Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan de wizen

Religy
PDF Print E-mail
By Mattéus 2, 1-12
Wize: Tuskentiden 5

Image
Gustave Doré

Fier werom, yn âlde tiden
klommen wizen op it dak,
lieten harren eagen glide,
brochten elke stjer teplak.

Ien fan al dy himelljochten
striele boppe alles út,
’t wie de stjer dêr’t sy nei sochten,
’t ljocht dat alle heil ûntslút.

Keningen op ‘e kamielen,
ek neamd wizen ûnderweis,
om yn ’t himelsk heil te dielen,
fier foarút op stjerrereis.

Wat sy yn de tassen hiene,
wie as earste proviand,
dochs wêr’t sy foaral foar stiene,
wie ’t kado yn keningstrant.

Mar sy koene it net sjouwe
as de tredde tas leech bleau:
sjen en skôgje, ek fertrouwe,
dat wie wat har fierder dreau.

Fier foarút, sa fier fan ’t easten,
wiisde ’t keningsljocht net mear.
Koe in kening wizen treaste
mei ’t foarútsicht: it komt klear?

Foarst Herodes hie yn hannen
macht, mar net it âlde Wurd.
Moasten dêr de grize mannen
net oer gear mei ’t fromme burd?

Micha koene se wol fine,
hearden syn profetestim:
Juda’s foarsten sille skine,
mar Hy blinkt yn Betlehem.

Fierder reizgen doe de wizen
mei de wiisheid fan it sjen,
dat soe har de wei wol wize
nei de Foarman, doe noch bern.

Harren keningstas waard lege,
dus noch lichter it bestean,
’t skôgjen tagelyk ferhege,
wat die bliken yn de dream.

Fier werom, troch alle plakken,
sprieken se fertrouwen út,
rôpen ’t heil fan Babels dakken
hiel de wrâld oer ta beslút.

Image
Peter Paul Rubens

Sjoch ek: Religy Wrâldtsjinst

admin

Wrâldtsjinst

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 3 jannewaris 2010 yn Hegebeintum

Image

1. Tarissing

De earste snein yn it nije jier, seine yn it nije jier,
dat jim eukumene op dizze terp heech útstekke mei
as in foarbyld foar de wrâld yn neifolging fan
Jezus Kristus, de Godsferskining op ierde
of Epifany, sa hjit ek dizze snein.

Wy roppe as ús help de Heare oan
dy’t himel en ierde skieden hat,
mar it minskdom ek ferbynt
mei syn trochgeand wurk
troch Jezus Kristus,
de Godsferskining
en troch minsken
yn syn tsjinst.
Amen

2. Sjonge
Psalm 72 : 1 en 2

3. Gebed

Heare, tankewol foar gewoane minsken
dy’t op ierde as goede keningen
rjocht en frede bringe.
Yn ús hert witte wy wol dat it net giet
om keningen-machthawwers,
dy’t har der op foarstean dat sy it te sizzen ha,
mar om sljochtweihinne minsken
dy’t de wrâld troch har rjochfeardichheid
wat te fertellen ha.

Wy bidde mei ynmoed
dat wy sa’n kening of keninginne wêze meie.
Want dan sil yn ús lytse rûnte de Hear ferskine,
Jezus, ús grutte broer, dy’t sels in ferskining wie
fan God de Heit.

Wy bidde foar al dy minsken,
miskien sitte se hjir ek wol,
dy’t bliid binne dat de desimbermoanne om is.
Minsken foar wa’t it ferlies fan in leave neiste
wer skrinend op it gefoel kaam,
minsken dy’t de krystdagen yn iensumens
trochbrocht ha,
minsken dy’t te âld en te siik wiene
om feest te fieren,
minsken foar wa’t de knallen en fjoerpylken
fan Ald en Nij gjin freugdetekens wiene,
mar symboalen fan ûnrjocht.
Untfermje jo, Hear.
Amen

4. Sjonge
Psalm 72 : 4 en 5

5. Lêze
Mattéüs 2, 1-2

6. Ferkundiging 1

Hegebeintum, net te leauwen

Image

It is net te leauwen! Nee, dêr wurdt net de miljeutop yn Kopenhagen mei bedoeld, want elkenien wit dat de lieders fan de wrâld dêr redendield ha oer de klimaatferoaring. Witte en leauwe, dat binne twa.
Mar wat is dan wol… dat net te leauwen? Kinst it dy foarstelle dat yn Kopenhagen de namme Hegebeintum klonken hat? Nee? Nim dan efkes oan dat it sa is. Balkenende hat it nei foaren brocht:
“Witte jimme dat yn Nederlân oan de ein fan de bewenne wrâld Hegebeintum leit? Oan de ein fan de balke weaget it deryn,” heakke er mei selsspot ta, “en sa is it ek mei Hegebeintum, in wichtich plak op ús ierdbol.”
En doe fertelde er fan âlde tiden, dat de Friezen yn it uterste noarden in terp opsmiten hiene mei minskekrêft, sûnder útstjit fan koaldiokside, allinnich in bytsje koalsoer by it útazemjen. It wie skjinne grûn dy’t dêrfoar brûkt waard, no hielendal skjin? Der kaam ek dong op ‘e terp, mar dat waard fruchtbere grûn, dy’t yn de earste helte fan de tweintichste ieu brûkt waard foar de skrale greiden yn de Súdwesthoeke, skraal om’t se doe noch net ien grutte gemeente wiene. Obama wie nijsgjirrich en frege oft de Feriene Steaten noch wat leare koene fan de grutskaligens yn Fryslân.
Balkenende gie dêr net op yn en fertelde fierder, dat yn de rin fan de ieuwen de seespegel riisde en dat de weagen hjerstmis oer it Fryske lân rôlen. Yn Grou wie dat gjin probleem, want dêr holden se fan rôljende weagen. Yn Hegebeintum ûnderfûnen se dêr ek gjin problemen fan, want op ‘e hege terp holden se de fuotten droech.
Doe stelde Berlusconi de fraach oft se yn Fenetië, dat elk jier mear lêst fan rizend wetter krige, it terpkonsept fan Hegebeintum wol oernimme mochten. Mar dêr gie Balkenende net op yn, omdat it Berlusconi wie.
Mar doe kaam fan ferskate kanten de kearnfraach, dêr’t Balkenende net omhinne koe: hoe wie it yn Hegebeintum mei de útstjit fan koaldiokside. Dêr koe mar ien antwurd op komme, dat de amtners op it ministearje fan Algemiene en Tsjerklike Saken Balkenende ynflústere hiene: “Ien kear yn de moanne ride in pear auto’s nei Hegebeintum, omdat dêr dan in tsjinst holden wurdt fan it Oekumenysk Wurkferbân.”
It is net te leauwen, mar yn it begjin fan it nije jier sille alle wrâldlieders nei Hegebeintum komme om it paradys op ierde te finen.
Earst oant safier Hegebeintum.

Babel, net te leauwen
Net te leauwen fan dy trije astrologen! Neam har ek mar wizen, want wiis wiene se. Of neam har keningen, want se hiene in protte te fertellen.
Dêr sitte se nachts op it platte dak fan it astrologyske sintrum yn Babel en kuere troch de antike teleskopen de himel ôf nei rizende en fallende stjerren. Want de himel is krekt de ierde mei syn rizende en fallende stjerren. Twa rizende binne keizer Augustus en kening Herodes, mar it is de fraach oft de trije astrologen weet fan dy diktators en manipulators hawwe.
Wat se krekt foar sinsopkomst sjogge, is in opljochtsjende stjer, dêr’t se sawat fan fan it dak falle. De stjer wurdt wei yn it strieljende ljocht fan de sinne. Der folget drok Babelsk oerlis: watfoar teken is dit? Ljochtet de ûndergong fan de wrâld op troch it kwea op ierde, in soarte fan sûndich broeigas dat de stjer noch ien kear opljochtsje lit? Of strielet de stjer freugde út om in kening dy’t yn plak fan broeiend kwea it ljocht fan de rêding fan de wrâld bringt? Se beslute om mei har beslút oant de jûn ta te wachtsjen. (Efkes krije wy de yndruk fan in politike kwestje: útstel, ûndersyk en op ’t lêst dan dochs in beslút).
It is net te leauwen, mar krekt nei’t de sinne de jûns yn it westen achter de kym weiwurden is, ljochtet deselde stjer op. Underskat de Babelske astrologen net, want se witte hoe’t de stjerrebanen oan de himel ferrinne, like goed oft se witte hoe’t op ierde de banen ferdield wurde. Dy jûns is it gefaar om fan it dak te fallen net grut, want it beslút falt en se drafkje by de bûtentreppen del om har klear te meitsjen foar de reis. Wier net te leauwen, mar de wizen leauwe it wol.

Leauwe ûnderweis

Image
Gustave Doré

Wat nimme se mei, dy astrologen, alias wizen, alias keningen. No as kening kinst by dyn kollega-kening net mei lege hannen oankomme. Dus elk fan de trije kamielen kriget it swier mei de earste rêchtas, want keningsgoud, -wijreek en -mirre weage deryn. De twadde rêchtas is al folle lichter, want de proviand foar ûnderweis is berekkene foar lytse magen: wa’t honger nei de rêding fan de wrâld hat, fielt gjin lichaamlike honger mear.
En de tredde tas? Dy sit oan de kop ta fol, mar is sa licht as in fearke. Want wizen nimme altyd wiisheid mei en dy weaget suver neat. Wiisheid is gearstald út skerp sjen mei de eagen yn de holle (dat kinne astrologen wol); suver sjen mei it inerlik each, it each fan de geast, ek wol skôgje neamd; en it alderwichtichste yngrediïnt fan wiisheid is fertrouwen of mei in wurd dat ús bekend foarkomt: leauwe. Eins hiel bysûnder dat fertrouwen fan de heidenske wizen út it easten op ‘en paad nei it westen. Leauwend komme se oan yn Jeruzalem, dêr’t de stjer achter de westlike kym weiwurdt.

7. Sjonge
Liet fan de wizen: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Tuskentiden 5

Fier werom, yn âlde tiden
klommen wizen op it dak,
lieten harren eagen glide,
brochten elke stjer teplak.

Ien fan al dy himelljochten
striele boppe alles út,
’t wie de stjer dêr’t sy nei sochten,
’t ljocht dat alle heil ûntslút.

Keningen op ‘e kamielen,
ek neamd wizen ûnderweis,
om yn ’t himelsk heil te dielen,
fier foarút op stjerrereis.

Wat sy yn de tassen hiene,
wie as earste proviand,
dochs wêr’t sy foaral foar stiene,
wie ’t kado yn keningstrant.

Mar sy koene it net sjouwe
as de tredde tas leech bleau:
sjen en skôgje, ek fertrouwe,
dat wie wat har fierder dreau.

8. Lêze
Mattéüs 2, 3-8

9. Ferkundiging 2

Betlehem, stêd fan sjen, skôgje en fertrouwe

Image

Se binne yn Jeruzalem as keningen ûnder elkoar, de trije út Babel en kening Herodes, dy’t syn gasten op audiïnsje hat. De trije strielje fan fertrouwen, dy iene is sa wyt as sûpe en syn hân trillet as er in tsjinner derop útstjoert om it godstsjinstige kader te ûntbieden.
Sjogge jim de hannen fan Herodes? Dêr moatte wy skerp nei sjen… sjen, ien fan de yngrediïnten fan wiisheid. No trilje de hannen noch, mar frjemd dat de trije wizen it net yn de gaten ha. Binne se dochs minder wiis as wy tinke?
It religieuze kader komt mei man en macht opsetten, nee, der is gjin frou by. De frou dy’t alle froulju fan de wrâld fertsjintwurdiget, sit yn de stâl fan Betlehem mei har lytse poppe oan it boarst.
“Betlehem, jawis Betlehem,” ropt it religieuze kader, “want hat de profeet Micha net skreaun dat Betlehem lang de minste net is ûnder de foarsten en dat dêr in foarman út fuortkomme sil?”
De trije keningen, dy’t de stjer yn Jeruzalem al in pear nachten misse en mei in swiermoedich hert fernimme dat de tas mei wiisheid der swierder yn begjint te weagen, fearje op as se de wurden fan de profeet út ‘e mûle fan kening Herodes hearre.
Under de foarsten is Betlehem net de minste… foarst, kening, noch in kening derby, it kin net misse, se binne no hielendal as keningen ûnder elkoar.
“Wa wie it, majesteit, dy’t it boadskip brocht?” freget ien fan har oan kening Herodes.
In profeet! Ien dy’t mei syn inerlik each sjen kin, yn de takomst skôget en sjocht dat der in foarman berne wurde sil yn Betlehem. Noch in wize derby, Micha is syn namme, mar net ien dy’t nei de stjerren sjocht. Dêr yn it paleis fan Herodes dogge de wizen nije wiisheid op, nammentlik de wiisheid fan in skôgjende profeet. Stjer en profesy wize beide nei Betlehem, dat achterôf-stedsje yn beset gebiet. Net te leauwen!
Ha jim nei de hannen fan Herodes sjoen? Nee, se ha net mear trille, mei brede gebearten hat er de profesy fan Micha op it aljemint brocht. En sjedêr, hy stekt de rjochterhân út nei Betlehem, dêr moatte se hinne, en as se de kening sjoen ha, moatte se weromkomme, as keningen ûnder elkoar, is it net sa?
Nee, de trije keningen ha net yn de gaten hoe’t harren kollega manipulearret en dat syn rjochterhân yn de takomst wer wize sil, mar no mei in swurd tusken de fingers. Neat yn de gaten ha se, dêr binne se noch tefolle astrolooch foar en te min profeet.

Image

10. Sjonge
Liet fan de wizen: 6, 7 en 8

Fier foarút, sa fier fan ’t easten,
wiisde ’t keningsljocht net mear.
Koe in kening wizen treaste
mei ’t foarútsicht: it komt klear?

Foarst Herodes hie yn hannen
macht, mar net it âlde Wurd.
Moasten dêr de grize mannen
net oer gear mei ’t fromme burd?

Micha koene se wol fine,
hearden syn profetestim:
Juda’s foarsten sille skine,
mar Hy blinkt yn Betlehem.

11. Lêze
Mattéüs 2, 9-12

12. Ferkundiging 3

It foarmantsje fan Betlehem

Image
Peter Paul Rubens

Hy is der wer, de rizende stjer, nei’t de sinne achter de kym sakke is. Se rize op út it seal fan blidens, want se binne wer op bekend terrein, it domein fan de astrology. Mar de profesy fan de joadske  profeet resonearret mei yn de harmony fan sfearen. Stjer en profesy, sjen en skôgje. En fol fertrouwen giet it fierder, hoewol’t de kamielen soms stroffelje oer de ûnegale grûn fan dit achterôf-gebiet. Net te leauwen! Mar fol fan leauwe bûge de keningen de knibbels foar it lytse foarmantsje fan Betlehem. Keningen ûnder elkoar? Nee, keningen ûnder de hearskippij fan sjen, skôgje en fertrouwe. Se sjogge it keningsbern, skôgje it heil dat dizze wize kening bringe sil en fertrouwe dat it wier barre sil.

Babel en de wrâld
De lege keningstas hingje se wer oer de kamielerêch, dat de bisten ha it op ‘e weromreis folle makliker. En de wiisheidstas? Dy is noch lichter wurden, want se ha net allinnich de stjer yn al syn skerpte sjoen, mar ek de jonge kening dêr’t dy stjer nei ferwiisde. En boppedat is it inerlik each opskerpe, want yn de nacht dy’t se yn de âlde herberch fan Betlehem trochbrocht hawwe, skôgen se yn in dream de rjochterhân fan Herodes mei in bluodrich swurd deryn. Dêrom lieten se Jeruzalem links lizze, want dy stêd die no noch fier ûnder foar Betlehem. De stjer fan Jeruzalem komt letter boppe de kym.
En it fertrouwen yn de wiisheidstas? Noch lichter as in fearke en gas. Want yn de stêden dêr’t  se ûnderweis komme, streamt it derút, it boadskip fan de kening fan Betlehem dy’t de wrâld rêde sil. En yn har eigen stêd Babel streamt it noch altyd, want fertrouwen út ‘e hichte fan de stjer wei en fertrouwen út ‘e lichte fan it bern yn de krêbe wei rekket nea op en is oan gjin grins bûn. Dat leauwe giet de hiele wrâld oer, sa’t letter ek bliken dien hat yn de tiid fan Paulus, Augustinus en Bonifatius. De trije wizen fan Babel binne dizze trije evangelisten foargien.

13. Sjonge
Liet fan de wizen: 9, 10 en 11

Fierder reizgen doe de wizen
mei de wiisheid fan it sjen,
dat soe har de wei wol wize
nei de Foarman, doe noch bern.

Harren keningstas waard lege,
dus noch lichter it bestean,
’t skôgjen tagelyk ferhege,
wat die bliken yn de dream.

Fier werom, troch alle plakken,
sprieken se fertrouwen út,
rôpen ’t heil fan Babels dakken
hiel de wrâld oer ta beslút.

14. Lêze
Jesaja 60, 1-6

15. Ferkundiging 4

Jeruzalem, stêd fan de gloarje

Image
Gustave Doré

Kening Nebukadnezar, de boal fan de ballingskip is dea, lang libje Jeruzalem!
Kening Herodes, de boal mei it bluodrige swurd is ek dea, lang libje Jeruzalem!
Adolf Hitler, de boal fan seis miljoen Joaden hat himsels tekoart dien, lang libje Jeruzalem!
En sjoch no ris, de Joaden dy’t yn ballingskip yn Babel sieten, geane werom nei Jeruzalem.
Sjedêr, Joazef en Marije, dy’t foar Herodes syn swurd nei Egypte flechte binne, komme ek werom nei it lân fan Abraham, Izaäk, Jakob, David en Salomo mei as haadstêd Jeruzalem.
En de Joaden fan Europa, dy’t oan de gaskeamers fan Hitler ûntkommen binne, reizgje ôf nei de joadske steat Israel… mar Jeruzalem…

Om Jeruzalem hinne is it noch nacht, Jeruzalem is de stêd fan striid tusken de Joaden en de Palestinen yn plak fan de stêd fan sjaloom. Yn Jeruzalem hinget de wiisheidstas leadswier oan de wylgetûke. David en Salomo binne begûn mei it skriuwen fan it evangeelje fan Jeruzalem en Jesaja hat der in ferfolch op skreaun, mar it is noch lang net ôf. Dêrom sil earst klinke it evangeelje fan Hegebeintum.

Image
Rembrandt

16. Sjonge
Liet fan Jeruzalem: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Tuskentiden 1

Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.

De folken tsjogge nei dy op,
de keningen foaroan
en klear klinkt elke freugderop,
in symfony dy moarn.

Jeruzalem, de fleur deryn,
want dêr binne dyn bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.

De seeën weagje rykdom oan,
it keninklike goud,
de mirre, wijreek foar dyn soan,
’t is him wol tafertroud.

Jeruzalem, sjoch nei dyn bern,
ús stim klinkt noch wol bliid,
mar ’t lok giet hjoed de dei ferlern,
komt wer dy âlde tiid?

17. Ferkundiging 5

It evangeelje fan Hegebeintum

Image

Kom oerein, wrâldlieders, sjoch nei de stjer dy’t yn it easten by it lemieren opkomt en yn it westen by sinsûndergong wer te sjen is. Skôgje de plakken op ierde dêr’t noch hichtes binne dêr’t de suvere lucht omhinne streamt. Ha fertrouwen dat op ien fan dy plakken, op ‘e terp fan Hegebeintum, in nij begjin makke wurdt.
Kom út jim nacht wei en reizgje nei dat plak, dêr’t it simmerdeis optilt fan de blommen en winterdeis blinkt fan snie en iis. Byn op ‘e earste snein fan de moanne de noaren ûnder, ryd oer Bartlehiem, it Fryske Betlehem, en lit dêr jim goud, massaazje-oalje en frisse ideeën achter as oantinken oan de kening dy’t twa millennia lyn berne is. Streekje fierder en hâld de hichte fan Hegebeintum, it Fryske Sion, as beaken foar eagen. Klún by de terp op en jou jim del yn de tsjerke, dêr’t de skiednis op jim delsjocht. Skôgje yn de oekumenyske tsjinst, dêr’t jim yn telâne kommen binne, it paradys fan de takomst, it hôf fan Eden, Jeruzalem en Hegebeintum en ha fertrouwen yn de mooglikheden dy’t jim mei de seine fan de Alderheechste realisearje kinne. Lit it sa wêze dat de nije gloarje fan alle Hegebeintums yn de wrâld op alle folken fan de wrâld, de oekumene, ôfstrielet.
Amen

Image

18. Sjonge
Liet fan Hegebeintum: 1, 2 en 3
Wize: Tuskentiden 1

De hichte is in suver plak
sa’t Hegebeintum leit,
hjir ûnder ’t himelskblauwe dak,
wat alles steefêst seit.

Lit al it folk hjirhinne gean,
de oekumene yn,
dan sil de hichte wêze ’t lean,
de geast waait as de wyn.

As Hegebeintum wurdt it hôf
fan Eden, it model
fan sjongend folk de Hear ta lof,
dan komt de seine del.

19. Oargel

20. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

21. Sjonge
Ut fjoer en izer, soer en sâlt: 1, 2 en 3

Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.

As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.

As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.

Image

22. Seine

Litte wy nei hûs gean mei yn ús hert
it evangeelje fan Mattéüs,
it bliid boadskip fan Jezus Kristus
en it evangeelje fan Hegebeintum.

Dat de seine fan God de Heit
oan it begjin fan dit nije jier
en fierder yn ús libben
mei ús meigiet ûnderweis,
ek de leafde fan Jezus de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

23. Sjonge
De frede fan de greiden

De frede fan de greiden wês oer dy,
de frede fan mar en lân;
de frede fan de loften wês oer dy,
de frede fan waad en strân.
Djippe frede mei komme oer dy.
Mei Gods frede no groeie yn dy.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum