Tsjinst op 15 maaie 2011 yn Earnewâld
1. Tarissing
Earnewâld, doarp fan skûtsjes en arken.
Wat soe heech wetter de Earnewâldsters dwaan?
Se goaie de touwen los en driuwe op ‘e weagen.
Dat wie in pear moannen lyn yn Japan wol oars.
En 13.000 jier lyn rekke de ierde troch de floed folslein leech.
Mar de bôge mei seis tinten kleuret noch altyd it libben.
Soks jout hoop.
Wy sprekke oan it begjin fan dizze tsjinst út
dat ús help komt fan God,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t it kwea fan it minskdom oansjocht,
mar dochs fêsthâldt oan it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen
2. Sjonge
Liet 479: 1, 2 en 3
3. Gebed
Hear, wy tankje Jo foar de skepping,
dy’t yn de maaiemoanne folop bloeit,
dat it nije libben út ‘e ierde brûst,
dat de fûgels Jo lof de fjilden oer roppe.
Tankewol foar ús eigen libben,
dat op dizze ierde ek opbloeie mei.
Tagelyk bidde wy foar minsken
fan wa’t it libben net bloeit,
dy’t fanwege sykte, iensumens, fertriet
yn de nederklits sitte.
Hear ûntfermje Jo oer har.
Wy sprekke yn dit gebed ek út
dat wy soms yn betizing reitsje
troch it kwea op ierde,
mar ek net begripe dat goede minsken
troch dat kwea troffen wurde.
Dan freegje wy ús ôf wêr’t Jo no bliuwe,
wêrom’t it ûnrjocht mar trochgiet
en it sicht op in nije skepping fertsjusteret.
Iepenje ús herten en earen,
dat wy wurden opheine dy’t ús bemoedigje.
Amen
4. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2 en 3
5. Ynlieding
It stiet ús allegearre noch klear op it netflues, dy ferskriklike weach, dy’t út ‘e Stille Oseaan oanrôljen kaam, oer de Japanske kust raasde en alles op syn rampsillige wei meisleepte. De tsunamy dy’t mear as tweintichtûzen slachtoffers de dea ynjage.
Wat in ramp!
Wy witte noch fan de wettersneedramp fan Seelân yn 1953 mei mear as 1800 deaden.
De ûnbidige stoarm fan 1825, dy’t Hylke Speerstra beskreaun hat yn ‘De Oerpolder’:
it tal slachtoffers ûnbekend.
En hiel fier werom yn de tiid, sa’n 13.000 jier lyn, de ferskriklike wetterfloed, dêr’t mar acht minsken oan ûntkommen binne, sa seit it ferhaal.
De weagen dy’t by sokke floeden oanrôljen komme, rinne heech op.
Gjin húsdoar dy’t de weagen keare kin.
Gjin slûsdoar dy’t de floed tsjinhâldt.
Gjin gigantyske skúfdoar dy’t út ‘e ierde wei foar de kust skoot, kin rêding biede.
Wêr is in doar dan noch goed foar?
De doar sil yn dizze tsjinst ticht- en iepengean.
Dêr binne alle doarren goed foar.
Ticht om it ûnheil te kearen.
Iepen om derút te gean, it heil yn de mjitte.
De doar spilet dus yn dizze tsjinst fan de sân tiden in symboalyske rol.
Sân tiden as de sân dagen fan de skepping.
Hjir komme se:
* De tiid fan it kwea
* De tiid fan de bou
* De tiid om yn te gean troch de doar
* De tiid fan floed en ûndergong
* De tiid fan eb en opkomst
* De tiid om út te gean troch de doar
* De tiid fan de seis kleuren (reinbôge)
William Turner De jûn fan de sûndfloed
6. Sjonge
Liet fan rampen: 1, 2, 3 en 4
Wize: Psalm 134
Wannear, o Hear, is it safier?
Wy sjogge út nei ’t Keninkryk.
Wêr fine wy in goed ûntwyk?
Hoe wurde bibelwurden wier?
Bou jim fertrouwen net op stien,
want muorren reitsje yn ferfal,
gjin timpel is it ien en al
en hat geweld en ramp trochstien.
Wy sjogge rampen op it skerm:
de bergen spuie reek en fjoer,
de floeden weagje diken oer
en liken lizze yn de berm.
Wit dat dit net it lêste is,
mar rampen hawwe ek har tiid;
wa’t folhâldt yn de ierdske striid,
is fan it keninklike wis.
7. Lêze
Genesis 6, 9-13
8. Sjonge
Liet fan de arke: 1
Wize: Liet 337 fan it Lieteboek foar de tsjerken
Wol harkje nei dit libbensliet:
op ierde wurke mei syn folk
in fromme man dy’t Noach hiet,
mar nimmen seach him as syn tolk.
9. Ferkundiging 1
Dei 1 De dei fan it kwea
En God skoep himel, ierde, planten, dieren en de minske. Hy seach en sjoch, it wie tige goed.
En Eva seach oan de beam fan kennis fan goed en kwea glânzjende fruchten hingjen en gong oer ta aksje. En sjoch, it wie kwea.
En Kaïn seach it offer fan syn broer Abel oan en gong oer ta aksje. Hy sloech en sjoch, it wie kwea.
En God kuiere mei Henoch troch de skepping en beide seagen om har hinne en sjoch, it wie goed.
En de goadesoannen seagen de kreaze dochters fan de minsken en gongen oer ta aksje. Nei ferrin fan tiid waarden der bern berne, bern tusken goaden en minsken yn, dy’t ta mannen fan namme útgroeiden en nei de himel rikten. En sjoch, it wie kwea.
En God seach dat de minsken har fermannichfâldigen en dat kear op kear it kwea tanaam. En sjoch, it wie tige kwea en God gong oer ta aksje.
Twa kear goed, de skepping en de kuier mei Henoch.
Fjouwer kear kwea, dat ek noch fermannichfâldige waard mei withoefolle.
God seach it en gong ta aksje oer: wat op ierde libbe, soe fuortfage wurde.
Yn it joadske tinken folgje sjen en hanneljen opinoar: wat men foar eagen hat, set oan ta dieden.
Dei 1 is net folslein as ús eigen tiid der net by belutsen wurdt.
En God seach yn it begjin fan de 21ste ieu nei de ierde en waard it folgjende gewaar:
De Twin Towers yn New York kamen del.
Saddam Hoessein tamtearre syn eigen Iraakske folk.
De Taliban hearsken wreed yn Afghanistan.
Oermachten fan geweld foelen Irak en Afghanistan oan.
Libbene bommen ontploften tusken meiminsken.
Palestynske raketten kamen del yn Israel en it Israelityske leger deade 1400 Palestinen.
Tirannen yn it Midden-Easten hellen it bloed ûnder de neils fan har folk wei en smoarden de frijheidsrop yn noch folle mear bloed.
Osama Bin Laden waard deasketten.
God seach en…
Nee, God gong noch net oer ta aksje, want Hy seach ek hoe’t de minsken har holden ûnder de driging. Sy sieten yn eangst, mar it libben gong troch: se holden fan elkoar, der waarden bern berne, dy’t har noch fan gjin kwea bewust wiene.
God seach it en gong net oer ta aksje.
Dei 2 De dei fan de bou
God seach net allinnich nei de ierde, mar begûn ek te praten: “Noach, Ik bin fan doel alle libben op ierde fuort te feien. Lykwols Ik ha dy útkeazen om in arke te bouwen.”
En doe folgen de maten: 150 meter lang, 25 meter breed en 15 meter heech; trije ferdjippings en ferdield yn fekken.
God sei der net by hoefolle registerton, mar it moatte der 19.870 west ha, 750 wagonladings.
En doe gong Noach mei syn soannen Sem, Cham en Jafet oan it wurk, in bealchfol wurk fan hoefolle moannen wol net, miskien wol jierren. Yn Genesis wurdt dat skreppen gearfette mei: ‘En Noach die it. Hy die alles krekt sa’t God him hjitten hie.’
Koarter kin it net. Foar mear ynformaasje moatte wy by Rien Poortvliet wêze:
Rien Poortvliet
Soe God de bou fan de 21ste ieu ek sjen?
De bou fan wolkeklauwers, de heechste al mear as 700 meter.
De bou fan apparteminteflats, foar de feilichheid sletten foar bûtensteanders, allinnich fia de yntercom tagonklik.
De bou fan ôfsletten filagetto’s foar de riken fan de ierde, moderne arken fan Noach mei de nijste apparatuer. Want der koe ris in ferneatigjende floed fan geweld komme.
Hoe is dat yn Earnwâld? Hearsket hjir ek de eangst fan de floed yn watfoar foarm ek? Soene de rûnfeartboaten of skûtsjes (fan Age Veldboom) ús rêde kinne?
Dei 3 De dei fan de doar om yn te gean
Der moast ek in doar komme, sa wie Gods opdracht, oan de sydkant, want dat wie praktysk. De ôfstân tusken de doar en de fekken wie dan net sa grut. De oaljefanten koene rjochtsôf de arke yn en de mûzen linksôf. Sa waarden de mûzen net fertrape troch de mânske poaten en de oaljefanten hoegden net yn eangst te sitten dat it lytse grize guod har de earen yn kroep.
Sjogge jim Noach en de frou al by de iepen doar stean?
Rien Poortvliet
In trochrinnende foarstelling mei al dy dieren, fan mich oant sjiraffe. Soe op sokke mominten net ris troch har hinne gongen wêze hoe’t it kaam mei al dy oare bisten, dy’t gjin tagong hiene? En dan alle minsken, fan lytse poppe oant âlde beppe? Net foar te stellen!
Noach: “Mar God, binne der op ‘e hiele ierde dan gjin fyftich rjochtfeardigen?”
Frou fan Noach: “Mar God, al dy lytse bern en ûnskuldige dieren.”
Mar it ferhaal lit Noach en syn frou swije.
Der klonk wol in klap, want God die sels de doar ticht.
Soe God it tichtklappen fan doarren yn de 21ste wol hearre?
De doarren fan Europa om flechtlingen bûten te hâlden.
Us eigen húsdoar foar it feilige gefoel op ‘e hege weagen fan de maatskippij.
En hoe is it mei de doar fan ús hert?
Mar rjochtfeardige God, as Josels de doar tichtdogge, hoe soene wy him dan iependwaan, want… wy binne ommers neifolgers, minsken fan rjocht troch see…
10. Sjonge
Liet fan de arke: 2, 3, 4, 5 en 6
De ierde streamde oer fan kwea,
’t geweld wie net mear oan te sjen,
de iene sloech de oare dea,
tamtearre waarden sels de bern.
God spriek mei Noach oer syn plan:
‘Ik fei de hiele ierde skjin,
’t sil streame oant de lêste man
net mear de siken krije kin.’
De skepping hold de siken yn:
gjin libben nei de lêste frou?
God joech in strieltsje sinneskyn:
de opdracht ta de arkebou.
De arke rekke einlings klear,
de dieren folgen ’t libbensspoar,
fan grize mûs oant sterke bear
gie ’t hastich troch de iepen doar.
Doe stiene Noach en syn frou
de lange rige oan te sjen
en beide fregen har net ôf:
wêr bliuwe dochs de lytse bern?
11. Ferkundiging 2
Dei 4 De dei fan floed en ûndergong
It wetter kaam fan ûnderen en boppen, fan boarnen yn de ierde en troch lûken út ‘e himel, fjirtich dagen lang, folsleine gaos as fan foar de skepping. Der wie gjin ûntkommen oan, God liet syn skepping – planten, beammen, dieren en minsken – omkomme.
As wurden it net mear sizze kinne, lit dan it byld opljochtsje:
Rien Poortvliet
De arke stekt der noch as deadskiste boppe-út. Deadskiste as teken fan folsleine ûndergong, mar tagelyk symboal fan rêding, opstanning út ‘e gaos, lykas de rêding fan lytse Mozes út syn reiden kuorke, syn deadskistke.
As yn de moderne tiid ek noch lûken yn de himel binne, dan hat God grif de stoarmfloed yn 1953 sjoen, doe’t mear as 1800 minsken ferdronken. En de tsûnamy fan 2004, doe’t hûnderttûzenen yn de kolken fan de seeën en oseaan weiwaarden. En resint de tsûnamy yn Japan, dêr’t mear as tweintichtûzen minsken by omkamen.
Wie der doe sprake fan fuortfeien fanwege it kwea fan de minsken? Wa soe sa’n ferhaal tsjintwurdich noch oan dy rampen ferbine wolle?
Sa’n ferskriklike wetterramp hat der 13.000 lyn ek west, yn de tiid fan Noach, en doe is dat ferhaal der wol fan makke. Soe it net sa wêze dat de ferteller in byld fan God tekene hat? Lykas Rien Poortvliet bylden skildere hat fan it hiele ferhaal? It byld fan God as rjocht troch see, mar… dat oare byld komt noch.
Dei 5 De dei fan eb en opkomst
Floed en eb, se wikselje inoar ôf: fan eb nei floed en fan floed nei eb. Men soe by sa’n koarte ôfwikseling noch wol oerlibje kinne. Mar net by de lange sûndfloed, want dy fage alle libben fuort fan de ierde.
Einlings begûn it wetter te sakjen, de sinne kaam wer boppe de kym út en de berchtoppen boppe de wetterspegel. Nei de ûndergong de opkomst. Wie dit de nije skepping? It like der noch net op. Wat boppe wetter kaam, wie grau fan ellinde… ellinde betsjut letterlik út it lân wei: der wie noch gjin bewenber lân. In lyklucht ware oer de weagen. It hie noch in protte fan de gaos fan foar de skepping.
William Turner De moarn nei de sûndfloed
It wie yn 1982, de lêste dei fan de Snitswike. De wyn foel fuort en wylst wy mei de sechtjinkwadraat ûnderweis wiene nei it folchskip, waard de loft yn it suden laaiblau. Ynienen like it wol neare nacht. De wyn stiek op en doe’t dy oanboaze ta wynkrêft tsien, sloegen wy om, sels wylst de skoaten los wiene. It duorre tsien minuten, doe begûn de kym yn it suden te ljochtsjen. Hoewol’t de mar in gaos wie fan omsleine en sonken boaten mei ôfbrutsen mêsten, kaam dochs by my it gefoel boppe fan in nije skepping.
Soe Noach dat ek net sa belibbe ha, doe’t de arke fêstrûn wie op ‘e berch Ararat?
Dei 6 De dei fan de doar om derút te gean
Twa fûgels krigen in primeur. Noach makke in lûk iepen en liet earst in raven útfleane, mar dy kaam werom. De do krige de primeur fan trije flechten, by de tredde bleau er út it sicht. Doe naam God it wurd wer: “Gean út ‘e arke.”
Sjedêr, doe begûn de nije skepping, diskear mei de minske, Noach en syn húshâlding, want God neamde harren it earst.
De doar gong iepen, it wie as gong der in wrâld foar harren iepen, in lege wrâld, dy’t sy folmeitsje mochten. De minske mocht nei Adam en Eva foar de twadde kear yn de romte stean en op ierde skeppend wurkje. Oer de grins fan it eigenbelang hinne.
Soe yn de 21ste ieu dat wurd noch klinke: “Gean út ‘e arke.”?
Ik wit it net… de ierde is net leech mear, miskien wol te fol, fol fan minsken en faaks tefolle leven om it wurd te hearren: “Gean út ‘e arke. Jim binne rêden om troch de doar nei bûten te gean, oer jim grins fan it eigenbelang hinne, oer grinzen hinne, want de hiele ierde is foar jim om skeppend dwaande te wêzen. Doch it mei de neiste, tichtby of fierôf. Want sa komt de wiere oekumene ta stân, de hiele ierde omfetsjend, as de himel op ierde.”
En sjoch, dit is in hiel oar byld fan God,
net de God fan rjocht troch see, alles fuortfeiend,
mar de God fan rjocht op lân, dat wer ta paradys wurdt.
12. Sjonge
Liet fan de arke: 7, 8, 9 en 10
De doar sloech ticht as wie ’t foargoed
gjin iepening nei nij begjin,
it razen fan de grutte floed
ûntnaam de skepping libbenssin.
De arke weage hin en wer,
in kiste mar dan libbensfol,
in libben boppe elk ferdjêr,
sa’t God úteinlik hawwe wol.
De floed kaam nei it hichtepunt
wer yn de rêst, in blauwe loft
wie ’t libben yn de arke gund,
mar ’t duorre nei de grûn in skoft.
De arke rekke muorrefêst,
it libben kaam beweging yn,
de doar foldie de dieren bêst,
de iepening nei sinneskyn.
13. Ferkundiging 3
Dei 7 De dei fan seis kleuren
De ierde wie noch donker fan it wetter dat sa lang kolke hie. God moat it sjoen ha en as Hy de God fan minsken, bisten en planten is, dan moat it Him ek wat dien ha. Wy meie ús minsklike gefoelens net op God projektearje, mar as wy in bytsje op Him lykje, dan soest sizze dat Hy der net kâld ûnder bleaun is. In donkere ierde fol mei liken is net neat. Kaam der dêrom as kontrast in reinbôge oan de himel? Seis kleuren as teken fan it ferbûn tusken God, minsken en bisten: “Nea sil Ik de ierde wer troch in grutte floed der ûnderstrûpe litte.”
Seis kleuren, it binne net sân, it teken fan it folsleine libben, it paradys. Mei seis is net alle ûnheil útsletten: Seelân 1953, Súdeast-Azië 2004, Japan 2011. It paradys is der dus noch net.
Lokkigernôch binne der yn 2011 noch altyd minsken lykas Noach en organisaasjes sa as Greenpeace dy’t libje neffens it ferbûn dat 13.000 jier lyn sletten is: de goede ierde foar minske, dier en plant yn in natuerlik lykwicht.
Dei 8 De dei fan ússels
Dei 8 is net oankundige, mar heart der wol by: it is ús dei.
It ferhaal fan Noach is nammentlik ek ús ferhaal.
Wy libje yn in wrâld dêr’t it kwea yn omwaret en ek ús treffe kin.
Wy bouwe oan ús eigen feilige arke: apparteminteflat en allerhande fersekerings.
Wy klappe de doar sels ticht.
Wy kinne troffen wurde troch in floed fan ûnheil: sykte, rou, iensumens, depresje.
Mar wy komme der wer boppe-op, want it wetter fan de floed sakket.
Wy dogge de doar nei de wrâld ta iepen en kinne rom sykhelje.
En sjoch, de reinbôge mei seis kleuren stiet boppe ús as teken fan behâld.
En de sânde kleur? It is ús taak om dy te bewurkjen, want God hat ús nedich om fan de ierde wer in paradys te meitsjen.
Amen
14. Oargelspul
Rien Poortvliet
15. Sjonge
Liet fan de arke: 11 en 12
Seis kleuren bôgen oer it gea,
de skepping wie noch net folslein,
mar nea wer sa’n massale dea,
dat wurd is oer de bôge flein.
Wat mist is noch de sânde tint,
dêr soargje God syn minsken foar,
want wa’t syn eigen kwea oerwint,
fynt nei it hôf in iepen doar.
16. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
17. Sjonge
Liet fan it Kristusfolk
Wize: Liet 464 út it Lieteboek foar de tsjerken
Folk fan Kristus, lit ús leare
wat no iepenbiere wurdt
dat gjin tichte doarren keare
dy’t fertrouwe op Gods Wurd.
Kristus hat de kaai yn hannen,
doarren springe fan it slot,
nei de tiid fan lân yn bannen
komt it Keninkryk fan God.
Folk dat noch mar sa minmachtich
moedich rint de maraton,
wurdt op wei de geast dielachtich,
mei sa diele nei Gods plan.
Op ‘e finish fiere kânsen
’t freugdefeest op hege toan,
want de rinners krije krânsen
út ‘e hannen fan Gods Soan.
Nei de finish rinne strjitten
troch in nij Jeruzalem,
dêr’t de boulju hichten mjitte
foar de timpel, geast fan Him.
Pylders sille wy dêr wêze,
drage mei it himelhear
’t dak dêr’t wy de namme lêze
fan Gods wêzen, Him de ear.
18. Seine
Wy geane wer op hûs, skûtsje of arke oan,
wittend dat de bôge fan de hope seis kleuren
hat en dat wy sels de sânde kleur binne.
Mei ús giet de seine fan God,
de leafde fan Kristus
en de ynspiraasje fan de Geast.
Amen
|