Tsjinst op 25 septimber 2010 op De Jouwer
1. Tarissing
Wy binne op dizze twadde snein fan de hjerst
by elkoar kommen om it foarútsicht te fieren
dat de wrâld oars wurde sil,
dat folken libje sille yn in omkearde wrâld,
dêr’t ryk net mear ryk is en earm net mear earm.
Dêrby sprekke wy út dat wy dizze tsjinst hâlde
yn de namme fan de Hear,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t stiet foar it wurk dat Hy op Him nommen hat,
juster, hjoed, moarn oant yn ivichheid.
Amen
2. Sjonge
Psalm 146: 1 en 2
Rembrandt
3. Gebed
Hear fan himel en ierde,
fan riken en earmen,
fan hege mannen en dy’t leech by de grûn libje.
Wy hawwe jo ús lofliet ta songen
en hoewol’t it net sa massaal klinkt as eartiids,
komt it út in hert dat iepenstiet.
Dat hert fan ús is net heechhertich,
want wy binne mar sljochtweihinne minsken,
mar krekt dêr wolle jo it mei dwaan.
Jou ús de Geast, Hear, om it te dwaan,
rjocht en frede foarlibje yn ús eigen rûnte.
Meitsje ús beide hannen ûnderdiel
fan miljoenen hannen dy’t helpe
om de wrâld om te kearen.
Want dan sil rjocht dien wurde oan wa’t ûnrjocht lije,
dan sil de earme myld betocht wurde
en wa’t de hannen bûn binne, sil befrijd wurde,
de blinen sille it ljocht sjen,
de dôven lieten hearre
en de wurgen oan krêft en moed winne.
Lit ús libje yn dat betrouwen, Hear,
want dan sille wy lokkich neamd wurde.
Amen
4. Sjonge
Psalm 146: 3
5. Ynlieding
It is hjoed gjin bûtentsjinst op it hiem fan famylje Hanje wurden.
Wy sitte ommers yn de hjerst en dan kin men soks net aventoerje.
Mar it wurdt hjoed ek gjin feesttsjinst lykas op ‘e 20ste juny.
Wy sille dus David net foar de arke dûnsjen sjen op ‘en paad nei Jeruzalem.
Wy skowe ek net oan by it gastmiel dat de heit tariede litten hat by gelegenheid fan
it weromkommen fan syn jongste soan.
De brêgeman en breid út it Heechliet sille ek net lânskomme mei in fereale eachopslach.
En it himelske brulloftsfeest, dat Jehannes yn in fisioen sjoen hat, sil dizze snein noch wol net komme.
Nee, it spyt my, in feest wurdt it op dizze hjerstsnein net.
Leit dat oan de tastân yn de wrâld? It soe kinne…
De Nederlânske maatskippij is ferdield yn kampen: wy en sy, wy binnen de grins en… sy der
oerhinne.
Europa suchtet ûnder in geastlike en ekonomyske krisis: it kristendom is út, it jild moat der wer yn.
De wrâld jammeret fanwege rampen: orkanen, wetterfloeden en fulkaanútbarstings.
Nee, wy hoege noch gjin feest te fieren.
Wy hawwe in Abraham nedich, in minske dy’t him of har roppen fielt om út it lân fan de hege tuorren wei te gean en op te tsjen nei it lân fan de belofte.
Gandhi is al lang dea en Nelson Mandela is 92 jier en it sil net lang mear duorje of hy leit de holle ek del.
Wa doart it oan? Obama, de nije Abraham, mar dy is al wer mei hannen en fuotten bûn oan de hege tuorren fan Manhattan.
Wy hawwe in Joazef nedich, in master-dreamer, dy’t de dreamen dreamt fan in nije wrâld, mar dêrnei silo’s bout yn de fette jierren om yn meagere en rampjierren it nôt de wrâld oer te blazen.
Wa doart it oan om yn de hûd fan Joazef te krûpen?
Wy hawwe in David nedich, in hoeder fan folken, dy’t spilet en sjongt fan in lân dêr’t elkenien feilich wenje kin en dêr’t de earmen, flechtlingen en asylsikers meidiele yn de oerfloed.
Wa doart it oan om de Goliat fan de heechmoed te ferslaan?
Titiaan
Wy sille fan ‘e moarn lêze oer de profeet Amos en oer Jezus, dy’t in gelikenis fertelt.
Amos, skieppe- en figeboer, moat him besibbe field ha oan Abraham, Joazef en David, mar in feest waard it net. Of dochs wol?
Jezus, ús grutte broer, moat him ek identifisearre ha mei Abraham, Joazef en David, mar it waard daliks gjin feest. Of dochs wol?
6. Sjonge
Psalm 146: 4
7. Lêze
Amos 6, 1-7
8. Sjonge
Liet fan Amos: 1, 2 en 3
Wize: Liet 474 út it Lieteboek foar de tsjerken
Tekóa, doarp by de woestyn,
dyn namme waard bekend,
want Amos wenne yn dyn oard,
oan ’t boerelibben wend.
Fier wiesto fan de keningsstêd
mei foarst Jerobeäm,
syn rykdom wie rûnom bekend,
mar dôve wie de flam.
God rôp doe Amos ta de die,
by skiep en figen wei,
hy moast op wei mei ’t wurd dat God
him yn de mûle lei:
‘De Heare brinzget as in liuw,
syn lûd klinkt oer it gea,
de greiden lizze toar en feal,
de berchtop eaget dea.’
Doe bûgde Amos nêst syn skiep
de holle nei de grûn,
want as profeet moast hy it dwaan
mei wiisheid troch God jûn.
Wa’t wiisheid mingt mei ’t fjurrich moed,
sjocht by gjin kening op,
syn hert rint oer fan hillich fjoer,
oer ’t gea klinkt lûd syn rop.
9. Ferkundiging 1
It koe minder mei hoe’t Amos op syn pleats buorke. Wis, dy lei hielendal yn it suden fan Juda oan de râne fan de woestyn, mar de oaze wie grut genôch foar syn figebeammen en de boarne levere altyd farsk wetter foar de skiep. It wie sels sa dat er alle jierren de bosk en de keppel útwreidzje koe. Wat soe in boer noch oars of mear wolle?
Mar Amos moast wol oars, want hy waard roppen lykas Abraham. Nee, by de hege tuorren hoegde er net wei, want dy wiene net yn syn oaze. Hy waard ek net roppen om nei it lân fan belofte te reizgjen, want dat lân wie yn de rin fan de jierren ferwurden ta in hurde maatskippij. Om 750 foar Kristus hinne wie it: wy deryn en sy derbûten. Krekt dêrom waard er roppen: om dy wy-minsken it mannewaar op te sizzen.
En dêr giet Amos. Noch ien kear sjocht er achterom nei syn húshâlding, feinten en fammen, figebeammen en skiep… syn oaze. Dy oaze is it byld fan it beloofde lân, sa’t it eins wêze moast: de oerfloed diele.
Syn reis giet oer Jeruzalem, want harkje mar hoe’t syn lûd wjerkeatst tusken de muorren, ja ek batst it tsjin de Kleimuorre oan: ‘Wee de lju dy’t har noflik deljouwe op ‘e Sion!’
De loungers sjogge op fan har lisbêden, wize op ‘e foarholle en buffelje fierder: ‘Lit ús ite, drinke en wille ha!’
Amos reizget fierder, want syn bestimming is Samaria, de haadstêd fan it Tsienstammeryk, dêr’t kening Jerobeam II opslacht foar master en woldogger fan de riken, want de ekonomy bloeit. Nee, net op it plattelân, dêr’t de boeren bodzje foar in molk- en nôtpriis dy’t troch de managers keunstmjittich leechholden wurdt.
Ut ‘e fierte wei sjocht er de hege wolkeklauwers fan de stêd al, it World Trade Sintrum en de Achmeatoer en hy grommelet: ‘Sjedêr de tekens fan heechmoed!’
As de ynfalswei him by de poarte bringt, sjocht er se sitten, de lijers.
‘Hoe hat it safier komme kind?’ freget er.
‘Ut ús hûs set, om’t wy nei de lêste hierferheging fan 29,5% it net mear opbringe koene.’
‘Wy wurde moarn oer de grins set, samar, sûnder neifraach oer ús komôf en flecht.’
De antwurden meitsje him poer, mar hy hâldt him noch yn. Hy sil, wat er te sizzen hat, opbouwe lykas in arsjitekt de hannelssintra ûntwerpt.
Hy klimt yn it sintrum fan de stêd op ‘e sokkel fan it stânbyld fan kening Jerobeam I en begjint mei útset lûd: “Harkje, riken fan Samaria, nei myn wurden, wat de Heare te sizzen hat oer de folken rûnom…”
It eigen folk streamt ta, want as in profeet sa begjint, dan liket dat poermin foar de lju oer de grins.
‘Dit hat de Heare te sizzen: Fanwege al de misdieden fan de Arameeërs, giet dat hiele folk yn ballingskip.’
Der klinkt applaus.
‘Dit hat de Heare te sizzen: Fanwege al de misdieden fan de Filistinen, sil dat folk omkomme.’
Noch lûder applaus.
‘Dit hat de Heare te sizzen: Fanwege al de misdieden fan de Tyriërs… fan de Edomiten… fan de Ammoniten… fan de Moäbiten…’
Applaus en lûd jûchhei.
Amos hie syn gebou sawat klear: foar seis folken in grûnflier, fjouwer muorren en in treppen. No noch it fûnemint en it dak, Sion en Samaria.
‘Dit hat de Heare te sizzen: Fanwege al de misdieden fan Juda, slingerje Ik fjoer yn Sion, dat de wolkeklauwers fertarre.’
It applaus wie minder lûd, want Juda wie it bruorrefolk.
En doe kaam it: ‘Dit hat de Heare te sizzen: Fanwege al de misdieden fan Israel, sil Ik de grûn fan Samaria kreakje litte.’
It bleau stil, de earmen, flechtlingen en asylsikers bleauwen, want wat hiene sy te ferliezen? De riken loeken oan de skouders, kearden Amos de rêch ta en soene fuort. Mar hy gebea dat se weromkomme moasten. Syn gesach wie sa grut dat se har omkearden en harken nei: ‘Dat hinget mar om op ivoarene rêstbanken en jout him noflik del op rêstbêden. Jim sette de ûnheilsdei fier fan jim ôf, mar helje de hearskippij fan it geweld krekt nei jim ta.’
Geweld… ûnheilsdei.
Se lûke net mear oan de skouders, dy sakje.
Se keare Amos de rêch net ta, dy bûcht.
‘Jim âlje by it lûd fan de liere en miene dat jim David belykje kinne. Jim hiene in David nedich, mar jim kening kin him op gjin stikken nei belykje.’
Stilte.
‘Jim boarne en wurde hjit fan de drank, mar dat it folk fan Joazef de ûndergong yn de mjitte giet, lit jim kâld. Jim hiene in Joazef nedich, mar ik ha him yn hiel Samaria net fine kind.’
Stilte.
‘Dêrom geane jim as earsten de ballingskip yn.’
Deadske stilte.
It wie yn it jier 722 foar Kristus dat de Assyriërs Samaria ynnamen en it folk yn ballingskip fierden nei de omkriten fan Ninevé.
Jean-Honoré Fragonard
10. Sjonge
Liet fan Amos: 4 en 5
De wierheid hie in skelle stim:
‘It is in grut skandaal,
ûnskuldigen ferkeapje jim
foar twa kear in sandaal.
Jim slaan it jild yn stinzen op,
fertsjinje sels gjin stoer,
mar klauwe ’t yn mei swier geweld,
jim misdied is moarn oer.’
Mar oan de ein wie Amos’ lûd
fol fan in kommend heil:
‘Oer is de neare ballingskip,
God bringt syn folk op ’t peil
fan kening Davids hoederskip,
de greiden wurde grien,
de berchtop dript fan druvesop,
sjaloom foar elkenien.’
11. Lêze
Lukas 16, 19-31
12. Sjonge
Liet fan Lazarus: 1, 2 en 3
Wize: Tuskentiden 5
Yn de stêd mei al syn wiken
libje minsken troch de tiid,
yn de fila’s feestje riken,
mar de earmen kenne striid.
Sjoch de rike sûnder namme
yn it poarper, heech fan hert,
yn syn litten ûnbeskamme,
want de earmen sjocht er net.
Sjoch no Lazarus dêr sitten
mei de swolms oer hiel de lea,
hûnen kinne it net litte,
slikje oant syn wrede dea.
Gustave Doré
13. Ferkundiging 2
It hie him yn Samaria ôfspylje kind, op in treppen fan in boarch.
It hie him yn Snits ôfspylje kind, op in treppen fan in hearehûs.
It hie him op De Jouwer ôfspylje kind…
It spilet him noch hieltyd ôf yn de wrâld fan de 21ste ieu.
De rike mei in namme dy’t op it laptopskerm syn bankrekkening besjocht, dêr’t krekt in fette bonus opkommen is.
De earme sûnder namme dy’t al wer koarte wurdt op syn útkearing, om’t it regear mear op hat mei de kapitalisten yn de maatskippij as mei de sosjaal swakkeren.
De rike dy’t mei de rêch nei de achterstânswyk by de treppen fan syn fila oprint en net omsjocht nei dat folk.
De earme dy’t by it passearjen fan de filawyk omsjocht, mar neat ferwachtet.
Mar sjoch, de wrâld wurdt omkeard, want God sjocht om op in wize dy’t rjocht docht.
Dat is al begûn yn Egypte, doe’t er omseach nei it slavefolk en Mozes rôp.
Yn de úttocht út it slavelân, de trochtocht troch de Reade See en de woestyn en de yntocht yn it beloofde lân hat Jahweh it fûnemint lein foar de hiele takomst oant hjoed de dei ta.
God kearde mei Exodus de wrâld om.
Hy joech de earme in namme, Lazarus, wat betsjut dat God helpt.
De rike moast mei syn poarperen en linnense klean namleas troch it libben.
Hy liet de earme bringe by de heit fan in protte folken, by Abraham, om mei him út ‘e boarne
fan it libben te drinken.
En de rike ferwiisde Er by de treppen del nei de djipte fan de ierde, dêr’t er smachte fan de toarst.
En doe’t in klacht en in fraach út ‘e djipte opriisden, wie it Abraham dy’t ferwiisde nei Mozes en Amos, de man fan de Wet en de man fan it Profetewurd. Dy hiene de wei wiisd nei de earme, de flechtling en de asylsiker.
Mear hiene de broers fan de namleaze rike djiptebewenner net nedich: de Wet en de Profeten.
Rik de Vos
14. Sjonge
Liet fan Lazarus: 4, 5 en 6
Namleas dea giet ek de rike,
nettsjinsteande heech fan stân,
is it libben fan him wike
sûnder die as ûnderpân.
Sjoch no Lazarus dêr sitten
yn it ljocht nêst Abraham,
hy hat fan ellinde witten,
heart foargoed by heite stam.
Sjoch de rike sûnder namme
yn de lôge, lyts fan hert,
sûnder ûnderpân ferlamme,
dat it libben rikt er net.
Ferkundiging 3
Yn it noarden fan Chili wurdt mei man en macht nei de djipte boarre, 700 meter ûnder it ierdoerflak. Dêr sitte yn in hjitte en fochtige hel mynwurkers opsletten, net om’t se op ierde as egoïstyske riken libbe ha, mar fanwege in ramp.
Earme mynwurkers, dy’t ôfhinklik binne fan wat se troch in smelle buis taparte krije. Mar se wurde net oan har lot oerlitten, lykas Lazarus. Wylst rêdingwurkers dei en nacht yn it spier binne, saakkundigen fan de Nasa sels helpe, psychologen goede rie jouwe, sjocht de hiele wrâld yn spanning ta. Prachtich dochs? Lokkich de helpers, want sy sille, as de kniper op ‘e skine komt, ek holpen wurde… Lazarus… God helpt.
As de ferbliuwers yn de ûnderierdske hel oer in pear moannen hooplik nei boppen helle wurde, dan sil foar harren de ierde wêze as de himel en alle rêdingwurkers sille Abraham hjitte.
Mar hoe sit it dan mei dy miljoenen en nochris miljoenen, miskien wol in miljard Lazarussen, op it ierdoerflak sels. As de rike wrâld in foarbyld nimme soe oan de ynspannings fan Chileenske rêdingwurkers…
… dan soe gjin Lazarus honger mear ha en net mear stjerre oan malaria of aids
… dan soene de riken net mear telâne komme yn de hel fan heechmoed, egoïsme en selsferwyt
… dan soe Abraham de wei wize nei it beloofde lân
… dan soe Jozef silo’s bouwe litte fol mei nôt
… dan soe David op ‘e harpe spylje en sjonge dat Hear syn hoeder is
… dan soene alle folken optsjen nei Jeruzalem, de stêd fan David om de omkearde wrâld
te bewûnderjen
… dan soe de wrâld feroarje yn Amos syn paradyslike oaze
… dan soe De Jouwer ien fan de plakken yn it paradys wêze
… dan soe de Menniste gemeente fan De Jouwer hearre by de bewenners fan dat paradys
Amen
16. Oargelspul
17. Sjonge
Liet fan Jeruzalem: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Tuskentiden 1
Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.
De folken tsjogge nei dy op,
de keningen foaroan
en klear klinkt elke freugderop,
in symfony dy moarn.
Jeruzalem, de fleur deryn,
sjedêr dyn eigen bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.
De seeën weagje rykdom oan,
it keninklike goud,
de mirre, wijreek foar dyn soan,
’t is him wol tafertroud.
Jeruzalem, dit is de dei
datst bist yn fyndoek klaaid,
de brêgeman nimt ienheid mei,
foar ivich bist syn breid.
18. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
19. Sjonge
Psalm 146:5
20. Seine
Wy ha oan it begjin útsprutsen dat wy de tsjinst holden
yn de namme fan de Hear.
Mei deselde namme beslute wy de tsjinst:
Dat de Hear, Ivich Kening, ús liede mei
op it paad nei de omkearde wrâld,
dat de frede fan Jezus Kristus mei ús reizget
en dat de Hillige Geast ús ûnderweis besielet.
21. Sjonge
Liet 456: 3 |