Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Ezeltsjinst

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 1 april 2012 yn Terkaple

1. Tarissing

Dizze snein, de lêste foar it Peaskefeest,
wurdt Palmsnein neamd, mar yn Terkpale
ha’ k fan ‘e moarn gjin inkele palm sjoen.
Der rûnen ek gjin ezels yn de greide,
mar dochs soe ik op dizze snein graach
in Ezeltsjinst hâlde wolle.
De ezel as drager fan it geheim
fan it tsjinstbere libben.

Image

Wy binne hjoed by elkoar kommen
yn de Namme fan God de Heit,
de Skepper fan himel en ierde,
en út leafde foar Kristus de Soan,
dy’t op ierde tsjinstber wie
om de ferbining mei de himel te lizzen.
Amen

2. Sjonge
Psalm 118: 1 en 7

3. Gebed

Hear, Jo komt de tank ta foar ús libben,
wy dy’t op ierde by de berte yntocht holden ha,
fan herten wolkom hjitten troch ús heit en mem.
Sy hawwe ús hoede en noede, wy kamen neat tekoart.

Hear, Jo komt de tank ta dat de measten fan ús
de yntocht fersoargje mochten fan ús eigen bern,
dy’t fan herten wolkom wiene.

Hear, Jo komt de tank ta dat de measten fan ús
de yntocht belibje mochten fan pake- en beppesizzers.
Wy hiene gjin palmtûken yn de hân,
mar wy hawwe har by wize fan sprekken wol tawiuwd.

Hear, wy hawwe nei alle yntochten ûnderfûn
dat it libben net oer kleden en roazen rûn.
Wy bidde foar minsken út ús fermidden
dy’t hjoed de dei oer paden fan sykte, fertriet,
iensumens en rou rinne.
Mei har krús net te swier wurde om te dragen.
Mei der in dei komme dat se oereinkomme
en dat wy mei elkoar op ‘en paad geane
nei de poarte, dêr’t it nije Jeruzalem achter leit.
Amen

4. Sjonge
Liet fan Jeruzalem: 1, 2, 3 en 4
Wize: Tuskentiden 1

Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.

De folken tsjogge nei dy op,
de keningen foaroan
en klear klinkt elke freugderop,
in symfony dy moarn.

Jeruzalem, de fleur deryn,
sjedêr dyn eigen bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.

De seeën weagje rykdom oan,
it keninklike goud,
de mirre, wijreek foar dyn soan,
’t is him wol tafertroud.

5. Ynlieding

Hoe giet it minskdom mei ezels om?
Ut ús taal docht soks wol bliken: Hy is sa dom as in ezel.
Net allinnich de taal, mar it byld sprekt ek foar himsels: ezeltsje-prik, mei in blyndoek foar de sturt fêstprikke, sa faak dat de ezel fan foaren nei achteren ûnder de prikken sit en it bloed der by wize fan sprekken út dript.
En as wy weromgeane yn de tiid, de skoaltiid, dan krige in bern dat yn de eagen fan de skoalmaster net ien fan de snoadsten wie, in boerd mei de ôfbylding fan in ezel om de nekke.
Nee, in ezel naam yn de eagen fan it minskdom gjin foarnaam plak yn.

Image

In foarbyld fan hjoeddedei fine wy op Bonaire, tsjintwurdich ien fan de gemeenten fan Nederlân. Doe’t de Spanjaarden dêr yn it ferline húsholden, fierden se ek de ezel yn. Om’t der doe noch gjin motorisearre ferfier wie, like it harren wol gaadlik ta om yn de hjitte op ‘e rêch fan in ezel te riden, boppedat koe it bist ek tsjinje as frachtdier. Fansels neat mis mei as in ezel mar behannele wurdt neffens de noarmen fan de dierebeskerming, dêr’t se doe lykwols noch nea fan heard hiene. Dat dan witst it wol…
Nei’t oare ferfiermiddels op Bonaire kommen wiene, waarden de oerstallige ezels de wyldernis ynstjoerd. Se moasten harsels mar rêde. Sa giet it mei libben ark dat gjin nut mear hat of dêr’t neat mear oan te belibjen falt. Hjoeddedei swalkje hûnderten ezels oer it eilân en men kin fan tinken wol ha dat se op Bonaire earder as in pleach as as in libbene fersiering fan it lânskip beskôge wurde.

Mar sjoch, der is ien frou dy’t har it lot fan de ezels op Bonaire oanlûkt, in soarte fan froulike ezelmessias. Sy hat in park ynrjochte, dêr’t de ezels wolkom binne en frij yn dat paradys libje kinne. De toeristen, dy’t dêr komme, nimme pûden bôle mei om oan de ezels te fuorjen. En sjoch, de ezel is opklommen fan lêstdier ta messiasdier.

Troch dizze tsjinst rinne fjouwer libbens:
– Dat fan de ezel as lêst- en messiasdier.
– Dat fan it hynder as oarlochsdier.
– Dat fan Jezus as draach- en messiasminske.
– Dat fan ússels as minsken dy’t in protte wei ha fan ezels, alteast yn de positive bestsjutting.

Dêr hearre trije bylden by:
– It byld fan Bileäm en de ezel.
– It byld fan Saul en it hynder.
– It byld fan Jezus op ‘e ezel.

6. Sjonge
Liet fan de ezel: 1
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerken

Hoe giet de minske om
mei bisten yn de wrâld?
Fynt hy se sterk of stom,
in dier foar jong en âld?
In hynder is him bêst,
in ezel faak ta lêst,
mar komt it ta de die,
dan jout de ezel rie.

7. Lêze
Numeri 21, 28
Doe makke de Heare dat de ezel prate koe en hy sei tsjin Bileäm: ‘Wat ha ik jo misdien dat jo my no al trije kear slein ha?’

Image
Rembrandt

8. Ferkundiging 1

De ezel fan Bileäm dy’t slein waard en prate koe, in lestich lêstdier en in messiasdier tagelyk. Hoe wie it safier kommen? Dat kaam mei’t it folk Israel, it Godsfolk, út Egypte wei yn de omkriten fan Moab oankommen wie. Kening Balak rekke dêrtroch yn panyk en woe de driging opkeare mei in boppenatuerlike krêft, dêr’t de profeet Bileäm oer beskikte. Hy stjoerde syn tsjinners nei de profeet, dy’t yn de dream trochkriich dat er Israel net ferflokke mocht. Dêrom wegere hy om mei de tsjinners op wei te gean. Doe’t kening Balak folhold, krige Bileäm fan God tastimming om mei te gean op ien betingst, dat er sizze soe wat God him yn de mûle lei.
En dan komt de frjemde episoade fan de ingel en de ezel. Frjemd, want Bileäm hat dochs in godlike opdracht krigen? Dêr hoege gjin ingel en ezel mear oan te pas te kommen, soest tinke. Of komt Bileäm ûnderweis ûnder de ynfloed fan kening Balak en wurdt de ferbining mei God ferbrutsen? Dan binne Gods helptroepen nedich. De ingel en de ezel as boadskipper. De ingel swijend troch trije kear de ezel op te kearen. Frjemd dat Bileam blyn is foar dat boppenatuerlike fisioen en dat de ezel de eagen iepengeane. It kostet it bist trije kear stokslaggen, dan giet ek syn bek iepen: ‘Wat ha ik jo misdien dat jo my no al trije kear slein ha?’
Doe giene de eagen fan Bileäm ek iepen. Hy hie de hiele reis blyn west foar it boppenatuerlike, mar krige troch de ezel wer ferbining mei Israels God. Sterker noch, as de ezel net oan de kant gongen wie foar it swurd fan de ingel, dan hie de profeet gjin wurd mear útbringe kind, hy hie dea west.

De ezel droech de profeet, rêde de profeet en soarge der sa foar dat de profeet de seine oer it folk Israel útsprekke koe. Dat is wiswier messiaansk, rjochte op ‘e takomst yn it lân fan belofte. Want gjin macht op ierde hâldt Gods plannen mei syn folk tsjin. De ezel mocht dêr in rol yn spylje. Wa hie it oer dom? De ezel as messiaansk dier.

9. Sjonge
Liet fan de ezel: 2 en 3

Sa reizget Bileäm
de wei fan noch net wis,
de seine of de flam
foar wat it Godsfolk is;
de ezel draacht de lêst
oer paden sûnder rêst,
op alle winken wach
en dravend op gesach.

Mar Bileäm is blyn
foar ’t flamjen fan it swurd,
sa as de Geast ferskynt
foar ’t hifkjen fan syn wurd;
de ezel sjocht it wol
en is fan ’t barren fol
fan geast, hoewol de stok
him rekket mei in flok.

10. Lêze
1 Samuël 13, 9-11
Saul sei: ‘Bring my it brânoffer en de tankoffers.’ Doe brocht hy it brânoffer. Amper hied er it brânoffer brocht, of sjedêr: Samuël kaam deroan. Saul gong him yn de mjitte om him te begroetsjen. Mar Samuël sei: ‘Wat hawwe jo dien?’

Image
John Singleton

11. Ferkundiging 2

Der komt yn it oarlochsferhaal oer kening Saul gjin hynder foar en dochs hat de skilder in hynder yn it leger werjûn. En hy hat gelyk, want it hynder is in teken fan Sauls ynstelling, nammentlik hoe sterker it leger (mei hynders) hoe grutter de kâns op in oerwinning. De Filistinen wiene manmachtich oer de grins kommen: 3000 weinen, 6000 ruters, dus ek safolle hynders en dan noch it fuotfolk as de sânkerrels fan it seestrân. Nim it dêr mar ris tsjinop mei dat iene hynder. Boppedat moast Saul wachtsje op Samuël, de profeet.
Wer in profeet en wer giet it om de seine, no net fan de profeet sels, mar fan de Alderheechste. Samuël sil it brân- en tankoffer bringe: ‘Ivige, jo komt de tank ta, jou jo folk de seine, want gjin macht op ierde hâldt jo plan mei dit folk tsjin.’
Sân dagen geane foarby en elke dei wurdt it leger fan kening Saul lytser: syn soldaten binne deabenaud foar de 6000 fijannige hynders en desertearje. It flitst troch Saul hinne: wêrom soe in kening gjin offer bringe kinne? Foar de Ivige in keningsoffer en foar de kening de Godsseine.
Kening Saul, bist fergetten dat sels de heidenske kening Balak op de profeet wachte?
Bist fergetten dat rjochter Gideon en syn binde fan 300 man, mei de seine fan de Ivige, it machtige leger fan de Midianiten fersloech?
Mar Saul hie wol wat oars oan de holle as Israels heilsskiednis. Hy socht it heil by himsels:
‘Bring my it brânoffer en de tankoffers.’ Doe brocht hy it brânoffer. Amper hied er it brânoffer brocht, of sjedêr: Samuël kaam deroan. Saul gong him yn de mjitte om him te begroetsjen. Mar Samuël sei: ‘Wat hawwe jo dien?’
En sjoch, de earm fan de profeet skeat út en yn plak fan de seine klonk de flok. It iennige hynder skrille op en stegere.

12. Sjonge
Liet fan de ezel: 4 en 5

Sjoch kening Saul yn noed
oer hoe’t de tiid ferrint,
’t komt mei de striid net goed,
wa’t hynders hat, dy wint.
Wêr bliuwt de godsprofeet?
It leger is yn need,
wurdt net in offer brocht,
is ’t fjochtsjen om ‘e nocht.

Dat Saul hat gjin geduld
en brânt him oan it fjoer,
de jiske, griis fan skuld,
bliuwt foar de kening oer.
Komt einlings Samuel,
dan is syn útspraak fel:
‘Gjin ear foar God de Hear,
dan bist as kening klear.’

13. Lêze
Markus 11: 1-11

Image
Pieter Coecke van Aelst

14. Ferkundiging 3

De wei nei de ezelsfôle ta is langer as de wei fan Jezus op ‘e ezelsfôle troch Jeruzalem, teminsten yn wurden. Markus besteget oan de earste wei sân fersen en oan de twadde wei mar fjouwer.
De earste wei liket de lange wei fan Bileäm wol, want de tarieding foar syn seine duorre ek lang. Of de wei fan Samuël nei it leger fan kening Saul, in wei fan sân dagen. Soe soks te krijen ha mei de seine dy’t net samar útsprutsen wurde kin, mar dy’t tiid nedich hat om syn wurk te dwaan?
Jezus riedt syn wei goed ta, want it sil derom spanne mei de seine.
Efkes krije wy by de opdracht dy’t Jezus syn twa learlingen jout, it byld fan in hynder foar eagen, want Hy hat it oer in fôle. Mar hoe soe de Fredesfoarst op in oarlochsdier ride kinne?
Jezus is kening Saul net en ek net de heidenske kening Balak. De lêste stjoerde boaden om in profeet yn syn oarlochstsjinst te nimmen, nammentlik de ferflokking fan Israel… as dat net oarloch is. Mar Jezus stjoert boaden om in ezelsfôle yn syn messiaanske fredestsjinst te nimmen. Bileäm huft mei de stôk op syn ezel om, Jezus lit de ezel diele yn de eare dy’t him brocht wurdt. It dier mei sels op mantels rinne en hoecht him oan gjin stien te stjitten.
It folk fan Jeruzalem sjocht de yntocht fan Jezus as in hichtepunt: ‘Heech te priizjen is Hy dy’t komt yn de namme fan de Hear, heech te priizjen is it keningskip fan David!’
It keningskip fan David wie ek in hichtepunt yn Israels skiednis. Dy kening dûnse yn de optocht foar de arke, de troan fan de Alderheechste. Kening Jezus rydt op in libbene troan Jeruzalem yn: ‘Hosanna!’
Hearre jim it? It folk ropt oer Jezus de seine út en net oarsom. Jezus swijt yn alle talen. De profeet swijt. De seine fan Bileäm klinkt net yn Jeruzalem, de flok fan Samuel ek net. Jezus swijt en lit de ezel rinne.
Hoe lang lit de seine fan Jezus noch op him wachtsje? De profeten komme oerein, Bileäm om op ‘en paad te gean foar de seine oan it folk Israel, Samuel om op wei te gean foar de flok oer Saul en syn hynder. Mar Jezus stiet op út ‘e deadlike machten fan de wrâld om syn seine te jaan oan dyselde wrâld, ek oan de gemeente fan Terkaple. Noch in wike en wy betinke syn opstanning as seine.

15. Sjonge
Liet fan de ezel: 6 en 7

Sjoch hoe’t Hy komt te foet,
de man fan Nazaret,
foar earmen stiet Er noed,
de riken mijt Er net.
De poarte noeget al,
Jeruzalem rint fol,
in stêd dy’t Pesach fiert,
in feest fan folk dat giet.

Sa moat Hy ek op wei,
de Man dy’t minsken rêdt,
de ezel rydt Er mei
it paad op nei de stêd.
It folk leit kleden del,
‘Hosanna’ is de yell,
Hy swijt en harket oan,
de toan feroaret moarn.

16. Ferkundiging 4

Gemeente fan Terkaple
Wurde wy as kristenen tsjintwurdich yn de sekuliere wrâld net as domme ezels beskôge?
Minsken dy’t noch leauwe yn in man dy’t twatûzen jier lyn op in ezel ried, de iene dei him útroppe liet ta kening en in pear dagen letter as misdiediger oan it krús hong.
De wrâld fan macht en jild soe ús it leafst yn de hoeke sette mei in boerd om de nekke dêr’t in ezel op ôfbylde stiet.
Yn guon lannen wurde kristenen ûnderdrukt en ôfseame lykas de ezel fan Bileäm.

Lit ús op dizze Palmsnein, eins it hiele jier troch, mar ezels wêze.
De wurden wurde ús, lykas dat barde mei de ezel fan Bileäm, troch de Geast yn de mûle jûn.
Us fuotten wurde, lykas dat barde mei de ezel dêr’t Jezus op ried, stjoerd troch de messiaanske leie.
It bysûndere is dat, as wy de Messias yn ús libben drage, syn boadskip útdrage, dat Hy ús troch it libben draacht oant de ein ta. Hy lit ús út de deadlike machten fan de wrâld opstean.
Dat is de ultime seine. It is de muoite wurdich om ezel te wêzen.
Amen

Image

17. Oargelspul

18. Sjonge
Liet 120: 1, 3 en 4

19. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

20. Sjonge
In spyltúch bin ik yn Gods hân: 1, 2, 3, 4, 5 en 6

21. Seine

Wy geane nei hûs as minsken
dy’t troch de wrâld rinne meie
as dragers fan it Wurd.

Mei de seine fan God de Heit mei ús wêze,
mei Jezus de Soan ús troch it libben drage
en mei de Geast ús it Wurd yn de mûle lizze.
Amen.

admin

Liet fan it paadwizen

Religy
PDF Print E-mail
Wize: Liet 124 út it Lieteboek foar de tsjerken

It paad rint nei de berte
it hiele libben troch,
do silst dyn  namme sette
op ’t boerd dat wiist nei Him.

Dan klinkt as út ‘e fierte
it koar fan Betlehem:
‘Elk moat de berte witte
fan Him dy’t weiwiist, sjoch!’

Profeten hawwe tsjûge,
’t betearde ûngelyk,
ek Jeremia noege
oer wegen nei it Ryk.

Image
Rembrandt

Mar ’t folk keas eigen paden
nei goaden sûnder doer,
it waard mei ’t lot beladen
fan balling, ’t sânpaad oer.

It folk yn frjemde streken
hie gjin fertrouwen mear,
in balling sûnder teken,
it Godsfolk sûnder Hear.

Jesaja hat doe tsjûge
fan treast yn it bestean,
it wie God sels dy’t noege
om op ‘en paad te gean.

Jeruzalemmers sochten
in antwurd op har fraach:
‘Wa binne jo? Wy tochten…
út ús profetelaach.’

Image
Andrea del Sarto

Jehannes liet him kenne
as wizer fan it paad:
‘Hy komt foar it ferlerne,
ik stean by Him yn ’t skaad.’

Wy libje folle letter,
mar hjoed klinkt wer dy fraach:
‘Wa bist? Witsto it better
of bist as balling traach?’

Lit daagje dan it easten,
wurd wizer fan it paad
nei Him dy’t waard de earste
dy’t skaaide nei Gods aard.

Sjoch ek: Religy Paadwizerstsjinst

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum