Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst fan potentaat en profeet

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 25 septimber 2011 yn Itens

1. WolkomImage
2. Sjonge
Tuskentiden 1              – De freugde liedt ús nei dit hûs.3. Tarissing

Op dizze earste snein yn de hjerst,
ien fan de keppelsneinen yn de sechtichdagentiid,
binne wy yn dit godshûs kommen
om bylden fan potentaten en profeten te skôgjen.

Wy dogge dat yn de Namme fan de Ivige,
Dy’t ús de eagen iepenet
en yn de Namme fan syn Soan, de Minskesoan,
dy’t ús sicht jout op it libbenspaad.
Amen

Bemoediging

4. Gebeden

Tuskentiden 16: 1        – Lit ús bidde út gemis
Beurs
Tuskentiden 16: 9        – Foar it folk dat delslein wurdt

Heare God, Ivige, Jahweh of hoe’t wy Jo ek oansprekke moatte
om antwurd te krijen op ús libben út gemis
of op it ûnrjocht dat troch de wrâld wâdet,
wy jouwe it net op, wy bidde troch,
want it swurd fan potentaten mei net it lêste wurd ha.

Image
A. Bonamore/G. Barbaris

Gebeden út ‘e beurs wei.

Wêr’t wy as folk, dat somtiden delslein wurdt,
in skreauwend ferlet fan ha, is fan profeten.
Stjoer minsken fan fjoer, sprekkend wurd en byld,
dy’t ús de wierheid sizze, fiergesichten sjen litte
en bemoedigje, Heare God, Ivige, Jahweh…
Amen

5. Ynlieding

Potentaten en profeten, yn ien wurd: provokateurs.
Lit ús begjinne mei de potentaten, minsken dy’t macht hawwe, machthawwers. Yn ús tiid hat it wurd in negative lading krigen: Saddam Hoessein, Ben Ali, Moebarak, Gadaffi, Assad.
As dizze nammen neamd wurde, giet ús eachopslach yn súdeastlike rjochting, mar der binne mear wynstreken.
Hoe sit dat yn it easten… Poetin.
En yn it westen… G.W. Bush.
Machthawwers hawwe bloed oan de hannen, hjoed de dei noch altyd.
Ha wy dan noch neat fan de skiednis leard?
De skiednis, ieuwen grôtfol mei potentaten.
De farao fan Egypte: ‘Nee, ik lit it folk net gean, it binne slaven en bliuwe slaven!’
De kening fan Babyloanië: ‘As ballingen sil ik se fuortfiere út Jeruzalem!’
De kening fan Israel: ‘Oeria yn de foarste liny, dan sil er sneuvelje… ik en Batsjêba!’

Image
Rembrandt

Kening David? Jawis, in potentaat, mar sjedêr, dan komt Natan, de profeet.
Dat is it ferskil mei Nebûkadnessar en Gadaffi… in profeet giet dwers tsjin de potentaat yn.
Natan fertelt it ferhaal fan de rike en de earme man, de lêste mei mar ien laam… Oeria en Batsjêba.
De profeet sprekt yn bylden.
En dat is it twadde ferskil: in potentaat sprekt mei geweld, in profeet mei byld, hy is soms sels it byld: Jesaja, Hoséa en Ezechiël.
Hoewol’t beide provokateurs binne, is it tredde ferskil dat in potentaat syn eigen folk provosearret en in profeet provosearret, út namme fan God, de potentaat.

Hoe sit dat mei ússels? Bisto in provokateur of ien dy’t meirint op ‘e mjitte fan de massa? De mjitte fan: Nim it libben sa’t it is, hjoed is hjoed en moarn is moarn en juster hat west.
Ast dy werkenst yn provokateur, dan komt de twadde fraach: bisto potentaat of profeet of sit yn dy fan beide wol wat? Dizze tsjinst is lang genôch om persoanlike antwurden te finen.
Lamech wist it daliks wol en Henoch hat it yn de rin fan syn libben ûnderfûn.

6. Sjonge
De gitaar by it boek     – Lamech en Henoch

7. Lêze
Jesaja 6, 1-8

Image
A. Bonamore/G. Barbaris
detail

8. Sjonge
Hoe sille wy fan frede sjonge               – Us lippen binne suvere

9. Gedicht
De profeet fan Alexander Poesjkin

Wylst toarst myn geast ferdroege hat,
sleep ik de lea oer toarre heide.
Ynienen, tusken dyk en greide,
ferskynt in ingel op myn paad.
Seis wjukken waaie mei in stream
myn eagen skerp, as yn in dream
sjoch ik de lytste skepsels stean
as hie ‘k it eachweid fan in earn.
Myn earen rekke hy ek oan,
doe hearde ik de heechste toan,
it hillich beevjen fan de sfearen,
de flústerflecht fan Gabriël,
it fûgellûd, fan sêft nei skel,
de fisken, hinne en yn ’t kearen.
Doe kaam de ingel nei myn mûle,
dy’t troch myn praat in slangekûle,
fol fenyn en listen wurden wie.
Hy loek de tonge út en die
yn plak dêrfan syn spraak deryn,
it wie as ’t rûzjen fan de wyn.
Ik fielde hoe’t syn swurd my snie,
djip yn it boarst, it hert mei bloed
ûntnaam er my en sjoch, der gie
in koal fan fjoer yn ’t leech gemoed.
Dêr lei ik oeren lang foar dea,
doe klonk Gods ropstim oer it gea:
‘Oerein, profeet, sjoch net nei juster,
tsjoch op, ferlit dyn hûs en hurd,
gean oer see en lân, by ljocht en tsjuster,
brân yn it minskehert dyn wurd.’

10. Ferkundiging 1
Jeruzalem

Wy moatte nei Jeruzalem, de stêd fan potentaten en profeten.
Foar’t ik dizze tsjinst tarette, hie ‘k in justjes oar byld fan Sion,
de stêd fan frede, want ik song mei liet 265:
Jeruzalem, o stêd, sa hearlik boud,
hoe bist myn herte djoer!
Fan fierren al is my dyn byld fertroud.
Mei hasten en oerstjoer
is doe troch heide en wâlden,
oer berch en hichten tein
myn hert, net mear te hâlden,
dy yn de mjitte flein.

Wolno, oerstjoer bin ik al wurden, mar net fan de pracht en priel fan Jeruzalem, wol fan it ûnhuere geweld fan potentaten dy’t yn de stêd fan Jahweh, God en Allah húsholden ha.
Dat stiet allegearre yn ‘Biografy fan Jeruzalem’, in boek dat krekt útkommen is. It bloed streamt by wize fan sprekken yn de rin fan 3000 jier geregeld troch de strjitten.

Bygelyks yn 1096 nei Kristus, doe’t de kúsfarders trochkrongen yn de strjitten fan Jeruzalem en de hollen, fuotten en hannen fan moslims ôfhakten, de holtsjen fan lytse bern tsjin de muorren sloegen en de Joaden yn har synagoges libben ferbrânden.
‘God wol it,’ hie paus Urbanus II roppen.

Bygelyks yn 70 nei Kristus, doe’t de Romeinske fjildhear Titus Jeruzalem belegere en ynnaam, nei’t de Joaden yn 66 yn opstân kommen wiene. Jonges en famkes swalken mei opsette búk fan de honger troch de strjitten en foelen samar dea del. In rike frou, Marije wie har namme, waard dwylsinnich fan de honger, deade har soantsje, roastere syn fleis en iet it foar de helte op. Nei’t 6000 frouwen en bern nei de timpel flechte wiene, waard de brân deryn stutsen. Se kamen allegearre om.

Bygelyks yn 586 foar Kristus, doe’t de Babyloanyske kening Nebûkadnessar Jeruzalem belegere en de hongersneed sa heech oprûn dat de memmen har bern yn potten oan de kôk brochten. De stêd en de timpel fan Salomo waarden  mei fakkels en brânende pylken yn fjoer en flam set.
Lokkich hy dy’t troch fjoer of swurd deade waard en net yn libben bleau om as balling fuortfierd te wurden nei Babel. Dat wiene der 20.000.

Potentaten dy’t dea en ferdjer siedzje. Wêr bliuwe de profeten?
Sy sille aansen har stim hearre litte, byldzjend, soms sels as libben byld.
Ezechiël en Jeremia yn de tiid fan potentaat Nebûkadnessar om 600 foar Kristus hinne.
Jesaja en Hoséa in lytse 150 jier earder, yn de tiid fan de Assyryske potentaten, doe’t yn 722 foar Kristus Samaria ferinnewearre waard.

11. Sjonge
Psalm 137: 4

12. Ferkundiging 2
Profeten

Oeral wêr’t sprake is fan profeten, is God ek oanwêzich, net as in hillige potentaat dy’t mei geweld syn wil opleit, mar op ôfstân, ôfwachtsjend hoe’t syn folk de oanwiisde wei giet. Mar as it folk ôfslacht yn de rjochting fan de hearwei fan de potentaten, dêr’t soldatelearzens stampend oerhinne marsjearje, dan wurdt in profeet roppen.

Jesaja

Image
Rafaël

Jesaja… tink no net dat er klear stiet om de profetemantel om de skouders te slaan. Hy is in man ûnsuver fan lippen, hoe soe hy dan profetearje kinne? Hoewol’t syn lippen mei fjoer suvere wurde, is hy net allinnich in man fan it wurd, mar tagelyk byld.
Want sjoch, doe’t de Assyryske generaal mei it leger by de kust lânsmarsjearre, de kuststêden ynnaam en Egypte en Etiopië bedrige, kaam God wer efkes op ‘e foargrûn: ‘Jesaja, doch it sekkeguod ôf en de sandalen út en rin troch stêd en fjild.’
En dêr rûn de profeet spierlike neaken, trije jier lang, as warskôgjend byld, sûnder ien inkeld wurd. De tiding fan dat byld berikte sels Egypte en Etiopië: ‘Sa sille jim as slaven fuortfierd wurde, spierlike neaken, jim skamte bleat.’
En yn Jeruzalem en Samaria bûgde it folk de holle, want datselde lot hong har ek boppe de holle as se fertrouden op potentaten.

Hoséa

Image
Romaanske keunst

Hoséa, in profeet dy’t byldzjend profetearre yn de omkriten fan Samaria yn de tiid dat de Assyryske soldatelearzens oer de wegen yn it Midden-Easten stampten. Mar yn Samaria bloeide de ekonomy, it útgeanslibben en de huorrebuert: ‘Pluk de dei!’
Doe’t de knibbels allinnich noch mar bûgd waarden foar pommeranten, potentaten en ôfgoaden, kaam God wer efkes op ‘e foargrûn en frege oan Hoséa: ‘Hoe giet it mei dyn frou, Hoséa?’
‘Dy huorket mei in oarenien om, Ivige.’
‘Brûk har dan as byld.’
Doe rûn Hoséa troch de strjitten fan Samaria en rôp: ‘Kenne jim myn frou? Sy huorket mei oare manlju. Sa huorket it folk Israel mei de ôfgoaden. Jim ha Jahweh, de Ivige, ferlitten en sykje jim heil by de tydlike potentaten fan oare folken, wee jim!’

Ezechiël

Image
Romanino
detail

Ezechiël, ien fan de ynwenners fan Jeruzalem, dy’t as lizzend byld profetearre yn in hongerjende stêd, troch it leger fan kening Nebûkadnessar omsingele. Doe kaam God wer efkes op ‘e foargrûn: ‘Hast honger, Ezechiël?’
‘Hiel it folk yn Jeruzalem, Ivige.’
‘Wês har mei dyn byld as teken fan wat har te wachtsjen stiet.’
Doe joech de Ivige oan de profeet syn ynstruksje.
En Ezechiël bakte alle dagen yn in pôt in lytse koarnbrea op fjoer dat brânde op minskestront. Doe gong er op ‘e side lizzen en iet op fêste tiden in lyts stikje. Dat die er 390 dagen achterinoar. En as hongerjende foarbygongers fregen wat dat betsjutte, profetearre er:
‘Dit is it lot fan it folk dat fertrout op potentaten fan heidenfolken. Jim sille dêr as ballingen it brea ûnrein ite as wie it bakt op minskestront.’

Jeremia

Image
Maître de ‘l Annonciation d’Aix

Jeremia, de profeet dy’t Jeruzalem yn 586 nei Kristus brânen seach. Wat hied er syn bêst dien om it folk op oanwiisde wei te bringen, mar it sloech ôf yn de rjochting fan potentaten dy’t it wol rêde soene. De profeet waard yn de reinwettersbak, de put, en de finzenis smiten. En doe kaam de brân deryn en ek de timpel gong yn flammen op.
Rembrandt hat de profeet Jeremia bûten de stêd skildere, treurjend en weitsjend oer wat er noch oer wie fan de timpelskatten.

13. Sjonge
De gitaar by it boek     – Wee harren dy’t oan hûs…

14. Lêze
De besleine spegel       – Kneppelfreed

15. Sjonge
De gitaar by it boek     – Troch woestinen: 1 en 2

16. Ferkundiging 3
Kneppelfreed

Potentaten en profeten… hawwe se yn Fryslân ek west en binne se der noch?
Yn alle gefallen kin men sizze dat rjochter Wolthers, dy’t yn 1951 ferbea om yn de rjochtbank Frysk te sprekken, in fertsjintwurdiger wie fan Hollânske potentaten.
En Fedde Schurer? Hy skreau dêr as haadredakteur fan de Fryske Koerier in ferneatigjend artikel oer en moast foarkomme fanwege mislediging fan de rjochterlike macht.
Wie Fedde Schurer in Fryske profeet? Yn alle gefallen hie hy in profetysk foarkommen en as kristen fielde hy him roppen om fol fjoer te dichtsjen oer de grutte dieden fan de Ivige.
Hy koe syn Russyske kollega Poeskjin neisizze:

Oerein, profeet, sjoch net nei juster,
tsjoch op, ferlit dyn hûs en hurd,
gean oer see en lân, by ljocht en tsjuster,
brân yn ’t minskehert dyn wurd.

Image

En yn Ljouwert dan op dy 16de novimber 1951?
Wurd en byld.
Fedde Schurer syn slotwurd foar de rjochtbank wie:

Moat ik straft wurde neffens in wet dy’t net myn folk,
mar wol syn oanrâners beskermet,
dan sil it dragen fan dy straf
my grutter eare wêze as hokker priis.

En dan it byld:
Fedde Schurer waard op it Saailân op ‘e skouders fan Douwe Tamminga, Anne Wadman en Geart Jonkman hise, wylst de kneppels tasloegen. In profetysk symboal: ‘Tsjoch op, wy brâne yn it minskehert it Fryske wurd.’

Keppelsnein
‘Fan kneppeljen nei keppeljen’ is it biedwurd by it sechtichjierrich jubileum.
Keppelje is ferbine, wat losrekke is ta in ienheid meitsje.
En sjoch watfoar prachtige kombinaasjes ûntsteane!
Jesaja, Hoséa en Ezechiël wiene as profeten sels byld… symboal.
Symboal wol yn syn oarspronklike betsjutting sizze: twa losse dielen keppelje.
Dêr foaroer stiet diaboal yn de betsjutting: wat in ienheid wie yn parten útionoar roppe.
Profeten symboalisearje, keppelje it Wurd fan de Ivige oan it libben fan it folk, sadat der in ienheid ûntstiet.
Potentaten diaboalisearje, binne duvelsk dwaande, roppe en roppe troch geweld de ienheid yn flarden. De wrâld is der fol fan, fol fan wurd- en bloeddiaboalen.
Is it nedich om har nammen hjir lûdop út te sprekken?
Miskien soe ien fan jim my yn de reinwettersbak smite… en ik bin minder moedich as Jeremia. Folje sels de nammen mar yn, net allinnich bûtenlânske, want se binne ek yn Nederlân, sels yn Fryslân.

Op keppelsnein de lêste fraach: wat bisto potentaat of profeet?
Do hast de hiele tsjinst it oan de tiid hân om dat yn dy omgean te litten.

Sille wy mar sizze dat wy allegearre besykje symboal fan ús grutte broer Jezus te wêzen?
Jezus en do, in ienheid. Ast symboal fan Jezus bist, dan hoecht dêr gjin wurd mear by te kommen, dan bist krekt as Jesaja, Hoséa en Ezechiël sels byld, dus profeet.
Amen

17. Sjonge
De gitaar by it boek     – Troch woestinen: 3 en 4

18. Kollekte

19. Sjonge
De gitaar by it boek     – In spyltúch bin ik yn Gods hân

20. Seine

Wy geane no út dit godshûs nei ús eigen hûs
mei iepen eagen om it byld fan profeten op te heinen,
besykjend symboal fan Jezus te wêzen.

Dat de Ivige ús syn seine jout,
de Minskesoan ús it libbenspaad wiist
en de Geast ús oanfjurret
Amen

21. Sjonge
De frede fan de greiden

Image

admin

Liet fan Trije

Religy
PDF Print E-mail
Wize: Liet 255 út it Lieteboek foar de tsjerken

Trije is it rjocht fan skippers:
skip op weagen en op wyn,
farrend oer it dragend wetter
krije skippen gong deryn,
trije is it tal dat oanjout
God de Heit en Soan en Geast.

Image
Andrej Roebljev

Ear de Geast dy’t hillich striele
mei it fjoer op ’t Pinksterfeest,
doe’t it ek begûn te waaien,
hege wyn foar minskegeast
mei it boadskip fan it heil troch
God de Heit en Soan en Geast.

Galiléa, gea fan fiskers
mei de netten yn de see,
dea lei doe it stille wetter
foar gjin minskefisker ree,
dy’t it heil dochs bringe moast fan
God de Heit en Soan en Geast.

Galiléa, domisily
fan dat jonkje, Minskesoan,
dy’t weromkaam om te stjoeren
op it nije libben oan:
‘Doop elk minske yn de namme
fan de Heit, de Soan en Geast.’

Mozes kappe stiennen platen,
’t wie al foar de twadde kear
dat hy klom mei iepen earen
foar it Wurd fan God de Hear:
‘Do silst hearre nei myn Namme,
trettjin kear sprek Ik dy út.’

God kaam del yn folle gloarje
op ‘e berch dêr’t Mozes stie,
rôp doe trettjin kear syn Namme
en ferbûn dy mei de die:
‘Grut yn goedens sil Ik wêze,
wit dat Ik it kwea ferjou.’

Trije is it rjocht fan skippers
dy’t wy binne yn ’t bestean,
farrend op it dragend wetter
is de geast as wyn ús lean,
trije is it tal dat oanjout
God de Heit en Soan en Geast.

Image

Refrein:

Ear oan God de Heit, de Skepper,
ear oan God de Soan dêrta,
ear de Geast dy’t hillich strielet,
trije-ien, halleluja!
Halleluja, halleluja,
trije-ien, halleluja!

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan Trije

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum