bliuwe soe, kinst likegoed op in pylder sitten gean as pylderhillige, dei en nacht, fier boppe it sljochtweihinne folk.
Paulus en syn maat stekke daliks de see oer om yn Grikelân it bliid boadskip te bringen. Ast dat dochst, meist dy gerêst manager neame yn de oarspronklike betsjutting fan dat wurd: hannen út ‘e mouwe. Oan dy oare betsjutting ha ‘k in grouwélige hekel: hân út ’t mouwe om in bonus yn te klauwen.
Yn de brief oan de Galatiërs ferbynt Paulus yn in pear wurden syn rol as mystikus en manager: ‘Hy (God) besleat om syn Soan oan my te iepenbierjen. Want ik moast it bliid boadskip oer Him oan de heidenen bringe.’
Syn persoanlike eveneminten ferbynt Paulus al hanneljend oan de grutte eveneminten fan Kristus syn opstanning en weromkommen.
Pierro della Francesca
Sa bin ik troch de simmer fan 2009 hinne fan fan Paulus wurden. Paulus in misdracht? Earder in geniale Kristusdrager.
Noch ien fraach:
Ha wy wat fan Paulus?
As dat sa is, dan soene de oekumenyske tsjinsten yn Itens útgroeie ta wiere eveneminten.
* Kûplet 6 fan it Paulus-liet
Wat seachsto yn dyn dreamen
wat dy twa wjukken joech?
Kinsto de stream beneame
dy’t dy de wrâld troch droech?
It ljocht sloech yn myn moed,
ik koe net lizzen bliuwe,
op ’t boadskip soe ik driuwe
nei Kristus’ twadde groet.
5. Kofje
6. Liet fan de leafde
1 Korintiërs 13, 1 -13
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken
Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.
Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.
Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.
De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.
De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.
Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.
No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.
Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.
Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.
De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.
7. Seine
Wy ha Paulus hifke en konstatearre
dat er gjin misdracht wie,
mar in geniale Kristusdrager
de wrâld troch.
Lit ús betinke dat wy yn ús eigen situaasje
it boadskip fan ús grutte broer Jezus ek
de wrâld oer drage kinne
troch hope, leauwe en leafde.
Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.
8. Slotliet
De frede fan de greiden
|