Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst fan ryk en earm

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 14 oktober 2012 yn Drylts

1. Tarissing

Wy binne fan ‘e moarn by elkoar
yn de tsjinst fan ryk en earm
om fruchten te iten fan de libbensbeam
dêr’t wy geastlik riker fan wurde.Dy libbensbeam is plante
troch de Skepper fan himel en ierde,
dy’t wy freegje om bystân
yn dizze tsjinst en yn ús hiele libben.
AmenImage

2. Sjonge
Liet 21: 1 en 2

3. Gebed

God, ús Heit, tankewol foar de ierde,
dy’t Jo skepen ha en dêr’t wy op wenje meie.
Wy ferwûnderje ús oer de pracht yn de natuer
yn alle tiden fan it jier, ek yn dizze hjerst
mei syn waarme kleuren oan de beammen,
dy’t in protte wei ha fan de libbensbeam.

Tankewol foar de libbensbeam,
dy’t Jo yn it paradys plante ha
en dêr’t de earste minsken de fruchten
fan plôkje mochten om folút te libjen.

Iepenje ús de eagen foar de libbensbeammen
fan hjoed de dei:
de berte fan in bern,
de leafde tusken twa minsken,
de leafde fan heit en mem foar harren bern
of fan pake en beppe foar harren bernsbern,
de goede soargenfan de iene minske foar de oare
en noch safolle mear libbensbeammen.
Mei it minskdom de fruchten dêrfan plôkje
om geastlik riker te wurden.

Wês mei elkenien dy’t earm driget te wurden
troch de ekonomyske krisis fan hjoed de dei.

Wês ek mei elkenien dy’t geastlik earm
driget te wurden troch in libbenskrisis.

Iepenje ús de earen foar de rykdom fan it Wurd
yn it boek Deuteronomium en it boek Markus,
opdat ús geast folstreamt en wy dizze rykdom
yn ús dwaan en litten ek trochjouwe oan oaren.
Amen

Image
Rembrandt

4. Sjonge
Liet 21: 3

5. Ynlieding

It koe wolris in spannende tsjinst wurde. Mar wat is dêr mis mei? Dêrfoar binne wy ommers gemeente fan Jezus Kristus: de spanning ûnderfine tusken paradys en werklikheid.

Wolno, dan daliks mar de spanning oproppe: de grutte winner fan de ferkiezings hat him yn it ferline ris oer earmoede útlitten: der soe gjin earmoede yn Nederlân wêze. De takomstige premier hat gelyk as er Nederlân ferliket mei bygelyks lannen yn de wrâld dêr’t in grut part fan de befolking libje moat fan 1 dollar per dei en dus honger hat. Mar hy hat ûngelyk as wy it ynkommen fan in bystânsmem ferlykje mei syn eigen ynkommen. En lit ús earlik wêze, dat stiet yn gjin ferhâlding, teminsten as wy it yn ferhâlding besjogge mei it bibelske boadskip.
Wy sille dêr aansen yn Deuteronomium oer lêze.

Wa hat yn dizze tiid gjin langstme nei it paradys, dêr’t de fruchten oan de libbensbeam foar it gripen hingje? En dan bedoel ik net de frucht dy’t Eva fan dy oare beam plôke, de beam fan de kennis fan goed en kwea. As it allinnich in beam fan de kennis fan it goede west hie, dan hie se mei in gerêst hert Adam fan de frucht priuwe litte kind. Mar dy ferflokte kennis fan it kweade is in frucht dy’t tsjintwurdich op ‘e wrâldwide merk der super útsjocht. Wy libje yn de  spanning tusken goed en kwea yn dizze krisistiid.

Wy libje yn de werklikheid fan de krisis, net inkeld in finansjele en ekonomyske krisis, mar ek in godstsjinstige en in morele.
De measte minsken yn Nederlân hawwe gjin boadskip mear oan de tsjerken en de tsjerken gjin boadskip mear oan de minsken. Teminsten as it tsjerklike lûd inkeld binnen de tsjerkemuorren bliuwt en gjin profetyske rop troch dy muorren hinne brekt. Mei ien fraach gearfette: binne der noch profeten?

En de morele krisis dan? Foarbylden by de fleet, mar ik neam yn ferbân mei it ûnderwerp fan dizze tsjinst wer de spanning tusken ryk en earm. Hoe is it te rymjen dat de riken yn dit lân mar 12% fan har ynkommen oan soarchpreemje betelje, wylst fan de alderleechste ynkommens 18% ynholden wurdt. Wiswier, in morele krisis!
Wy sille aansen yn Markus lêze hoe dreech it foar riken is om te foldwaan oan de profetyske oprop.

Image
Rembrandt

6. Sjonge
Liet 21: 5

7. Lêze
Deuteronomium 15, 1-11

8. Sjonge
Liet 350: 1 en 2

9. Ferkundiging 1

Ast oan de grins fan dyn libben komst, hast ferlet om werom te sjen. Wat ha ik derfan makke? Wat wie goed en wat kwea? Ha ik de libbensreis ôflein neffens de oanwiisde rûte om yn it lân fan belofte te kommen?

Yn it boek Deuteronomium, dêr’t wy in tal ferzen fan lêzen ha, docht Mozes itselde. It folk is sawat by it beloofde lân oankommen en foar de grinsrivier, de Jordaan, sjocht Mozes werom op ‘e rûte fan de Sinaï nei de Jordaan. Op ‘e berch Sinaï hat er fan Jahweh de oanwizings, de Wet, krigen om de libbensrûte ôf te lizzen mei it each op Jahweh en de neiste. Leafde foar Jahweh en de neiste is de goede frucht, noch sterker, de alderbêste frucht. En krekt dêr leit de profetyske lieder yn syn rede oan it folk de klam op: ‘Sjoch, oan diskant fan de Jordaan stiet de beam fan de kennis fan goed en kwea. Ik sil de goede fruchten foar jim plôkje en rik jim dy ta. Nee, wês mar net benaud dat it jim fergean sil as Adam en Eva, want dy waarden út it paradys ferballe doe’t se fan de ferbeane frucht ieten. Jahweh hat op ‘e Sinaï en hjir by de Jordaan sels de beam fan de kennis fan goed en kwea plante, want dy beam moatte jim weet fan ha. Dêrom harkje…’
En doe gie Mozes yn 25 haadstikken de hiele wetjouwing nochris nei. Hy plôke by wize fan sprekken withoefolle goede fruchten en rikte dy it folk ta. Ien fan dy fruchten hawwe wy al weet fan, de frucht fan it sabbatsjier.

Sabbatsjier, wat in prachtige frucht, skyl en fruchtfleis! It wurd is de glimmende skyl: sabbatsjier. Sabbat, de sânde dei, de dei dat God útrêste fan it skeppen. Sabbatsjier, it sânde jier, rêstjouwend foar de earmen.

Image
J.F. Millet

Dan no it fruchtfleis of de ynhâld fan it sabbatsjier. Wat hold dat jier krekt yn? Mozes is in profetyske lieder. In profeet sjocht foarút, hy kriget al bylden fan de spanning tusken paradys en werklikheid. Yn it paradys binne gjin earmen en riken, mar de werklikheid is oars, sels oan de oare kant fan de Jordaan, yn it beloofde lân. Dêrom komt nei seis wurkdagen mei it swit op ‘e foarholle de sabbat, de rêstdei.  En dêrom folget op seis jierren fan ryk en earm it sabbatsjier, de finansjele rêst foar de earme en dêrmei ek de rêst yn it libben. Want skulden jeie de minske op.
Mozes krige de hurde werklikheid fan ryk en earm yn it beloofde lân al foar eagen. Prachtich dat de rike de earme holp troch út te lienen. Mar de skuld drukte wol op ‘e earme, want eins moast er yn seis jier it liende jild werom betelje. Koed er dat troch omstannichheden net, dan ljochte it sabbatsjier op, it jier dat de skuld frijskolden waard, wat rêst joech en in nij perspektyf op it libben.
En de rike dan? Skeat dy der dan net by yn? Wis net, want foar him wie it ek sabbatsjier.
Wa’t mei in waarm hert en in iepen hân skonk, soe rêst yn it hert fiele en mocht de hannen iepen hâlde foar de seine fan Jahweh.
En sjoch no ris hoe’t yn sa’n sabbatsjier allegearre libbensbeammen yn it beloofde lân opriisden. It beloofde lân as paradys!

10. Sjonge
Liet 350: 3 en 4

11. Lêze
Markus 10, 17-31

12. Sjonge
Liet 482: 1, 2, 3, 4, 5 en 8

13. Ferkundiging 2

Hie de kamiel no mar gjin bulten op ‘e rêch hân, dan hied er troch it each fan in nuddel kind. Nee, net de nuddel dêrst mei naaist, want dêr kin sels gjin mich troch. It each fan de nuddel wie in lyts poartsje nêst de grutte poarte. As de haadpoarte ticht wie, koe der altyd noch in lette reizger troch it each fan de nuddel. Mar in kamiel? De bulten soene it bist keare.

De rike man liket yn panyk te wêzen, want hy hat de gong deryn as er op Jezus takomt. Hy falt ek noch op ‘e knibbels. Drave en knibbelje, dan moat der wol wat te rêden wêze… letterlik te rêden. Fielt er dat der wat mankearret oan syn ierdsk libben? Mar op it ierdske libben hat er it each net, want hy freget: ‘Wat moat ik dwaan om it ivige libben te krijen?’
It antwurd fan Jezus grypt werom op de oanwizings dy’t Mozes joech om de libbensrûte ôf te lizzen mei it each op Jahweh en de neiste. No, dy rûte ken de man en dy folget er sekuer. Hoewol’t Jezus sympaty foar him hat, kriget er foar syn geasteseach in nuveraardich byld: de goede man hat twa bulten as fan in kamiel. Dêr draacht er syn hiele besit yn mei. Mei holle en hert is er by syn besittings en jild.

Image
Rembrandt

As Jezus útstelt om fan dy bulten ôf te kommen en Him te folgjen, fynt de man dat in te swiere operaasje. Besittings en jild sitte him muorrefêst op ‘e rêch. As it giet om de kar tusken de bulten of troch it each fan de nuddel, kiest de goede man foar it earste. De wei fan Jezus, it paad troch it each fan de nuddel, is him te riskant.

De dissipelen steane der mei iepen mûle by, sa ferheard binne sy. As dat poartsje nei it Godsryk sa lyts is, wa komt dan noch yn de stêd, it himelske Jeruzalem? Want wa hat gjin bulten op ‘e rêch? Elk minske sleept ommers syn ferline mei? Sels sysels, as learlingen fan Jezus: tinzen oan en gefoelens oer famylje, de fiskerij, jild.
Mar Petrus, as hoantsje de earste, slacht him op it boarst en de rêch: ‘Sjoch, wy hawwe ús oeral los fan makke en binne jo folge!’
Nee, Petrus hat gjin bulten, mient er.

It antwurd fan Jezus slacht deryn en de bulten dy’t noch op ‘e rêch sitte, slacht Hy derôf: ‘Elkenien dy’t om My en it evangeelje alles opjout, krijt it hûndert kear werom.’
Nee, net yn earste ynstânsje yn it himelske Jeruzalem, as ivich libben, mar op ierde, want wa’t sûnder bulten Jezus syn libbensrûte folget, komt út by de libbensbeam yn it paradys. Mar mien net dat dy rûte maklik is, want de wei giet soms troch it each fan de nuddel… wikkerdewik.

14. Sjonge
Liet fan ryk en Keninkryk: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerken

Image
Rembrandt

Wansillich is de wrâld
as jild de oerhân hat,
want Mammon makket kâld,
de kimen wurde swart;
de nacht falt oer it lân
en tsjuster wurdt de wei,
de macht balt moard en brân
en bringt de krisis mei.

Gelokkich wie er net,
de man fan ryk komôf,
fan neat hie hy ferlet,
bleau oan syn libben trou,
mar dochs wie hy net wis
fan hoe’t it fierder gie,
’t gefoel fan grut gemis
dreau him nei goede rie.

Hy kaam by Jezus oan
en foel op knibbels del,
beskôge him as soan
fan ’t âlde Israel:
‘Wat moat ik, Master, dwaan
foar ’t ivige bestean?
Wol my it antwurd jaan,
jo goedens jildt as lean.’

‘Ik sjoch,’ sei Jezus doe,
‘gelokkich bisto net,
as Ik dy wêze soe,
hold Ik my oan de wet,
dus doch gjinien tekoart
en earje heit en mem,
as dat yn ’t libben bart,
komst yn Jeruzalem.’

‘Gelokkich doch ik dat,’
sa sei de rike man,
‘as jonge liet ik, wat
de wet docht yn de ban.’
‘Ien ding,’ woe Jezus ha,
‘ûntbrekt oan dyn bestean,
do moatst op weijaan ta
en dêrnei mei My gean.’

De rike wie ferslein
en gong mismoedich fuort,
’t besit siet yn syn brein,
it hert wie bûn oan ’t guod;
’t is foar in rike dreech
om yn it Ryk te gean,
de nuddel is te leech,
sa bliuwt er bûten stean.

15. Ferkundiging 3

Myn skoanmem woe earst gjin rollator ha, want sa sei se, de âlderein dy’t dêrachter rint, kriget in bult as in kamiel. Se bedoelde dêrmei de hâlding dy’t it lichem, al rinnende achter de rollator, oannimme kin. Mar yn it ferhaal oer de rike man giet it om de geastlike hâlding, de bulten dy’t men kriget troch fêst te hâlden. Fêsthâlde oan jild, oan besittings as it eigen hûs, in lúkse kruser; fêsthâlde oan soargen dy’t men hat, dêr altyd mar mei sitte, dy net loslitte kinne.
Elk fan ús tôget wol sokke bulten op ‘e rêch mei.
Mar mei men dan gjin besittings ha? Wis wol.
Mei men net yn noed sitte oer de sykte dy’t taslein hat of oer bern dy’t it dreech ha? Wis wol.
Mar it giet der yn it libben om datst ek loslitte kinst, datst net beseten bist fan jild en besit,
datst dyn soargen yn ferhâlding sjochst mei wat allegearre noch wol de muoite wurdich is.
Dy bulten moatte wy fan ús ôfskodzje, sa wol Jezus ha, want dan kinne wy yn it libben oeral
trochhinne, sels troch it each fan de nuddel, achter Him oan.
Dan geane ús hert en hannen iepen foar de neiste. Dêr hoege wy net seis jier op te wachtsjen, want yn de neifolging fan Jezus is it alle jierren sabbatsjier.
Dan hâldt it geëamel oer Grikelân, Spanje en Italië ek op, want oeral op ‘e wrâld wenje ús bruorren en susters. Mar wy hoege dochs net de gekke Henkies en Ingrids fan de wrâld te wurden? Us jild yn de súdlike putten sûnder boaiem te smiten? Wis net, de gekke Alexanders en Theodora’s yn de súdlike lannen moatte de wierheid te hearren krije. Deselde wierheid dy’t Jezus de rike man witte liet, in wierheid dy’t noch altyd wrâldwiid ferkûndige wurdt: ‘Folgje My.’ Want wa’t Jezus folget, soarget derfoar dat er gjin skuldspoar achterlit, mar fuotstappen dy’t útnoegje om de skuon yn te setten. Sa komme der hieltyd mear folgers, pylgers nei it beloofde lân, it lân fol mei libbensbeammen.
Amen

16. Oargelspul

17. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, 8 en 9
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.

Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.

Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.

18. Seine

As wy yn dizze tsjinst
de fruchten  fan de libbensbeam preaun ha,
dan kin it net oars of wy geane riker nei hûs.

Dêrby komt ek nochris
de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus de Soan
en de bemoediging fan de HilligeGeast.

19. Sjonge
Liet 456: 3

Image

admin

Liet fan Micha

Religy
PDF Print E-mail
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

Image
Romaanske keunst

Jeruzalem, de stêd fan rjocht
yn wurd, mar mear yn died,
ik profetearje fan it ljocht
en wat de takomst biedt:
de flakte giet de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

Egypte, Moab, Libanon,
hear nei it Wurd fan God,
de hege berch wurdt ta syn troan,
der komt in kear yn ’t lot:
kom, gean mei ús de hichte yn
en bliuw net ûnder stean,
de dowen sweve op ‘e wyn
mei fredesfreon de earn.

Fan Sion gean de Wurden út
op Mozes’ stiennen skreaun,
de frede ken gjin oarlochsbút,
de fijân wurdt ta freon:
in ploech wurdt út ‘e swurden smeid,
de sichte út ‘e spear,
gjin mins dy’t noch de deastek krijt,
der is gjin oarloch mear.

De Jouwer, Sleat en Wolvegea,
sjong mei it libbensliet:
genietsje fan it deistich brea,
de wyn dy’t freugde biedt,
dan giesto mei de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

Image
Frânske skoalle

Sjoch ek: Religy Dreamtsjinst

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum