Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan it feest

Religy
PDF Print E-mail
Wize: Tuskentiden 1

Image

De freugde liedt ús nei dit hiem,
de wike troch it plak
fan ’t deistich wurk mei ynmoed dien,
dat is it boerefak.

De pleats jout mins en dier beskûl
as ’t kâld oer ’t miedlân strykt,
mar foar de boer bliuwt bodzjen doel,
wat wyks net fan him wykt.

Dit hûs fan hout en stiennen hat
oerlibbe stoarm en striid,
it tsjûget fan de boude skat
troch folk út earder tiid.

It folk fan hjoed komt dizze snein
op ’t hiem foar wurd en sang,
it lêste is noch lang net sein,
de freugde duorret lang.

De freugde fan in lange dei:
yn ’t gea fan gers en blom,
dit hiemfeest is de ein fan wei,
de Geast, kom dêr mar om.

Image

De Geast waait ús de leafde oan,
in dûbel feest wurdt fierd:
de heit ferwolkommet de soan
en hark, in brulloftsliet.

Sjoch ek: Religy Bûtenfeesttsjinst

admin

Tsjinst fan de brulloft

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 2 maaie 2010 yn Earnewâld

Image

1. Tarissing

Tusken Peaske en Pinkster
binne wy by elkoar kommen
om it libben op ierde te fieren
mei it sicht op ‘e himel.
Dêrby brûke wy it byld
fan de brulloft.

Wy sprekke dêrby út
dat ús help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skieden hat,
dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat
oant der gjin skieding mear wêze sil.
Amen

2. Sjonge

Lit it halleluja klinke as opmaat
nei de himelske freugde yn it fisioen
fan Jehannes.
Liet 21: 1 en 2

3. Gebed

Hear yn de himel en fan de ierde, wy hawwe jo lof tasongen,
omdat wy it libben krigen ha yn Earnewâld en omkriten,
dizze prachtige wrâld as byld fan jo skepping.

Wy tankje Jo dat wy soms in glimke fan de himel op ierde
te sjen krije yn de natuer en de goede ferhâldings tusken minsken.
Mei yn dizze tsjinst de himel ek opljochtsje, dat ús de eagen
iepengeane foar de bedoeling dy’t Jo mei de skepping hiene
en noch hawwe, de ienheid fan libben.

Wy tankje Jo dat machthawwers, stutsen yn pronk fan side,
net it lêste wurd hawwe, sels net it ien nei lêste,
want dat is oan de gewoane man en frou, beklaaid mei
it wite linnen fan goede dieden.

Wy bidde foar de minsken dêr’t de hannen fan bûn binne,
dy’t ûnskuldich lije yn de hurde maatskippij fan hjoed de dei.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde foar de minsken dy’t wurkleas wurden binne
of troch sykte of in handikap net wurkje kinne.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde foar de minsken dy’t har iensum fiele,
om’t se altyd al allinnich troch it libben moasten
of troch it ferlies fan in leave neiste.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde foar al dy minsken dy’t it sicht op ‘e himel
kwytrekke binne en alhiel gjin himelske gloarje
foar eagen krije kinne.
Hear, ûntfermje Jo.
Amen

4. Sjonge
Liet 21: 6 en 8

5. Ynlieding

Image
Marc Chagall

Wat in prachtige dei, in brulloft.
Ast sels brêgeman of breid west hast,
stiet de dei dy noch strieljend foar eagen
en klinkt dy as muzyk yn de earen.
Want in brulloft is sjen, hearre
en op ‘en djipst en heechst belibje.

Op 4 juny sil ús dochter trouwe.
De takomstige brêgeman en breid
binne al in jier mei de tariedings dwaande:
op in boat wurdt it houlik sletten,
yn de Swichumer tsjerke de seine útsprutsen
en yn Iesicht duorret it feest oant ien oere nachts.
Alles is sa trochtocht dat de dei ta in ienheid wurdt.
In stikje himel op ierde om Earnewâld hinne.

Op ‘e troukaart stiet de folgjende tekst:
Mei dy is de wrâld nearne itselde,
wurdt skepen eltse dei opnij.
Do bist oeral wêr’t ik sjoch.
It sân hat de kleur fan dyn hier,
de loft dy fan dyn eagen.
En wêr’t by it lemieren it ljocht ferblinet,
bisto om my te heinen,
soargest dat it skaad ferdwynt
en ús paad sichtber wurdt.

Ik ha dizze tekst oanpast foar dizze tsjinst:
Mei Jo is de wrâld nearne itselde,
Jo binne noch altyd oan it skeppen
oant de skepping útrint
op in nije himel en in nije ierde.
Jo binne oeral wêr’t ik sjoch.
It sân wjerkeatst jo ljocht
en de loft hat de kleur fan jo wêzen.
En wêr’t by it lemieren it ljocht ferblinet,
binne Jo der om my te heinen,
soargje Jo dat it skaad ferdwynt
en it paad sichtber wurdt.

Brulloft as de himel op ierde
en de himel as in brulloft.

Oft ik yn de himel leau?
Salang’t der noch minsken binne dy’t yn elkoar leauwe en de ienheid fiere, ja.
Want de himel hinget net los fan de ierde.
Himel en ierde binne ôfhinklik faninoar.
Hoewol’t God yn it begjin wol skieding oanbrocht hat,
sil oan de ein de skieding ferfalle.
Himel en ierde geane dan op yn de ienheid fan God.

6. Sjonge
Liet fan de trou: 1, 2, 3 en 4
Wize: Tuskentiden 1

De skepping giet it libben troch,
God makke it begjin
en jout syn leafde altyd noch
yn mannichfâlde sin.

De hiele skepping jout in byld
fan mannichfâld yn ien,
it is de Geast dy’t Him ferdielt,
sa wurdt syn trou ferstien.

It sân wjerkeatst syn himelsk ljocht,
syn wêzen is loftblau,
dat wêr’t de minskegeast ek sjocht,
jout God syn wjerglâns ôf.

Ferblinet it lemieren ús
of falt op jûn it skaad,
God soarget foar in feilich thús
en fiert ús oer syn paad.

7. Lêze
Deuteronomium 6, 4

Harkje, Israel, de Heare is ús God, de Heare allinne.
Hoor, Israel, de Here is onze God, de Here is een.

8. Ferkundiging 1

Dit is it ‘sjema’ fan de Joaden, de kearn fan har leauwen, de koartste belidenis dy’t der is, in  belidenis dêr’t ierde en himel yn ferbûn wurde.
Israel op ierde en God yn de himel.

Hoe faak hat dit sjema wol net klonken? By de Joaden thús, yn har synagoges,
yn ballingskip oan de streamen fan Babel, dêr’t de tekst foar it earst opskreaun is,
yn de konsintraasjekampen, dêr’t de stjerrende Joaden it noch flústerjend útsprutsen:
“Harkje, Israel, de Heare is ús God, de Heare allinne.’
Net de ôfgoaden fan Babel of kening Nebukadnezer, mar de Heare allinne.
Net de ideology fan de Nazi’s of Hitler, mar de Heare allinne.

Image
Marc Chagall   De oarloch

Yn dit sjema klinkt noch mear troch as ‘Israel op ierde en God yn de himel’. Dat wurdt oanjûn mei it Fryske ‘de Heare allinne’
en it Nederlânske ‘de Here is een’.
In ferskil yn oersetting fan Hebrieusk nei Frysk en Nederlânsk.
Allinne de Heare is ús God, stiet yn it Frysk, gjinien oars.
Hjir fynt in skieding plak as by de skepping, doe’t God himel en ierde skiede.
Yn it sjema wurdt God skieden fan alle wêzens op ierde, benammen fan dyjingen dy’t de pretinsje hawwe om de rol fan god op ierde te spyljen. De skiednis is der fol fan: de Egyptyske farao’s, Nebukadnezer, de Romeinske keizers en om tichter by ús eigen tiid te kommen, Hitler, Stalin, Pinochet, de Birmaanske junta, ensafuorthinne.
God wurdt ek skieden fan de ôfgoaden dy’t de minsken makke ha en noch meitsje: it gouden keal by de Sinaï, Baäl, Zeus, de roppige konsumpsjemaatskippij, de bonuskultuer, ensafuorthinne.

Mar as de Joaden God sa ôfskiede, is der dan noch wol in ferbining, in relaasje?
Jawis wol, sizze se, want dy ferbining leit yn it wurdsje ‘ús’. De Heare is net de God fan de goaden-machthawwers, net fan de ôfgoaden fan eartiids en hjoeddedei, mar fan de gewoane man en frou en fan it bern, sa as by de Sinaï op wei fan Egypte nei Israel. Mei dat folk giet Hy in relaasje oan, dy’t útrint op it libben yn it beloofde lân en úteinlik op in brulloft: Wêr’t by it lemieren it ljocht ferblinet, binne Jo der om ús te heinen en it paad te wizen nei de brulloftsseal.

No leit de Nederlânske oersetting der noch: Hoor, Israel, de Here is onze God, de Here is een.
Hjir giet it net om in skieding, mar om de ienheid fan God. Teologen ha de holle brutsen om dit dúdlik te meitsjen oan ús as sljochtweihinne minsken.

Image

Miskien slagget it mei de bol út ‘e winkel fan Blokker. Net dat God in bol is, mar it byld fan dizze bol jout trije dingen wer:
– De bol is in gehiel, in ienheid.
– Yn de bol sitte allerhande foarmen, kleuren en ljochtskakearrings, net te tellen en ûngrypber.
– Dy foarmen, kleuren en ljochtskakearrings binne prachtich as de bol yn beweging is.

Kenne wy God no? Net folslein, mar der komt ús wol wat foar eagen: ienheid, ûntelbere kanten, net te gripen en beweging. God is net te tellen, mar yn withoefolle fertellings kinne wy God oantsjutte. En yn al dy fertellings leare wy God kennen as in beweging op ús ta, lykas in brêgeman nei syn breid. In beweging om úteinlik ta ienheid te wurden: Wêr’t by it lemieren it ljocht ferblinet, binne Jo der om ús te heinen en mei ús de brulloft te fieren.

Image
Marc Chagall

9. Sjonge
Liet fan de ienheid: 1, 2, 3 en 4
Wize: Liet 441 út it Lieteboek foar de tsjerken

Kom, folk fan God, op fuotten,
fan jong oant griizjend âld,
fan boartsje oant lang wrotte,
sjoch, foar ús leit de wrâld,
dy’t noeget foar de reis
yn harmony fan sfearen,
ek stoarmen dy’t lûd beare,
dochs ien folk ûnderweis.

Sjoch ’t folk fan lang op fuotten
dêr by de Sinaï,
it heart fan ’t hillich moatten
yn folle harmony;
sa’t Mozes sprekt de taal
op grûn fan de Tsien Wurden
om ’t hillich folk te wurden
giet troch it âld ferhaal.

Sjoch ’t folk oan Babels streamen
fier fan Jeruzalem,
foarby gean al har dreamen
oant klinkt in kleare stim;
Tsien Wurden wurde mear,
in ienheid yn de boeken
om ûnderweis te brûken,
it libben nimt in kear.

Hear ’t folk as tiden keare,
it halleluja klinkt,
gjin ballingskip sil deare,
omdat de himel winkt;
de reek fan Babel riist,
syn rom wurdt wei yn dize,
mar Sion sil ferrize,
wat op ‘e brulloft wiist.

10. Lêze: Iepenbiering 19, 1-5

11. Ferkundiging 2

Image
Rembrandt

Rembrandt hat in prachtich skilderij makke fan de treurjende profeet Jeremia, nei’t de troepen fan kening Nebukadnezer Jeruzalem yn de brân stutsen ha en in grut part fan it folk mei in kleiliet op ‘e lippen yn ballingskip fierd is. Dit skilderij is werjûn op in ikoan, in houten plankje mei de skildering as oantinken oan dit ferskriklike barren.
Tink dy ris yn wat dit betsjutten hat foar de profeet, dy’t alle war dien hie om de relaasje tusken Jahweh en it folk suver te hâlden. En no sa, de stêd fan David yn de brân mei reekplommen opwâljend nei de himel en it folk oerlevere oan de goaden. In folsleine skieding tusken Jahweh en syn folk, de ienheid fan it trouferbûn ferbrutsen.

Sânhûndert jier letter sit in oare godsman, Jehannes, op it eilân Patmos. Foar him ljochtet de himel boppe de Middellânske See op fan de fisioenen en sjongt de wyn en rûzje de weagen fan stimmen en halleluja-roppen. Trije kear klinkt it halleluja. Trije skakearrings fan Gods ienheid ljochtsje op: heil, eare en macht.

Dan is it as wurdt de skiednis omkeard. Net Jeruzalem, de breid, giet yn flammen op, mar Babel, de huorrige stêd fan kening Nebukadnezer. De hoer hat har jûn oan in mannichte fan ôfgoaden, friet en sûpte fan alle wâlen. Sy is de tsjinstelling fan it ideaal fan de breid, dy’t mei de brêgeman it trouferbûn en de ienheid fiert.

Jehannes sjocht boppe de see it Romeinske ryk opljochtsjen, want dat wie yn syn tiid de hoer Babel. Hoefolle huorren hawwe der sûnt de iepenbierings oan dizze godsman wol net op ierde west, want alle riken dy’t op ferovering geane nei macht, spylje foar hoer. Se kinne it mei noch sokke fromme wurden op ‘e lippen dwaan – God wol it –  yn de einfisioenen fan Jehannes binne it huorren, dy’t it net op fuotten hâlde.
Foarbylden? It ryk fan Karel de Grutte, it Spanje fan Karel V en Philips II, de Europeeske koloniale machten (ek Nederlân), it Nazi-ryk fan Hitler, de Sovjet-Uny en as Obama it belied fan Bush net ombûgd hie, dan soene de Feriene Steaten ek yn dit rychje hearre.

Jehannes sjocht de wâljende reek fan Babel en fan alle machtige riken dy’t folgje, want der stiet ‘oant yn ivichheid’, troch alle tiden hinne. En dan brekt der in noch lûder jûchhei út as inkeld fan de grutte kloft minsken yn de himel. De fjouwer wêzens dogge mei: liuw, keal, earn en minske as representanten fan de hiele skepping. De 24 âldsten falle ek yn, stjerregoaden wurde se ek wol neamd, fertsjintwurdigers fan it grutte hielal.
It folsleine koar sjongt: ‘Amen, halleluja…Sa is it en net oars, alle lof oan God.’

12. Sjonge
Liet fan Jeruzalem: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Tuskentiden 1

Image
Gustave Doré

Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.

De folken tsjogge nei dy op,
de keningen foaroan
en klear klinkt elke freugderop,
in symfony dy moarn.

Jeruzalem, de fleur deryn,
sjedêr dyn eigen bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.

De seeën weagje rykdom oan,
it keninklike goud,
de mirre, wijreek foar dyn soan,
’t is him wol tafertroud.

Jeruzalem, dit is de dei
datst bist yn fyndoek klaaid,
de brêgeman nimt ienheid mei,
foar ivich bist syn breid.

13. Lêze: Iepenbiering 19, 6-9

14. Ferkundiging 3

De himelske liturgy fan de grutte kloft minsken, de 24 stjerregoaden en de fjouwer wêzens fan de skepping hat klonken: trije kear halleluja en ien kear amen. Dy liturgy brekt no troch nei de ierde mei in fjirde ‘halleluja’ en mei it lûd fan tongerjende wetterfloeden en it bolderjen fan swiere tongerslaggen. Dat binne ierdske lûden as de ynstoartende wettermuorren fan de Reade See en de tongerslaggen op ‘e Sinaï. Dêr is no neat mear benearjends oan, want God lit Him kenne as de Ienheid yn twa skakearrings: Kening en Laam tagelyk, Almachtige en Kwetsbere yn ien beweging nei syn folk op ierde ta. Sy ha de rêch rjocht holden, hawwe net bûgd foar god Wallstreet, god Damrak, god Bonus en god Konsumpsje-sûnder-ein en noch safolle oare ôfgoaden. Sy binne manlju en froulju út ien stik bleaun, in ienheid, hawwe har net op sleeptou nimme litten alle kanten op, sadat se folslein út ‘e koers rekken.
Dat folk út ien stik hat him klaaid yn wyt linnen út ien stik, de dieden yn tsjinst fan God en de neitste. No binne se der klear foar om as breid de brêgeman yn de mjitte te gean, de brulloft mei him te fieren en ta ienheid te wurden.      
En harkje, it brulloftsliet klinkt:
Mei Jo is de wrâld nearne itselde,
Jo binne noch altyd oan it skeppen
oant de skepping útrint
op in nije himel en in nije ierde,
ferbûn troch de ienheid fan God,
it messiaanske ryk.
Amen

Image
Marc Chagall   Frede

15. Oargel

16. Us Heit

17. Sjonge
Liet 290: 1, 2, 3, 4, 5, 6 en 7

18. Seine

Wy geane wer op hûs oan
mei foar eagen de frede fan ús eigen greiden,
dy’t útsicht jout op ‘e ivige frede,
de ienheid sûnder skieding.

Mei de Trije-Ienheid ús dêrhinne liede
troch de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus de Soan
en de besieling fan de Hillige Geast.

19. Sjonge
De frede fan de greiden

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum