Tsjinst op 13 febrewaris 2010 yn Drylts
1. Tarissing
Middenyn de koartste moanne fan it jier
binne wy by elkoar kommen
om bibelferhalen te ferbinen
mei ús eigen ferhaal,
sadat wy rekke wurde.
Wy dogge dat yn de namme fan God
dy’t by de skepping romte makke hat
foar it libben op ierde,
ek foar ús eigen libben,
en dy’t as in romte
om ús hinne wêze wol.
Amen
2. Sjonge
Psalm 100: 1, 2, 3 en 4
3. Gebed
God, dy’t as in Heit om ús hinne is,
lykas in hoeder om syn skiep,
as in prachtich lânskip mei fiere kimen,
dêr’t wy frij yn sykhelje kinne,
wy tankje Jo foar ús libben
mei freugde en fertriet,
de freugde dy’t ús optilt
en it fertriet dat ús net allinnich deldrukt,
mar dêr’t wy ek wizer fan wurde kinne.
Lit ús de freugde diele mei dy’t ús leaf binne
en treaste wêr’t it fertriet it libben tsjuster makket.
Iepenje ús earen om de ferhalen op te heinen,
iepenje ús hert om de ferhalen te ferbinen
mei ús eigen libben.
Mei dizze tsjinst mei wurd en liet ús ynspirearje
op ‘e wei troch it libben.
Amen
4. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 3, 4 en 5
5. Ynlieding
Is ús libben in fjild dat wyt is om te rispjen?
Of earder in flakte fan brânend sân yn it ferlerne lân?
By de lêste fraach moat ik sizze dat de wurden ûntliend binne oan in liet fan Anneke Grönloh.
Om by de earste fraach te begjinnen…
Stel dy oan de ein fan de simmer op in sinnige dei in maisfjild foar, dêr’t de stâlen al heech fan oprize. In prachtich gesicht! De boer, dy’t syn fjild skôget, sil him yn de hannen wriuwe, want it sil in rike risping wurde.
Stel dy foar datsto, lykas dy boer syn boulân, dyn libbensfjild skôgest. Kinst dan sizze dat it der prachtich by stiet en datst hope, leauwe en leafde rispje kinst? Of wiisheid?
Lokkich de minske dy’t op dy wize syn libben skôgje mei.
De twadde fraach is folle pynliker.
Letterlik it brânende sân ûnder de fuotten dêr’t men blierren fan kriget.
Figuerlik in libben yn it ferlerne libbenslân.
Te bekleien is de minske dy’t sa weromsjen moat op syn libben.
Mar sels fan blierren ûnder de fuotten en fan lân mei in mislearre risping kin men wiisheid opdwaan.
Lokkich de minske dy’t wiisheid garret út in swier libben wei.
Yn dizze tsjinst sille it wite fjild en it brânende sân as bylden brûkt wurde.
It wite fjild foar in goed libben.
It brânende sân foar in beheind libben.
Trije ferhalen sille as ferkundiging opklinke:
– It ferhaal fan de ferbeane kerrels.
– It ferhaal fan Jefta of miskien is it passender om te sizzen: It ferhaal fan de dochter fan Jefta.
– It ferhaal fan ússels.
6. Sjonge
Liet fan wite fjilden: 1 en 2
Wize: Liet 302 út it Lieteboek foar de tsjerken
Sjoch hoe’t it lân derhinne leit:
ûnfruchtber as in sânwoestyn,
in brânend plak om nea te wennen,
gjin brea dêr’t it bestean om draait;
it folk set rap de stap deryn
om yn ’t beloofde lân te wenjen.
It lân fan de belofte winkt,
dêr’t brânend sân de foet net skeint
en nimmen hat in droege tonge,
dêr’t elk it boarnewetter drinkt
en ’t fruchtber fjild heint mylde rein,
in rynske risping om te sjongen.
7. Lêze
Mattéus 12, 1-8
Gustave Doré
8. Sjonge
Liet fan wite fjilden: 3 en 4
De sabbat komt mei sinneskyn,
it nôtfjild noeget om te sjen
hoe’t alle ieren kerrels meitsje,
de stâlen weagje op ‘e wyn,
fertelle ’t libben hat dan sin
as nôt en sabbat ’t Godsfolk smeitsje.
Dan glydt in wettysk skaad oer ’t gea,
omdat it folk de sabbat skeint
troch fan it ripe nôt te iten,
mar ’t libben rint op regels dea
en ’t fjild wurdt toar as it net reint,
in sânwoestyn yn hjitte rite.
9. Ferkundiging 1
Wat stie it nôt der prachtich by doe’t Jezus mei syn dissipelen op in sabbat in kuier troch it fjild makke.
Sabbat, de sânde dei, de dei dy’t Jahweh nei de skepping fan himel en ierde as rêstdei ynsteld hie. Hy rêste fan al it skeppende wurk en seach dat it goed wie, tige goed.
En Jezus seach op dy sabbat dat it nôtfjild der goed, sels tige goed by lei en hy geniete fan de rêst en kuiere fierder.
Want wêrom soest op ‘e rêstdei net genietsjend kuierje meie? Jahweh, God de Heit, kuiere mei Adam en Eva yn it paradys, grif ek op ‘e sabbat. Sels de wetlearaars yn Israel wiene net tsjin kuierjen op ‘e sabbat.
Maarten de Vos
Sy hiene nêst de Tsien Wurden op ‘e beide stiennen tafels, dy’t Mozes fan Jahweh krigen hie, wol allegearre oare regels betocht, mar der mocht op ‘e sabbat kuiere wurde, as it mar net fierder wie as twa kilometer, in sabbatsreis.
En sa rûnen de dissipelen ek by it nôtfjild lâns, mar doe begûn harren mage te ratteljen. It sil Petrus wol west ha dy’t as earste de stappen nei it nôt sette, in stâle nei him ta helle, de ier derôf plôke, in pear kerrels derút kniep en dy yn de mûle stiek.
“Smakket it?” frege ien fan de oaren.
“Ast honger hast, smeitsje sels rauwe kerrels as huning.”
Sokssawat moat er antwurde ha. Ja en doe wie it stek, dat foar it nôtfjild stie, fan de daam. Se hiene it iepenskood en folgen it foarbyld fan Petrus.
En Jezus? Hy glimke, want it nôtfjild stie der prachtich by, wie wyt om te rispjen, mar dat soe nei alle gedachten moarn heve.
“Hoe komst dêrby?” rôp ien fan de wetlearaars.
Ja, sy wiene der as in team hinnen by, as rûkten se de frijkommen kerrels.
“Hoe komst dêrby?” herhelle in oarenien. “Dyn dissipelen binne no al oan it rispjen en men kin fan it wetlêzen wol ha dat soks net mei op ‘e sabbat.”
Jehannes liet de kerrels op ‘e grûn falle, mar Petrus stiek noch in hânfol yn de mûle.
It wie krekt as wie it nôtfjild feroare yn in wyldernis mei brânend sân ûnder de fuotten.
Jezus fielde dat al dy regels troch de wetlearaars as sânkerrels op it nôtfjild struid waarden en dat noch wol op sabbat. Mar it wite nôtfjild mocht net feroarje yn in skroeiende flakte.
Hy rikte nei de nôtstâlen fan Israels skiednis en tradysje. Hoe’t David om’t er honger hie, de toanbreaën út it hillichdom helle en hoe’t de prysters op sabbat yn de timpel tsjinst hiene. En dat it net gie om dy hûnderten skroeiende regels, dêr’t de minsken harren lok op offerje moasten. It gie om in waarm hert dat kloppe foar harsels om yn libben te bliuwen, foar God om Him leaf te hawwen en foar de meiminske om mei him de nôtkerrels te dielen. Gjin offers, mar barmhertichheid.
En sjoch, de wyldernis feroare wer yn in nôtfjild.
10. Sjonge
Liet fan wite fjilden: 5
Wa’t yn it libben ripe is,
kin rispje wat er siedde hat:
de wiisheid om himsels te wêzen,
it leauwe tusken wif en wis
en diele wat er rispe hat,
’t bestean om leafde yn te lêzen.
11. Lêze
Rjochters 11, 1-6 en Rjochters 11, 30-40
Gustave Doré
12. Sjonge
Liet fan Jefta: 1, 2 en 3
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerken
Yn ’t gea fan Gileäd
stie Jefta bûten ’t rjocht,
syn bruorren fûnen dat
hy dêr net wêze mocht;
as bastert net yn tel
moast hy de heuvel del
nei ’t wylde heidenlân
mei struken, stien en sân.
Yn ’t wylde lân fan Tob
kaam Jefta ta syn rjocht,
hy brocht syn minsken op
it paad fan libbensnocht;
Ja’ala, iennichst bern,
koe spylje, song dêrby,
liet him de takomst sjen:
it hiele lân wer frij.
Yn ’t gea fan Gileäd
liet Ammon sjen syn macht,
de bruorren rôpen dat
it waard gau neare nacht
as Jefta, sterke broer,
net kaam nei harren oer
om Ammon te ferslaan,
elk soe him ’t rjocht wer jaan.
13. Ferkundiging 2
It ferhaal fan rjochter Jefta is in ôfwikseling fan wite nôtfjilden en in wyldernis mei brânend sân. Lit ús dat foar eagen hâlde as de skiednis no yn trije bedriuwen oan de oarder komt.
Bedriuw 1
Hoe soest dy fiele ast de soan bist fan Israelyske rjochter Gileäd en in Ammonityske hoer? Gileäd fereare Jahweh, de God fan Israel, en syn Ammonityske frou rôp god Milkom oan. Jefta is in bastert, seine syn trije broers. En dat wurd brânde de huorresoan yn de siel.
No wie Jefta ek noch troud mei Ketura, in Ammonityske frou, sa seit it ferhaal en dat koe fansels yn de eagen fan de broers gjin kant út. No, gjin kant? Mar ien kant en dat wie dy fan de wyldernis. Hy waard ûnterve en teach mei Ketura en syn iennichste dochter Ja’ala nei Tob, it lân fan tichte bosken, steile bergen, djippe kleauwen, liuwen en wolven. Yn de fierste fierte gjin nôtfjild te bekennen. Hoe kinst dan oerlibje? Der is mar ien paad troch dy wyldernis en dat is de wei fan ‘do silst minske wêze út ien stik’, gjin kronkelpaden gean, rjochtút wêze, lykas Jahweh ek Ien is. Want ast sa’n minske bist, sil God derby wêze… Ik bin derby.
Jefta wie in man út ien stik, hoewol… syn frou Ketura wie in Ammonityske en fereare de god Milkom. Der wiene dagen dat Jefta hinne en wer skuord waard tusken Jahweh en de ôfgod, mar ferskuord waard er net, hy bleau in minske út ien stik.
Yn de wyldernis fan Tob loek Jefta minsken oan, want soks bart no ienkear by in man dêr’t wat fan útgiet. Sa ûntstie in lyts folkje, it folk fan Jefta.
It ferhaal wol dat syn dochter Ja’ala yn it wylde lân like moedich waard as har heit.
Bedriuw 2
Doe kaam de omkear, want oer de wite nôtfjilden fan Gileäd, de stam fan de trije broers fan Jefta, foel it skaad fan de oarloch. Kening Nachas fan de Ammoniten, it folk fan de woestyn mei it brânend sân, liet de legertinten opsette op ‘e heuvels om Mispa hinne, de haadstêd fan Gileäd. De Gileäditen rekken yn panyk, ek de trije broers fan Jefta. Doe foel it ferskil tusken echte soan en bastertsoan samar fuort. Dy regel doogde yn in oarlochssituaasje net. Der bleau mar ien regel oer: de frede fan it wite nôtfjild, in frede dy’t bedrige waard troch it brânende sân fan de Ammoniten.
De trije broers hellen broer Jefta werom nei Gileäd. Hy moast foar de frede fan it nôtfjild soargje troch oarloch te fieren mei de Ammoniten.
Op ‘e nij fielde de man út ien stik oan him skuorren: oan de iene kant de Gileäditen, syn eigen folk en oan de oare kant syn frou Ketura, fan komôf in Ammonityske. It libben wie net ienfâldich, mar frege wol om ien kant út te gean, rjochtút nei it nôtfjild, om’t dat bedrige waard. Dy wei waard ynslein troch de man út ien stik, troch Jefta.
Hy besocht earst noch troch ûnderhannelings mei kening Nachas de oarloch te kearen. Mar doe’t dy diplomasy sûnder resultaat bleau, briek de oarloch út. It gong der fûl omwei, sa fjurrich dat ien fan de nôtfjilden ûnder it brânende sân stode en feroare yn in wyldernis. Dat bringt in oarloch no ienkear mei.
It leger fan Jefta rekke yn de lytse loege en doe’t de oanfierder dat seach rôp er Jahweh oan, dat Hy derby wêze soe, want dat wie ommers syn namme en ûnthjit. Sels die Jefta ek in belofte: “As Jo de Ammoniten oan my oerleverje, dan sil ik Jo offerje wa’t as earste út myn hûs my yn de mjitte komt.”
Doe kaam in tongerbui opsetten, lykas op ‘e berch Sinaï, en de Ammoniten sloegen op ‘e flecht.
Bedriuw 3
It oerwinningsliet fan dochter Ja’ala feroare foar heit Jefta yn in treurmars. Want doe’t er seach dat syn dochter mei in optocht fan spyljende en sjongende fammen út ‘e poarte fan Mispa kaam, smiet er syn wapenrêsting ôf en skuorde de klean dêrûnder: “O, myn famke, do makkest my djip ûngelokkich.”
Jefta hie net mear it weagjende wite nôtfjild foar eagen, dat er fan de ûndergong rêden hie, mar hy waard smiten yn de wyldernis fan de offerregel, dy’t er himsels oplein hie. Hy bande himsels út it lân fan molke en huning nei de woestyn fan it heidendom, want dêr waarden berne-offers brocht, net yn Israel.
Peter Paul Rubens
En Ja’ala? Sy, iennichst dochter fan Jefta en Ketura, lei har derûnder del, lykas Izaäk him troch heit Abraham ek op it alter lizze litten hie. Kaam it dan net yn Jefta op dat in ingel it offer fan Izaäk keard hie? It ferhaal fertelt net wat der yn Jefta omgie. Hy moat ferskuord west ha tusken syn belofte oan Jahweh en de leafde foar syn dochter. Wat de belofte oanbelanget, woed er in man út ien stik bliuwe, mar dat betsjutte dat er as heit brekke soe.
“Heit, lit my noch twa moanne gewurde om de bergen yn te gean om mei myn freondinnen te skriemen, want ik bin faam bleaun.”
Gustave Doré
Faam, gjin frou of mem soe Ja’ala wurde. It libben, dat ornearre wie om troch te gean, soe ôfbrekke. De dochter spriek út wat de heit net sizze koe. Sy wie de faam mei each foar it trochgeande libben, fan mem op soan en dochter; en mei triennen oer it libben dat mei har oan de ein kaam. Har heit wie de man fan de belofte, dy’t hiel bleau, mar sels briek er yn stikken.
En doe’t dochter Ja’ala mei har freondinnen weromkaam, kaam heit Jefta syn belofte nei.
De nôtstâlen stiene deastil doe’t it skaad fan in donkere reekwolk oer it fjild skode.
14. Sjonge
Liet fan Jefta: 4, 5 en 6
Ut Tob, it wylde gea,
teach Jefta moedich op,
syn folk wie sterk fan lea,
’t gie nei de heuveltop;
oerdwealsk klonk Jefta’s rop:
‘As ik de fijân ha,
dan offerje ik God
wa’t earst komt op my ta.’
Yn ’t gea fan Gileäd
kaam Jefta ta syn rjocht,
de bruorren rôpen dat
har broer der wêze mocht;
mar Jefta, ek noch heit,
seach ’t skrikbyld as in feit:
Ja’ala kaam it earst,
it snie him troch de geast.
Fan ’t wylde gea fan Tob
nei ’t lân fan Israel,
as rjochter nei de top,
as minske derby del:
Ja’ala, iennichst bern,
koe spylje, song dêrby,
de takomst wie ferlern,
sels kaam er nea wer frij.
15. Ferkundiging 3
It ferhaal fan ússels
Jezus wie noch gjin tritich doe’t er mei de tolve by it nôtfjild lâns kuiere.
Jefta moat net âlder west ha as in jier of 33 doe’t er mei syn iennige dochter nei it alter rûn.
Wy binne allegearre âlder as tritich. Wy hawwe ús yn ús jonge jierren miskien wol hâlde moatten oan regels: sneins nei tsjerke, net reedride op snein en gjin iisko keapje. Us waard foarholden dat sa’n libben út ien stik wie, mar it wie mear in feale kristlike flagge dy’t boppe it libben wappere.
No’t wy sa âld wurden binne, ha wy ûnderfûn dat libje út ien stik te krijen hat mei it hert, dat net te sjen is, mar it libben wol klopje lit: sels yn libben bliuwe, God yn it libben talitte en mei oaren it libben diele. As wy safier kommen binne, dan is der sprake fan de minske út ien stik.
Dat is Jefta net slagge, mar Jezus wol. Hy sei: “Barmhertichheid, dêr giet it om, net om offers.”
Amen
16. Oargelspul
17. Us Heit
18. Sjonge
Ut fjoer en izer: 1, 2 en 3
Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.
As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.
As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.
19. Seine
Wy geane op ‘en paad nei hûs
yn de hope yn libben te bliuwen
en mei oaren it libben te dielen.
As wy God yn it libben talitte,
dan giet Hy mei ús op ‘en paad,
meie wy libje ûnder syn hoede,
mei de leafde fan Jezus
en de ynspiraasje fan de Geast.
20. Sjonge
Liet 456: 3
|